Fan Sedlingi nei Tsjerkwert

0
1027
sedlingi 1

Deel 1 – Sedlingi ferdwûn, yn stee dêrfan kaam Tsjerkwert
Bron: Leeuwarder Courant
Datum: 10-4-1992
Geschreven door: Kerst Huisman

IT WEROMFINEN FAN in fan de kaart rekke plak is somtiden gans in puzzel, lykas wy yn dizze seary al faker sjoen hawwe. SeIs as de namme fan it doarp noch bewarre bleaun is yn in oantsjutting fan in wei of in fjild, is der meas­tentiids noch ferlet fan hiel wat ûndersyk. Dat docht byge­lyks ek wer bliken by it opspoaren fan it Fryske doarpke Sedlingi, dat neamd wurdt yn in oarkonde fan 1137 jier lyn.

Op 7 novimber fan it jier 855 kamen inkelde minsken byinoar yn it doarpke Hlara yn de goa Fle­thetti, dat wol sizze: yn it tsjint­wurdige Laren yn it Goai. Op 10 novimber troffen deselde mins­ken elkoar wer yn Hlegilo yn Batua. Batua is de Betuwe en Hle­gilo is in doarpke dat net mear te finen is. Dat is dus ek fan de kaart rekke.

De wichtichste man fan it sel­skip is in Folckerus. Hy is kristen, en hy sit der tige oer yn noed wat der mei him barre sil as er stjert. Hy wol dêrom yn it kleaster fan Werden gean (dat wie in beate jeu earder stifte troch Liudger) en syn grûnbesit oan dat  Kleaster skinke. Dêrom har er  in groepke tsûgen by elkaar komme litten. Hja moatte it stik dêr’t hy dy skin­king yn fêstleit ek tekenje, alteast derby wêze as harren namme derûnder skreaun wurdt.

Grûnbesit
Dy Folckerus moat in wichtich man west hawwe, want hy bie nochal wat grûnbesit, yn Hama­lân en de Betuwe (yn it tsjintwur­dige Gelderlân) en yn Fryslân, sawol yn Westerlauwersk Frys­lân as yn Grinslân.De plakken dêr’t dy grûn lei, wurde ek neamd. Sa hie Folckerus lân yn de plakken Sceddanwurthi (Sket­tens), Colwidum (Koudum), Aspanmora (Eksmoarre), Monice­sloe (Muontsebuorren ûnder Hie­slum), Keddingrip (ûnbekend), Haslum (Hieslum), Deddingiwer­be (Dedzjum), Imiswalde (lems­wâlde) en Sedlingi.

Dy plakken lizze allegearre tichteby Boalsert. It hat dus alle eigenskip, dat wy Keddingrip en Sedlingi ek dêr sykje moatte. Keddingrip is oant no ta net weromfûn. Der is wol tocht aan Abbegeasterketting en (troch Oldenhof en Ydema) ek aan Turns. Keddingryp soe yn dat gefal Teddingryp west hawwe moatte. Faaks smyt ûndersyk nei it âldste grûnbesit yn dizze kon­treien yn de kommende jierren nochris resultaten op.

sedlingi 1
Sedlingi

Sedlingi is wat in oar gefal. It is in namme op -ingi, en sokke nam­men binne yn lt gebiet tusken Kallanseach yn Noard-Hollân en de Wezer allegearre feroare yn nammen op -eng of -ns. Sedlingi maat neffens dy regel ta Sedde­lens of Siddelens wûrden wêze, en dat soe dan wer ôfswakke wêze moatte ta Sens of Sins.

Mar
No leit der yn dy hoeke in  yn 1633 bedike en droechmealde mar, dêr’t dat wurd yn sit: de Sinsmar, yn de trijehoek Blauhûs – Greonterp – Dedzjum. De foarm fan dy mar, dy’t neffens de oerlevering ryk aan fisk wie, is yn it lânskip fan hjoeddedei net mear krekt werom te finen. Mar dat kin wol op de by de Stiboka yn J Wageningen utjûne boàiemkaart. ! De foarm fan de mar, dy’t op it kaartsje by dit artikel oanjûn stiet, is aan dy boaiemkaart ûnt­liend.

