10 jier It Pjuttehonk

0
1022

TSJERKWERT – Stralend waar, flaggen, ballonnen, bliere ferklaaide memmen mei bern, troch bearen bestjoerde optocht- -weinen, muzykkorps Tsjerkwert / Parrega èn doarpsomropper Schakel:  10-jierrich bestean fan boartersseal ,,It Pjuttehonk”.

3-10-91

Healwei twaen sette in fleurigé optocht yn Tsjerkwert útein en makke in tochtsje oer Arkum, Dedzjum en Parregea werom nei Tsjerkwert; it muzykkorps foarop. De 19 pjutten seagen der prachtich út yn harren giel-swart streepte bijepakjes. Ûnder it motto: ,,Kom der èk by’ waard besocht mear “bijen”yn’e,,koer” te krijen.

It feest waard trochsetten yn it doarpshûs. Der lei in grut springkessen klear foar de jeugd, mar ek in inkelde mem koe it net litte en meitsje in bokkesprong; ek juffrou Rixt moast har keunsten efkes fertoane! Ûnderwilens waard der kofje mei bearegebak nuttige en foarsitster Laila Balkema eide de ôfrûne 10 jier oer.

De “Pjuttehonkers” kinne tefreden wêze; genôch bern èn de jubileumaksje is tige slagge. Dêrtroch kin âld boartersguod ferfongen wurde en miskien kin der no einliks in grutte winsk yn ferfolling gean: in bûtenboartersplak. De bernesykten binne efter de rêch. Der is dúdlik takomst foar de boartersseal, temear omdat it tidens de aksje bliken dien hat dat “It Pjuttehonk” in protte freonen hat!

LAAT EEN REACTIE ACHTER