“It âld-hiem”, rjuchts de wente fan Siemen Sijtsma. En lofts de timmerskoarre fan Willem Wijnia, letter fan Klaas de Vries, en dernei fan Piet van Zuiden, Cor en Hieke van Zuiden, Batteram, en no wenje Koos en Ada Stel der.


Ek it âld Hiem, om en de by 1930. Dit is Bauke Kramer dy wie doe feint by greanteman Schilstra fan Buolsert. Bauke kaem mei de karre ek yn Tsjerkwert te suteljen. Letter ha hja nog oan é Waltawei wenne, hy hánnelde doe ek mei grienten.

It “Ald Hiem.” om 1959 hinne. De mesiek “Eensgezindheid” jout in serenade, for jong en âld.
Efter it korps it hus fan Siemn Sytsma en Joh. Walstra, letter fan Pieter Kamstra en syn frou Johanniske de Boer. Efter dizze huzen wie in masale bleek. Bakker Roelof de Jong hat er in nij hus sette litten. No wennet Roelof Bakker der. Dêrnsteist it hûs fan Wieger en Baukje Bakker-Poelstra. Earder hat Wytze Welbedacht der wenne. It baarhokje fan de begraffenisferieniging is ek noch op de foto te sjen, dêrnsteist de garaazje fan Wieger Bakker. Eartijds stie de brânspuit hjir yn. Op it Ald Hiem wie eartiids ek in jiskedobbe dêr’t de lju it jiskelaaad yn leegje koene.

In foto fanôf de tsjerketoer naam. Yn’e fjirte sjogge jo de Dwinge, en noch fjierder fuot de wettertoer fan Bolsert. Yn ‘e trekfeart fart yn skûtsje. Yn it hof by Dûmny is een hinnehok te sjen. Ek hat dûmny in grientetun. Tusken de twa hûzen yn it midden is een persoan op de fiets te sjen. Der njonken de timmerskuorre. Rjochts is noch krek it dubele hûs fan Sijtsma en Kamstra te sjen. Bij it controle hokje hinget de wask.



Bij timmerman Pieter van Zuiden, Kerkstraat 19. Onderdelen voor de spinnekop molen die nu te Hemert bij Burgwerd staat. Het huis links is Kerkstraat 17.


