Wa wit wêr’t Aaksens leit?

0
1265
Himdijk s1

Der binne yn Fryslân in soad gehuchtsjes, útbuorrens, besteande út inkelde pleatsen, eartiids op in terp, dêr’t de nammen grif net algemien bekend fan binne. Ik neam bygelyks yn ‘e omkriten fan Parregea-Tsjerkwert: Jousterp, Rytseterp, Beabuorren en Aaksens. Aaksens – de twa pleatsen oan ‘e leane, dy’t fan Jouswert ôfrekkene -rjochts op ‘e dyk fan Jouswert nei it hege brechje (foar Blauhûs) útkomt – leit wol tichteby Wolsum, mar heart by Tsjerkwert yn de gemeente Wûnseradiel en dus net by Wolsum. En dat hat altiten sa west. Dy’t de twa boeren, dy’t dêr no wenje, skilje wol, moat dus it kennûmer fan Tsjerkwert draaie (M.J. de Wolff en M. Flapper, Himdyk, Tsjerkwert).

Himdijk i1

 

 

LAAT EEN REACTIE ACHTER