Hinke 25 jaar bij de E.H.B.O.

0
1572
ehbo 1 3 2013 hinke

Een gedicht voor Hinke Brandsma, 25 jaar bij de E.H.B.O in Tjerkwerd:

Yn september1987 koene se yn`e skieppesturt lêze,
de ehbo-feriening organiseart in nije oplieding, en dat sil 6 oktober wêze.
15 nammen op papier, hast net te leauwen, mar it wie echt wier.

Ien seach it nei in pear lessen net mear sitten,
en twa woenen 10 febr. 1988 gjin examen dwaen, lieten se witte.
Hinke Brandsma wie der wol bij, en hja is nou noch de iennichste fan dy rij.
Yn 1989 wa hja frege om de kas te controleren,
en Tine Miedema soe it har wol leare.

Ik bin de notullen efkes lâns gien, en se hat it meielkoar seis kear dien.
Yn 1990 wie der in nije reanimatie cursus yn Blauwhûs,
en Hinke kaem mei it diploma thùs.
1992 wie it jier, gyng Hinke foar de jeugd yn`t spier.

Meimekoar joegen wij jeugd ehbo-A,
hiel wat middeis gyngen we nei de skoalle ta.
Hinke wie altyd fan de partij, nea siik, en frege hast nea frij.
Slachtoffer spylje, dat meist graach dwaen,
en der mei in byld fan de situatie jaen.

Se leare fan ús : earst freechje /praete en dan pas help jaen,
as se dat goed snappe, sille ze hope wij , it letter net fout dwaen.
Yn 1994 wie der in fraach op’e jierforgadering,
it materiaal sit yn it waltahûs, efter slot en dat is net in goed ding.

De brancard stiet nou yné sliepkeamer fan Marten en Hinke yné hoeke,
en eltsenien dy mei en kin him brûke.
Ek kryge Hinke in mooi boartsje oan’e muorre : EHBO-post
en in tas fol forbân yn’e kast.

Mei de parodialoop stie Hinke op’e brêge mei brancard en tas
en dat wie genoch foar in officieele EHBO-post.
Yn `98 wie der bij de rûnfraag in klacht,
de kachel fan`e boppe seal stiet fierste sacht.

Fan doe ôf draaft Hinke om 6 ûre eltse les-joun,
nei de boppe seal, se is der doe daliks mei begoun
Hoe faak hat se dat al dien???? dat ried fêst gjin ien.
Ik bin oan it tellen west, omdat ik self alle agenda’s noch hé.

Hast 200 keer, muts op, sjaal om en de jas oan lutsen, is sij de dyk oer stutsen.
Mei har bewegende hân en har pittige stap,
jim sjoch har al yn gedachten……..ja Hinke, ik fyn it knap.
En is se in kear net thús, dan stjoert se Marten nei it Waltahús.

Yn 1999 waard Hinke as secretaresse stemt,
se kryge alle stemmen en dat wie net frjemd.
Se doarst net daliks ja te sizzen, want se woe it earst mei Marten oerlizze.
Nei de forgadering bin ik as foarsitter mei har nei hús ta gien,
en har, bij it oerlizzen en freegjen bij te stean.

Mar Marten sei, wolst it graech dwaen? dan kinst direkt dyn tazissing wol jaen.
Se hat it secretaresse wurk 13 jier dien,
is ferline jier degradeert en nou nei de functie “materiaal beheerder”gien.
Mar jim witte se docht noch folle mear,
it hat allegear gjin namme, mar Hinke stiet foar de EHBO-ver. altyd klear!!!!

Ek binne Hinke en Hinke 10 kear nei de district forgaderingen west,
en dat foldocht ús beide altyd bêst.
Jo heare hoe it yn in oare feriening giet en hoe it yn Fryslân der foar stiet.
Mar it hat ek wol wat fan in reuny of sa,
want faek de selde ehbo’ers of bestoersleden gjin der op ta.

De earste kear wiene we wol in heal ûre te gau,
Mar, we moasten nei bûtenpost? teminste fierder of Grouw.
Yn 2008, twa kear yn 2009 en ien kear yn 2010
binne wij tegearre een nije oplieding begien.
De stuollen en het verband settest klear,
rollebolje as slachtoffer en dou dochst noch folle mear.

Yn de pauze hiest de koffie klear mei in stik cake of sa,
Hinke noch hiel heartlik tank der foar.
Yn 2008 begûn it AED-tijdperk, dat joech it bestoer héél veel werk.
Hinke en Hinke binne mei in list bij de bedriuwen lâns west,
en dy sponserden allegear best!!!!!!

Doe noch mei de collectebus troch de strjitten hinne,
bestuur blij, dat we de AED keapje kinne.
Dit wie dus in forslaech oer dij ,ik hoopje, dat it makket dy blij.
Fan ús foriening bist de sânde jubilaris, foar sa’n lyts doarp, lang net mis.
In hiel soart hast stou dien foar de feriening en yn it bestuur,
Do dingst it mei wille en wiest altyd hiel secuur.

As tank foar alles mei ik dy in oantinken jaen,
Marten moat mar gau in spiker slaen.

Mireille Galema

LAAT EEN REACTIE ACHTER