Snein 20 juny, eintlik meie we wer in party organisearje. De KF trapt ôf mei de troch elkoar lotsjen party. We ha dit jier as KF besletten om as in partoer yn’e 1’e omloop in steand nummer hat se dan gjin rocht ha op de ferliezers ronde as se hun earste westriid ferliese. Dit om de westriid flotter ferinne te litten.
Dizze nije regel giet gelyk al op mei in list fan 7 partoer. Ype Bote, Kees en Femke ha in steand nummer yn’e 1’e omloop, mar se witte de 2’e omloop te winnen. Yn in spannende striid winne se fan Klaas Jan, Jelle en Sjoukje mei 5-5 (6-2). En sa mei se troch en steane se yn de finale tsjin Seakle, Sjoerd en Pietsje. Seakle en c.s. binne nei de finale troch stoomd troch earst Jan Hessel, Thomas en Hinke te ferslaan mei 5-2(6-0). De 2’e omloop ha se wûnt mei 5-3(6-0) van Klaas Sjoerd, Hidde en Wiebren. De finale fan’e winnaarsronde waard wûnt troch Seakle Witteveen, Sjoerd B. Bouma en Pietsje de Boer mei 5-3 (6-0). Sy mochten de krânsen mei nei hûs nimme.
Auke, Michiel en Wessel ha yn’e earste omloop in “bloedstollende” party keatst mei alles oan’e hang. Klaas Jan, Jelle en Sjoukje wisten dizze striid nipt te winnen. Yn de 2’e omloop fan de ferliesersronde wie it foar Auke en c.s. net hiel dreech as je de útslach sa lêze. Dizze waard wûnt mei 5-1(6-2) fan Jan Hessel, Thomas en Hinke. Bert Jan, Bouwe Enne en Hessel ha de 1’e omloop ferlernd mei 5-3(6-0), 2’e omloop in steand nummer en yn’e finale gie it der om wei. In spannende striid dy yn it foardiel foel foar Auke en c.s. 5-5(6-4)
Nei de flot rinnende westriid waarden de priizen útdield. De party waard stipe troch Autobedrijf De Vries mei geweldige fleis prizen en krânsen. Hjir woene we har tige foar betanke. Nei de moaie keatsdei waard der noch gesellich neisitten foar de pracht opknapte keatskantine.
De folgjende keatsparty foar de seniorleden stiet ek al wer op de aginda. Tongersdei en freed te jûn, 1 en 2 july. We hoopje jim dan wer allegear te sjen.
Útslach:
Winnaarsronde: Verliezersronde:
1’e priis Seakle Witteveen 1’e priis Auke Walsma
Sjoerd B. Bouma Michiel de Jong
Pietsje de Boer Wessel Folkertsma
2’e priis Ype Bote Bonnema 2’e priis Bert Jan Ouderkerken
Kees Bekema Bouwe Enne Feenstra
Femke Boonstra Hessel Tiesma
K.F. De Twa Doarpen