Moaie opbringst foar keunstwurk

0
1387

De ôfrûne wiken ha we, nettsjinsteande de corona en de ferbouwing fan ’t Waltahûs, toch nog in pear gesellige jûnen organisearre kinnen. Dêrby koene we elke kear gebrûk meitsje fan de skuorre fan Yde en Aly, poer geskikt! Dêr gongen sels al stimmen op om in fêste bar yn’e skuorre te meitsjen! Nei in wat teloarstellende ferrûn EK, Nederlân fleach der yn de achtste finales al út, ha we dêrnei noch de “Night of the Heamiel” en it begjin fan de boufak fiert! Tidens de jûnen koe eltsenien fansels ek in pilske as wat oars drinke. Yde hie betocht dat de opbringst fan de jûnen mar nei it keunstprojekt Fyftjin en Fierder moest. Nei fyf tige slagge jûnen koe Yde dan ek oan Fokko in cheque oerjaan mei in geweldich bedrach fan € 660,00!

Yn de taheakke is ek de einstân fan de EK pool te finen. De winners ha yntusken hun priis ûntfongen!

Groetnis fan de EK-kommisje, de Night of the Heamielkommisje (ôfdieling Tsjerkwert) en de Boufak-buorrel kommisje!

 

Einstân EK-pool 2021
Ype Bote wie de ienichste dy’t Italië as Europees kampioen hie en der foar krige hy 25 punten, dat brocht him boppe oan.
Ype Bote Bonnema 204 punten 1e priis
Bertus Walsma 197 punten 2e priis
Thomas Huitema 178 punten 3e priis
Gjettje Dijkstra 164 punten 4e priis
Auke Walsma 164 punten 4e priis
Wiebren de Jong 161 punten
Sjoerd Bouma 157 punten
Douwe Wijngaarden 155 punten
Daniël de Boer 152 punten
Siebe Bains 150 punten
Freerk Kootstra 149 punten
Yde Schakel 143 punten
Klaas Boersma 142 punten
Peter Terpstra 142 punten
Jonathan de Boer 126 punten
Hans ten Boer 123 punten
Rowanne Terpstra 114 punten
Tank foar jim mei dwaan!

LAAT EEN REACTIE ACHTER