Mar wêr lei no dat Sedlingi? Yn de Sinsmar seIs kin hast net, want dêr binne gjin spoaren fan in âld doarp yn de polder fûn. Dan moat Sedlingi in noch besteande del­setting wêze. En om noch krekter te wêzen: in delsetting deun tsjin de mar oan.

Blauhus is it yn elts gefal net. Dat doarp hat syn namme krigen fan it blauwe dak fan it pol­derhûs, dat hljir koart nei de bediking van de Sinsmar boud wie en dêr t him yn 1651 in roomske preester te wenjen sette. Blauhûs Is om dat gebou hinne oanwoech sen. It is dêrom te jong om lyksteld warde te kinnen mei dat âlde Sedlingi.

Dan bliuwe der noch trije kandidaten oer: Greonterp, Dedzjum en Tsjerkwert. Greonterp leit it tichtste by de alde mar (hast der tsjinoan), mar it is in lyts doarpke. Boppedat docht de namme op terp ek frij jong oan. It is in nammetype dat produktyf wurdt yn de lette midsieuwen. Ek Greonterp leit dus net sa foar de hân.

Dedzjum falt ek ôf, omdat it al mei syn eigen namme yn de skin­kingslist fan Folckerus neamd wurdt. Dan bliuwt allinnich Tsjerkwert oer. Aswysjogge nei it twadde part fan de namme, wert, dan past Tsjerkwert hiel gaadlik yn de tiid, dat Sedlingi neamd wurdt. De wert-nammen binne wol sa âld, dat in âlde da­tearring fan Tsjerkwert net utsletten wurde hoecht.

Mar wy sitte mei it earste part: Tsjerk. Dat earste part betsjut sûnder twivel: tsjerke. Tsjerk­wert wie dus de wert, de terp, dêr’t de tsjerke fan it gea stie. Mar it earste part fan de namme is dudlik te jong om ut de njoggende ieu datearje te kinnen. Wy moatte dêrom oannimme, dat Tsjerkwert oarspronklik oars hjitten hat. De ûndersiker Jan de Cock hat in jier of acht lyn op dizze mooglikheid wiisd. Hy wol hawwe, dat Sedlin­gi-Sins de âldere  namme fan Tsjerkwert west hat. Sjocht men it op de kaart nei, dan leit Tsjerk­wert-Sedlingi ek frij kreas yn in rigele âlde nammen, dy’t foar in part yn de skinking fan 855 neamd binne. Fan sud nie noard binne dat: Muontsebuorren, Hie­slum, Dedzjum, Arkum, Tsjerk­wert, Iemswâld. Fan dizze delsettings binne allinnich Tsjerkwert, Dedzjum en Hieslum hjoeddedei noch selsstannich doarp. Tsjerk­wert hat it grutste grûngebiet.It leit nei it sudeasten kreas oan de Sinsmar ta.

It sil mooglik wol nea krekt dudlik wurde. De meast oannim­like mpoglikheid sil wêze, dat de krite besteande ut Tsjerkwert, Jonkershuzen  en Sinserhûs ear­tiids Sedlingi hjitten hat. Doe’t der in tsjerke yn de mienskip kaam, waard dy op it plak fan Tsjerkwert boud, dat mooglik doe it gaadlikst lei yn ferbän mei it ferkear. It plak om de tsjerke krige dêrmei in nije namme: de wert dêr’t de tsjerke stiet. De âlde nàmme fan it doarp waard ferget­ten.

KERST HUISMAN

 

Deel 2 – Sedlingi
Bron: Leeuwarder Courant
Datum: 24-1-2006
Geschreven door:  Leeuwarder Courant

De archeologische opgraving in de terp van Bons heeft weer eens de aandacht gevestigd op het historisch gezien interessant gebied van de Hemmen ten zuiden van de lijn Sneek-Bolsward. Bij de schenkingen aan Duitse kloosters uit dit gebied gaat het om nogal belangrijke landgoederen, in het bezit van vooraanstaande personen met veel macht.

