Wille en fermeits op it iis

0
176
1. Wolkom riders op it iis fan Tsjerkwert. Drokte op sneon 12 febrewaris. Foto: Gerben D. Wijnja

Justermiddei hie ik eefkes tiid om der op út te gean. Mei de auto sette ik by de stêden fan Súdwest-Fryslân del, mei in lyts útstapke nei Sleat en Gaasterlân.  Oeral wie drokte op iis, wille en fermeits. By it ferlitten en weromkommen skeat ik ek noch wat plaatsjes fan Tsjerkwert.

2. De iiswille hold de hiele dei oan. Foto: Gerben D. Wijnja, sneon 11 febrewaris 2012
De iiswille hold de hiele dei oan.
3. Sels de televyzjestjoerder SBS6 kaam del om de sfear hjir te priuwen. Foto: Gerben D. Wijnja, sneon 11 febrewaris 2012
Sels de televyzjestjoerder SBS6 kaam del om de sfear hjir te priuwen.
4. Tsjin de jûn wurdt der ôfbûn en sette de lêste riders op hûs oan. Foto: Gerben D. Wijnja, sneon 11 febrewaris 2012
Tsjin de jûn wurdt der ôfbûn en sette de lêste riders op hûs oan.
5. De sinne sakket yn in bêd fan skieppewolkjes. Gjin goed teken. Foto: Gerben D. Wijnja. sneon 11.02.2012
De sinne sakket yn in bêd fan skieppewolkjes, gjin goed teken.
6. It haventsje wie in moai opstapplak. It âlde hokje fan de iisklup har kloften riders foarby gean sjoen. Foto: Gerben D. Wijnja, sneon 11.02.2012
It haventsje wie in moai opstapplak. It âlde hokje fan de iisklup har kloften riders foarby gean sjoen.
LAAT EEN REACTIE ACHTER