De famyljepartij 2-9-2018

0
1836

Nei in lytse 2 moanne rêst stie de 2 jierlikse stammenstriid wer op it programma. It waar koe net better en it fjild hie syn griene kleur ek wer werom. In moaie list fan 17 partoeren. De famylje De jong, Postma en Walsma kamen sels mei 2 partoeren op it fjild.

Yn de earste omloop wiene der spannende en minder spannende partijen. Foaral de party tusken de Fam. Zijsling (Djurre, Femke en Wieger Boonstra) tsjin de Fam. De jong 2 (Janita, Folkert Vellinga en Sjoukje Stuiver) dêr gie it omwei. By 5-5 (6-6) sloeg Sjoukje best út. Djurre syn skoanheit woe mei in enoarme snoekdoek as koprol, de beste man wie efkes syn `leeftiid` ferjitten, de bal kearre. Dit slagge mar dat moast hy spittergenôch mei in blessuere bekeapje. Djurre en Femke koene de keats net foarby slaan, dat de winst gie nei de Fam. De jong 2.

Djurre en Femke ha neef Jan Witteveen sjartere en ha mei him fierder keatst. Yn´e 4´e omloop binne se fêstrûnt tsjin de Fam. Huitema 1-5 (4-6). Thomas Huitema stie mei syn omke en pake op it fjild, trije generaasjes. Prachtich! De 1´e omloop ha se ferlern fan de Fam. Folkertsma. Wessel hie syn tante, âld haadklasse keatster, Gejanne Dijkstra en omke Jan Dijkstra yn stelling brocht.

Nei de fry ienfâldige winst tsjin de Fam. Postma 2 (Jacobien, Sjoerd Brandsma en Jacob Breeuwsma) 5-1(6-2), Fam. De jong 1 (Michiel, Wieberen en Sjirk Vellinga)5-1(6-2) kaam de Fam. Huitema yn´e finale fan de ferliezersronde tsjin de Fam. Terpstra (Rowanne, Meinte en Peter).

De Fam. Terpstra moast yn´e 1´e omloop belies jaan tsjin de Fam. Bakker (Rein, Klaas en Jelmer Stremler) 3-5 (4-6). Mar hjirnei kamen se nei winst op fam. Postma 1 (Harmen, Okke Jan en Jan) 5-3(6-6), Fam. De boer (Pytsje, Leny en Tabe Kramer)5-1 (6-6) yn´e finale.

De finale fan de ferliezersronde wie in moaie en in spannende striid. De famylje Terpstra wist de finale mei 5-5(6-2) te winnen.

Yn´e finale fan de winnaarsronde stiene de Fam. Gietema (Age, Albert Reinsma en Jenkelien Brander) tsjinoer Fam. Walsma 2 (Auke, Ids en Kees Bekema). Fam. Gietema kaam  nei winst op Fam. Bouma (Hinke, Sjoerd en Eline Hansma) 5-3(6-4), Fam.Witteveen (Seakle, Seakle en Agatha) 5-2(6-4),  Fam. Galama(Anne, Anno en Ysbrand) 5-1(6-2) yn´e finale.

Fam. Walsma 2 kaam mei in oerwinnning op Fam. De jong 1 5-2(6-2), Fam. Folkertsma 5-3 (6-0) en Fam. De jong 2 5-0(6-4) yn´e finale. De famylje Gietema, al jierren it te ferslanen partoer, koe it tsjin Walsma 2 dit jier net oprêde.Op 5-2 (6-6) makke Ids it mei in moaie boppeslach út. Foar it earst mei de Fam. Walsma de wikselbeker mei nei hús nimme.

Dit jier wie Age Gietema út Dedzjum de sponsor fan de famyljeparty. Elke keatser dy´t mei die krige ek noch in moai oantinken. Wy wolle Age Gietema dan ek tige betanke foar it beskikber stellen fan de priizen.

K.F. De Twa Doarpen

LAAT EEN REACTIE ACHTER