Spannende tijden
Het Friesland van het begin van de negende eeuw moet spannende tijden hebben beleefd. De Franken hadden nog maar net na het neerslaan van het laatste Friese verzet in de gebieden tussen Lauwers en Wezer met harde hand hun gezag gevestigd, of de invallen van de Noormannen vingen aan. Is het een wonder, dat velen na het verlies van de Friese onafhankelijkheid en het met geweld uitbannen van het heidense geloof van de voorvaders en -moeders, een houvast zochten in de nieuwe, onder protectie van de Frankische overweldiger gepreekte godsdienst?

Dat veel Friezen, vooral die met rijkdom en aanzien, het christendom als een nieuw begin hebben gezien, blijkt uit de lijsten met schenkingen van vaak omvangrijke landgoederen aan door de evangeliepredikers Bonifatius en Liudger gestichte kloosters in Fulda en Werden. Enkele van die aanzienlijken zijn voor dit verhaal van belang.

In de eerste plaats Imma, die in 845 zijn bezittingen in Aldgrepeshem, Kempingwerva en Westerburon aan Werden schenkt. De beide plaatsen die eerst komen zijn niet te vinden (ze hebben mogelijk in de omgeving van Stavoren gelegen), maar Westerburon moet haast wel identiek zijn met Westerburen hij Oostbem. (Waarschijnlijk) diezelfde Imma schenkt ook goederen aan het klooster van Fulda: in het dorp Steile in de gouw Westergo. Op grond hiervan wordt Stelle in het gebied tussen Sneek en Bolsward Gezocht

Folker
Maar nog veel belangrijker is een in de collectie archiefstukken van Werden bewaard gebleven schenkingsakte van november 855 van Folker. Die Folker moet een zeer machtig man zijn geweest, wanneer we nagaan waar hij volgens die akte allemaal bezittingen had: in de Betuwe, de Veluwe, Hamaland (een deel van Gelderland), in Kennemerland, in Westergo en in Humsterland (de streek rondom Ezinge). Speciaal  schenkingen in Westergo zijn voor ons doel interessant, vanwege de rij plaatsnamen, die wordt genoemd: In Sceddanuurthi, Coluuidum, Aspainmora, Monicesloe, Keddingrip, Hem, Haslum, Sedlingi, Deddingiuuerbe, Imiswalde en Midningi. Voor een deel zijn ze te lokaliseren: Schettens, Koudum, Exmorra; Monnikeburen, een onbekende plaats, het gecombineerde gebied van Westen, Abbega en Oosthem, Hieslum, een plaats in de omgeving van het Sensmeer hij Blauwhuis, Dedgum, Eemswoude en Mirns. aan Tjerkwerd. De Cock: ,;Indien de naam Tjerkwerd dezelfde is als Kerkwerd, zoals de oude vormen suggereren, dan is dit geen oude naam en is er veel voor te zeggen dat de oude naam van Tjerkwerd Sens is” De amateur~historicus Jan Post meende daarentegen dat Sedlingi gelijkgesteld moest worden aan Greonterp. Toch is Tjerkwerd de meest waarschijnlijke mogelijkheid. Namen op -terp zijn naar alle waarschijnlijkheid laatmiddeleeuws, terwijl een naam op -werd juist wel past in de Karolingische tijd.

Sedlingi (2)
Kaartje

Op de bij dit artikel afgedrukte kaart is getracht, een beeld te schetsen van de situatie in deze streek in de tiende eeuw. Daarbij is gebruik gemaakt van de gegevens van de geologische bodemkundige- en geomorfologische kaart van dit gebied. Met stippen en gesloten rondjes met een kruisje zijn de in die tijd waarschijnlijk bestaande plaatsen aangegeven. Sneek en Ijlst bestonden toen nog niet. Bons (Bottinge) lag toen niet vér van een belangrijke plaatselijke stroom, de Ee, die niet ver noordwaarts al uitkwam in het toenmalige geulensysteem van het binnenmeer, dat later bekend zou worden als Middelzee.

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelRytseterp 1
Volgend artikelVan Panhuyswei 1A