Fyftjin silhûetten ûntbleate

0
897

Fyftjin silhûetten mei de jiertallen fan alle Alvestêdetochten binne sneontemiddei ûntbleate yn Tsjerkwert. De ynwenners hawwe model stien foar it stielen keunstwurk. Se binne no ferivige op de helte fan de Alvestêderûte.

It wurk Fyftjin en Fierder bestiet út silhûetten fan stiel. Fan alle fyftjin Alvestêdetochten is der ien yn de styl fan it jier dat dy hâlden is. It fyftjinde silhûet is dat fan kening Willem-Alexander. De Tsjerkwerters hawwe harren eigen silhûet sneon ûntbleate.

Untwerper Pieter Jan Stallen fynt it in hichtepunt. “Na tweeëneenhalf jaar is het gelukt. De dorpelingen hebben zichzelf kunnen laten zien in de modellen die ze waren. We hebben de Elfstedentocht vijftien keer gereden. Ik heb ze voor elk jaar geprobeerd vorm te geven.”

Ek de takomst spilet in rol. Der is in plak frijhâlden foar in stielen silhûet fan de folgjende tocht. En op de brêge by it doarp stiet de ôfbylding fan in man mei in famke op syn skouders. Dat famke wiist yn de fierte en in tekstballon jout oan wat se tinkt.

De tekst dêrfoar is betocht troch Janna de Boer. Sy is útkeazen út de ynstjoerings fan skoalbern yn Súdwest-Fryslân.

Janna is der wiis mei: “Dat fyn ik wol hiel leuk. We moasten teksten meitsje op skoalle en dy opstjoere nei de webside. It famke freget har ôf oft de reedriders noch wol komme mei de Alvestêdetocht.”

Foto’s, filmke en tekst komme fan Omrop Fryslân / Ronnie Porte / Ans Witteveen

LAAT EEN REACTIE ACHTER