Bonte Witteveen

0
1531

IEMSWÂLDE – De lytse mienskip fan boeren en inkelde boargers oan de reed fan Tsjerkwert nei Iemswâlde hat sneon-to-joun mei in resepsje   ôfskie nonimen fan har molkrider Bonte Witteveen. It molkriden is foarby, no’t de boeren oan de reed  allegear yn  de tank melke.

De hear Wittveen hat 28 jier lang de molke fan Iemswâlde helle.Earst foar de KNM yn Boalsert en letter foar Hollandia. Yn it begjin hie Witteveen in skou mei in sprietseil en fansels in jaachline. Mei’t  der in oanhingmotor oan de skou kaem, gyng it al wat moderner. Om de molke fan de boeren nei de skou to bringen, hie er al een motoriseard weintsje, in ridende houn. Yn it lêstoan gong alles mei in trekker.

De opfeart fan Iemswâlde siet doe allang ticht. Witteveen, hat simmerdeis de folle skou wol troch de dridze fan de opfeart skuorre moatten. Witteveen bleau der altiten like evenredich ûnder. De roomske molkrider mei syn noflike humor jage altiten de wyn wat troch de kalvinistyske dregens fan Iemswâlde.  De  lopen dy’t  er  makke mei de skou, en de kij, dy’t wakker oerémis wiene fan it sprietseil, waarden opikkere op de resepsje, dy’t hâlden waard yn de pleats fan Sjoerd B. Buwalda.

Witteveen  wie  sneon-to-joun wer gewoan oan syn molkrit bigoun, mar doe’t er by de earste boer kaem, wie er alle pleatsen mei de flage healstok al bylâns kommen. In oare molkrider fan Hollandia naem it wurk lan him oer. Witteveen moast yn overal de resepsje bilibje: hy hie neat yn `e rekken han fan wat der te barren stie. Der wiene ek  allegearre presintsjes. De  pottebakker Van der Berg, dy’t yn ien fan de arbeidershûskes wennet op Iemswâlde, hie in boerd makke fan de molkfarderij en -riderij. De boeren sels beane him   in tûke amateurfotograaf, in fototastel oan dêr’t de earste film al healfol lan wie, want alle sawn pleatsen fan de reed mei de flage healstok stilene der op. It spiet elk, dat de man, dy’t wat lan it blide roomske libben op Iemswâlde brocht, tonei net mear komme sil. De lêste mop út Boalsert sil no net sa gau mear om lake wurde kinne op Iemswâlde. Foar mefrou Nelly Witteveen-Bekema  wiene der blommen.

Net mear nei Iemswâlde LC 13-4-1976

LAAT EEN REACTIE ACHTER