7 Brourren

0
1075
7 bruorren

It mysterie fan de 7 brourren, Ik fûn in tige nijsgjirrich stikje in de Fleanende Krie fan September 1990. It gong  oer in grêfstien op it tsjerkehôf fan Tsjerkwert. (Sjoch de foto, de tekst op de steen. Wij waren zeven broeders waarvan zes alhier en een te Wolsum ligt begraven.) It ferhaal begong sa. De ferassings en geheimen fan in ”fredehôf”

Oer dat “fredehôf” fan Wolsum ha wy yn in searje fan foech 80 tsjerkhôven alris in artikel skreaun. ien fraach bleau dêrby ûnbeändere. Op 7augustus 1974 naam de hear Lammert Mol te Boalsert, doe noch skoalmaster en yn dy tiid ús rjochterhâni byiIt meitsjen fan foto’s (no sels ferbûn mei syn frou oan útjouwerij Elka te Arum) bygeande foto, no ris in foto mei wol ynformaasje, mar sûnder nammen en jiertallen. It gie oer san bruorren en dêr skûlet grif in stik tragyk efter. In ûngemak? In brân? In bernesykte yn ferbân mei de resusfaktor, dat de berntsjes jon stoaren? Wy witte it net. Ek it plak fan dy iene, dy’t “te Wolsum ligt begraven” koe ús net wizer meitsje. Wy fûnen syn oantinken dêre net. Yntusken binne wy der efter kommen dat de foto mei de routûke, yn It begjin fan dizze ieu wol gauris in symboal, makke is te Tsjerkwert, mar ek. dêre ha wy de tragyk, dy’t hjir grif mei mank giet, net útfine kinnen. Kin immen ús helpe?

No witte jim dat myn heit -Gerrit.Mulder- al hiel lang âlde dingen fan Tsjerkwert útsiket, en hjir hie hy dus ek al in antwurd op. Yn syn boeken fûn ik de folgjende tekst.

It mystearje fan de sân bruorren te Tsjerkwert. Al faker as ienkear hat de Krie in skynber ûnoplosber probleem ta in goed ein brocht. Sa ferhellen wy al wiidweidich fan in op Altenburch fûne Joadske stien mei Hebrieusk opskrift. Nei lang sykjen waard net allinne It fynplak dúdlik, ek de betsjutting fan it foar mannichien ûnbegryplik boadskip. Dat net allinne, de Joadske mienskip ûtferme har der oer en de âldheidkeamer fan Boalsert naam de stien yn bewar en de gemeente sei ta dy in earfol plak je te jaan op in no leech begraafplak yn de skeante fan it âlde bolwurk, mar doe wie der al hiel wat deskundichheid fan professoraten oan te pas kommen. De lêzers hearre der skielik mear fan. In apart al derta bedoelde tsjerkesjongtsjinst moast earst útsteld wurde omdat de saak noch net “rûn” wie en it te sjongen koar troch fersin op twa plakken tagelyk wêze moast. Dat komt dus noch.

Rij 20 nr.14,1
De hele steen zoals die er nog staat.

De bruorren
Ús oprop rie te skaffen oangeande it stientsje dat de hear Mol fan Arum foar ús in foto fan makke op it doe wat ferrinnewearre, mar no wer opkreaze tsjerkhôf te Tsjerkwert, brocht hiel wat telefoantsjes en skriuwerij mei, mar hjir gau sawol te Tsjerkwert as te Wolsum it sprekwurd, dat hiel wat lju wol de klok lieden heard ha, mar net witte, wert de bingel hinget. Mei ús taksaasje dat neffens model en yn dy tiid faak brûkte palmtûkje as rousymboal it fierder nammeleaze stientsje likernôch trije koart ieu âld wêze moast hiene wy it net fier mis, mar just dat nammeleaze sette de lju oan it tinken en doe kaam de oplossing tichterby en waard alhiel klear, doe’t de hear G.Mulder fan Tsjerkwert oanskille en mei in hiel troch him rekonstruearre stambeam kaam. Ferûnderstellingen oer brân, epidemy, bernesykten en oare soms hast fantastyske ferhalen, blieken net wier te wêzen en de langstlibjende broer stoar pas yn 1920. Dat wie Atte Posthumus, berne op Sinteklaasdei 1834, lang timmerman te Peinjum en stoarn op 29 maart te Boalsert en by fiif fan syn bruorren te Tsjerkwert opdroegen en dêr te hôf brocht. Syn frou Houkje Ykes Ykema mei wa’t er yn maaie 1865 troude, kaam sels fan Westhim, wie doe in jongfaam fan by de 20 jier en oerlibbe him noch goed 3 jier, oant se te Boalsert ek de holle foargoed dellei en by har man te hôf brocht waard. Atte en Houkje hawwe foech 55 jier troud west (1865-1920), foar dy tiid wol hiel apart. Guon fan de hjoeddeiske noch libjende generaasje moatte har noch wol kend ha. Omdat yn de nammelist gâns no noch bekende en gongbere nammen foarkomme en hiel wat sneupers en famylje, neven en nichten niget ha oan sibbekunde, kinne wy mei de fertuten fan It neisneupen fan de hear Kuipers hjir efkes de famyljeferhâldingen neigean, ek al binne de measte stiennen weiwurden en joech dit aparte stientsje dat oerbleau der oanlieding ta.

