Gedicht Tsjerkwert

0
923

Hwat is’t hjir al gâns foroare
Sûnt  de Middelsé syn slyk
Oanbrocht fan Noardséfloeden,
Delspielde  oan dy  âld Himdyk,
Ja, dy dyk dy leit der jitte
Mar it slyk waerd fruchtber lân,
Waerd ,in weard en op dy boaijum
Kaem al gau in doarp ta stân.

Mûntsen, dy’t dat lân, oanwounen,
Boud’n in tsjerke der op, tinkt my.
En hja joegen, as pastorijguod.
Fuort it nijwoun lân der by.
Sa kaem Tsjerkwert oan syn namme
En it waerd in fleurich gea.

Hwant de boer koe dêr wol bankje
En bibuorke in skoan stik brea.
Letter – ‘t wie yn sechtjen-hûndert
En hwat jierren, nei’t men lêst, –
Waerd de Trekfeart  hjir lâns groeven
Dér siet frijhwat drokte oan fêst.

Oan ‘e buorren kaem in brêge,
D’âld Himdyk dy krige in syl,
Foar de skipperij in minen;
Ien near gat wie doe de styl.

Mar nou sûnt in jier of toalve
-Heugt my noch as hjoed de dei,
Waerd de feart forlein nei’t westen
En dy syl dy gyng der wei.

‘t Lytse koepeltsje op ‘e tsjerke
Joech ‘t in jier-twa earder oer,
En sa pronket nou  âld-Tsjerkwert
Mei in moaije skerpe toer.

Ja, wol is hjir gâns foroare!
Hast gjin doarp op Fryslâns groun
Dêr ‘t de tiid safolle nijs brocht
Foar it âlde, dat er foun!

Yndied is Tsjerkwert “jonger” as Dedzjum en leit it noch krekt op de boaiem fan de âld Middelsee. It doarp sil wol oanlein wêze troch de muontsen en likebruorren fan it Dedzjumer Konvint, mar it doarp oan de feart soe letter as koekkoeksjong, grutter wurde as de “mem”.

LAAT EEN REACTIE ACHTER