Tsjoenderij

0
1138

Op in pleats de Fiif Ekers te Hartwert makken de kweaminsken, dat it net tsjernje woe. De boer, in Harmen Martens Brúnsma, stjoerde doe syn feint nei Tsjerkwert ta nei de divelbander. Hy krige in flesfol guod mei werom en tagelyk de meidieling, dat de kat jonge hie op’e lytsbûthússouder yn in âld poepehoed.(sa goed wie de man mei de tastân op’e pleats op’e  hichte, woe er sizze).Doe’t de  feint thúskaam er der nei fernaam, kaam it krekt sa út.
Neffens in oare lêzing (dit is typearjend for sêgens: se wurde gauris op mear as ien manear ferteld.) teach de boer sels nei Tsjerkwert en kaam de bander him op healwei temjitte mei de wurden:”O jo soene nei my ta,  hen? Jo binne Harmen Martens Brúnsma fan de fiif ekers. It doocht dêr by jo net mei it tsjernjen, no? Gean mar werom. Ik soe krekt nei jo ta.” Ûnderweis frege de divelbander de boer, oft er wol wist, dat syn kat jonge hie(ensfh.) “Né”, sei Brúnsma ferheard. Mar it kaem krekt sa út as sein hie! As de pleats al to slim ûnder de macht fan de divel syn trawanten siet, holp in fleske guod net genôch. Dan moast der in hynstemiddel to baat nommen wurde. Divelbanders.

LAAT EEN REACTIE ACHTER