HomeVerenigingenIIsklup Tsjerkwert

IIsklup Tsjerkwert

Oprjochting
IIsklup Tsjerkwert is yn februari 1876 oprjochte troch 13 manlju yn café “De Vlijt”. It is ien fan de âldste ferieningen fan it doarp mei in hiele skiednis. Bestjoerleden wiene doe “directeuren”. Se droegen “directielinten” . “keurmeesters” waarden yn’e ledenfergaderingen keazen en hiene de lieding by riderijen. Sy krigen (yn 1889) griene siden linten mei in wite roas en op it lint it wurd  “Keurmeester”. Arbeiders waarden ynhierd om foar in kwartsje yn’t oere de baan yn oarder te meitsjen. Yn 1888 waard der in boade beneamd mei in fêst salaris fan 4 gûne per jier “Die al de werkzaamheden  der IJsclub op aanzegging van het bestuur zal moeten verrichten”.  Rigels waarden fêstlein yn in reglementenboekje  “om onnutte uitgaven ten nadele der kas te voorkomen”.

Iisklub2.jpg

De wedstriden waarden meastentiids holden op’e Trekfeart, op  it Van Panhuyskanaal en in inkele kear op’e Sylsroede as op de opfeart nei Rytseterp. Ein 1955 wie der in mooglikheid fan in iisbaan en wol op it lân fan Huitema mei in proeftiid fan trije winters. Nei trije jier moast men dochs wer gebrûk meitsje fan’e feart. Sûnt 1987 hat Tsjerkwert wer in iisbaan. Earst wie de iisbaan wer’t no de nijbou is en fanôf 2009 leit de iisbaan op it stik lân fan Haarsma.  Op 21 novimber 2009 is de nije iisbaan offisjeel iepene.

Lidmaatskip fan de Iisklup fan Tsjerkwert
In gezinslidmaatskip kost € 5,- yn’t jier.
Fanôf 16 jier is it lidmaatskip € 5,-.
Yntree foar net leden: € 2,-.

Aktiviteiten
As it iis fan de iisbaan fertoud en goed sterk is wurdt der troch de iismaster flagge en meie jo op de iisbaan. Aktiviteiten dy’t de iisklup û.o. foar har leden organisearret binne: hurdrideryen foar basskoallebern, de mannen en froulju, prikslydsjen, estafette, ôffalrace as in mini 11-stêdentocht foar bern. Alle jierren wurdt der in novimber in jierfergadering holden mei in ferlotting en meastentiids in ynteresante sprekker. De ferlotting mei as haadpriis in pear redens is sûnt 1928 tradysje, mei as útsûndering fan 1932 oan’t 1936 ; doe wie de haadpriis fan’e ferlotting in pear sigaren.

Bestjoer
It bestjoer fan IIsklup Tsjerkwert bestiet út 6 persoanen.

Foarsitter: Anne Bakker.
Ponghâldster: Boukje Bouma.
Skriuwer: Jelle Feenstra.

Algemien bestjoerslid:
Sytske van der Meulen,
Nynke van der Meer
en Pier Jan Zijsling.

Contact
Postadres: IIsklup Tsjerkwert
p/a Jelle Feenstra
Dyksicht 4
8765LX Tjerkwerd

E-mail: iisklup-tsjerkwert@hotmail.nl

X