Nachtkeatsen 5 septimber 2020

0
903

K.F. De Twa Doarpen organisearret op sneontejûn 5 septimber 2020 Nachtkeatsen. De start is om 20.00 oere op it Skieppefjild yn Tsjerkwert.

It is doar leden dy’t op 1 january 202014 jier as âlder binne. De ynlis is 3 euro, meidwaan is op eigen risiko.

Sponsors fan de partij binne Michiel de Jong en Jan Hessel de Groot.

Opjaan kin oan’t tongersdei 3 septimber 20.00 oere by ien fan’t bestjoer as fia de app! Wy hoopje op in soad dielname en in gesellige jûn. Spesjaal ûnder dizze partij binne der broadsjes hamburger te ferkrijen. Oan’t sneontejûn!

Mei sportieve groet, Bestjoer K.F. De Twa Doarpen

Auke Walsma, Ekerina Bootsma, Thomas Huitema, Michiel de Jong, Jan Hessel de Groot, Hotske Burghgraef en Ype Bote Bonnema

Publyk is wolkom mits eltsenien him oan de regels fan’t RIVM hâld! It bestjoer hâld him it rjocht foar, om minsken op it fjild te wegerjen as de oardel meter ôfstân, of oare gedragsregels yn’t gedrang komme!

LAAT EEN REACTIE ACHTER