In stikje doarpslibben

0
915

Dit gedicht hat yn de Boalserter krante stien.

Persoanen, de feinten yn’e karre wierne: Jan Oostenveld, Klaas Schukken.
De rider en fisker: Harm.de Boer.
De oare rider: Bote de Boer.
Plak fan barren: it plein en de Kade.
Bote de Boer is in pear jier letter,as de brânspuit bij de heabroei fan Klaas Galema, healwei Blauhûs wie,as lette wraek yn in lânsleat smiten.
De Hear H.Feenstra wier doe de plysje fan it doarp.

 

IN STIKJE  D0ARPSLIBBEN.

Hjir yn dit lytse doarpke Tsjerkwert,
Der gIet it soms ek nuver ta.
Ik scil jim r’s in grap fortelle,
Hoe bryk as feinten it wól ha.

It wier yn ‘t skoft,sa foart nei iten,
-En soks bart yn de doarpkes mear-,
Dan stiet sa middeis bij de brêge
Faek jong en ald yn drok petear.

Den wurdt fen alles der forhelle.
‘t Komt bij sok praet faek net sa krekt.
Mar sjoch,elts kin soks wol bigripe
Ek faken dat ‘t oan nijs ûntbrekt.

Den moat men wol hwet oars bitinke,
En hjer,hjir komt it grapke dan.
Twa biezen leinen yn in karre
To dreamen ; ja wit ik hwerfan?

Twa oaren dy ‘t dat spantsje seagen,
Dy seinen: nou dat liket skoan,
Scille wij de “hearen” efkes ride?
Ei toe mar ju en it gyng oan.

Mar ha je ea soks fen jo libben,
-‘Min fleach fen kjeltme hast ut ‘t fel-,
De karre mei de beide sliepers,
Ryd men sa mar yn ‘t wetter del.

En dad’lik wier it kopke ûnder,
Der yn’e trekfeart stie wol sop.
En’t dreamen wier hjar gau bikommen,
Ho krigen se’t ek sa yn e kop.

Mar sjuch,ik tocht al, wacht mar bazen,
Dit brekt jimm’grif nog nuver op.
Hwent sjuch, dy dreamers bin gjin dreamers,
Se laken beiden hjar hast slop.

Hjar tinzen wiernen grif deselde,
En elts wit wol ho as soks giet,
It wurdt hjar fest werom bitelle.
Hwent wraek is ommers o sa swiet.

-En ja, it dûrre m_r in skoftsje,
Ien fen de riders siet mei nocht
Hast op itselde plak te fiskjen,
Allinne de dobber der’ t er aan tocht’.

En plof der laai er sa te wetter.
Op sokken slûp “de Wraeck” him nei.
Hij prûste en blaesde as’n kikkert
Fordwoun alhiel yn’t wetter wei.

In skofke letter rounen beide
Yn drok petear hwer neist elkaar.
Se praten hwer as echte freonen
Hwent lêst komt net bij hjarren foar.

Nou is fansels de bar aan d’oare,
Hwent ‘t is as de dei sa klear,
‘t Scil net safolle dagen dûrje
To wetter giet er grif in kear.

It wier in grap,der is om lake,
Dochs is myn rie,oerdriuw soks net;
In grap-hoe moai-,hat ek syn mjitte,
In grap,hat faek kwea bloed wol set.

Tsjerkwert,Juni 1932.

H.Feenstra.

LAAT EEN REACTIE ACHTER