“It Pjuttehonk” fierde feest

0
996

1-10-1986
Tsjerkwert – Ôfrûne woansdei te middei wie it feest yn Tsjerkwert. Boarterssealtsje ,,It Pjuttehonk” fierde har 5-jierrich bestean. Pjutten, strobben, krobbeguod en bern út groep 1, 2, 3, 4 en 5 wiene útnoege om nei berneteater Joco en Coco te kommen.

Trije clowns reizgen foarôf troch Parregea, Dedzjum en Tsjerkwert om de jeugd alfêst wat op te waarmjen. Se hiene sukses. “It Waltahûs” wie moai beset. Fuort mar yn aksje. De teaterhûn wie fuortrûn…

Lûd roppe wol dan wolris helpe. Ome Co hie der in hantsje fan om mei de bern om te springen. Búksprekke -sjonge – gûchelje oeral waarden se by belutsen. Nei in oere wiene beide partijen wol oan in drankje ta. Nei ôfrin eiden, (âld)-bestjoersleden en liedsters de ôfrûne 5 jier nochris oer ûnder it geniet fan in bakje kofje.

Op nei de 10 jier, wie de winsk. Hoe sil it komme no’t der sokke tsjustere wolken út polityk De Haach gearpakke boppe úls boarterssealen?
R. S.

LAAT EEN REACTIE ACHTER