De stamhâlder
It ferhaal begûn dan hast 100 jier lyn, doe’t op 5 maaie 1793 Rienk Obes Posthumus berne waard. Hy smiet op 23 maaie 1819 de lapen gear mei Tryntsje Ruurds Tynjes. Se libben fan 1793-1838 en 1796-1873. It soe in fruchtber houlik wurde der’t 8 kear de widze oer de flier kaam. Ek no noch bekende nammen út dit skaai libje fuort, in grut foardiel fan de âlde tradysje eigen nammen yn eigen stamme te hâlden en net daliks nije, útwrydske beneamingen te jaan.Wy geane no efkes de bern nei en dy har lok en lijen, lyk as dat 6f te lêzen falt yn de list dy’t foar ús leit. Dat wiene dan:

1. Obe, berne 13 aug. 1822. Heit en men wiene doe noch gjin 3 jier troud. Obe wie grif nei syn pake neamd: Obe Rienks dus nei Rienk Obes. Hy waard keapman te Tsjerkwert, bleau âld feint en is ferdronken op 19 aug. 1881. It wie simmer en dan tinke wy al gau oan yn it wetter rekke, yn elk gefal net yn in wek. Hy liet dus gjin frou of bern efter en hie syn âlden beide oerlibbe. Fan dit ferstjerren kinne se dus gjin fertriet mear hân ha. Hy kaam yn syn berteplak te hôf, te Tsjerkwert dus.

2. Ruurd berne 3 maart 1824, oardel jier jonger dus as Obe. Mar fan syn ferstjerren sille syn âlden wol fertriet hân ha, yn 1827, trije jier âld, moasten se him al ôfstean.

3. Wer in Ruurd dy soe op 10 oktober it oare jier syn bruorke west ha en krige dus syn namme. Mei beide wie pake oan memme side ferneamd om dy namme yn it skaai te bewarjen. Dizze Ruurd waard snider (kleanmakker) yn syn wenplak, bleau ek âld feint lyk as syn broer Obe en oerlibbe ek syn beide âlden. Hy waard 76 jier âld.Foar dy tiid wie it hiel âld. Hy stoar dus sûnder frou, bern of neiteam en hat de 20ste ieu belibbe, want syn stjerdei wie 12 aug. 1901. Syn warber libben hie it ta in bedriuw mei fiif feinten ûntjûn.

4. Sibbele de fjirde soan waard berne op 13 april 1828. Hy soe goed 67 jier wurde en troude op 17 maaie 1851 mei Befke Johannes Nijland, ek in Tsjerkwerter, in pear jier jonger as hy. Hy waard earst “hoofdmeester” (boppemaster? sa jong al?) te Dedzjum en letter ûntfanger te Tsjerkwert. Befke, berne yn maaie 1930, krige de hege âlderdom fan 87 jier en 5 moanne. Se wie 20 jier widdofrou. Se krigen gjin bern en dat beppe Tryntsje wol fertriet jûn ha, nettsjinsteande de goede posysje fan har soan, de ûntfanger.

Rij 20 nr.14
Sibble.
Rij 20 nr. 14.3
Voorheen hoofd der school later gemeente ontvanger van Wonseradeel en kerkvoogd te Tjerkwerd Namens de Familie.
Rij 20 nr.14,2
Ter nagedachtenis aan Befke Johannes Nijland Overleden te Tjerkwerd 23 Oktober 1917 in de ouderdom van 87 jaar en 5 maanden. Weduwe van S.R.Posthumus.

5. Auke wie dus de fyfde soan, goed trije jier jonger as Sibbele en hy libbe fan 17-3-1831 oant 2-9-1892 en keas in oar berop. Hy waard timmerman yn syn bertedoarp Tsjerkwert en troude mei Gerritje (Goai?) Johannes Nijland (in 6 jier jongere suster fan Befke? dy’t har hast 10 jier oerlibbe), oant ee op 15-4-1926 ferstoar.

6. Cornelis (Knillis) wie de earste fan it Posthumus-skaai, dy’t boer waard en de swetten ferlei nei it tichteby lizzende suver buordoarp Wolsum. Yn Tsjerkwert berne op 2 maart 1833, dus wer hast 2 jier jonger as Auke, troude er mei Sara Rients de Boer, as boeredochter op 8 april 1836 berne te Fiifhûs by Wolsum. Knillis (1833-1913) en Sara (1836-1903) trouden op 17 maaie 1862 (al wer yn maaie, de troumoanne by âlds!). Se waarden resp. 80 en 66 jier âld.

Wolsum23
Cornelis.

7. Atte de timmerman te Peinjum en Houkje Ykema fan Westhim komme, resp. 1834-1920 en 1845-1924, doe’t se te Boalsert ferstoaren, as lêste fan har skaai yn rjochte line ha it yn it begjin fan dit oersjoch al oer hân. Al wer gjin boerefermidden sa as faak wol tocht waard. Ek dizze Atte kaam dus te Tsjerkwert te hôf.

Rustplaats van Atte Rienks Posthumus Geb. te Tjerkwerd 5 Dec. 1834 Overl. te Bolsward 29 Maart 1920 In de ouderdom van ruim 85 jaren Echtgenoot van Houkje IJkema.

Rij 20 nr.14,4
Atte

8. Gerrit berne 24 april 1837 en ferstoarn op 4 july 1907. Ek hy waard gjin boer, mar wer wat oars: lapkekeapman. Hy troude 34 jier âld mei Ynske Zijsling yn 1861, dy’t libbe fan 1842-1876 en dus like âld waard as har man wie, doe’t dy troude.

Op de hiele lange list fan de bern fan Rienk Obes komme der gjin famkes foar, alle acht wiene jonges. As er op it stientsje stiet “Wij waren zeven broeders, waarvan zes alhier”, dus dy allegearre yn Tsjerkwert (net yn in famyljegrêf waard my ferteld, mar njonken elkoar of earne oars op it hôf) en allinne Knillis te Wolsum, is der dus ien noch net te plak, it earste soantsje Ruurd, dat mar pear wiken âld waard en nei alle gedachten gjin stientsje krige hat. De leden fan it skaai, dy’t har benammen ynset ha foar de Fryske taal, sille komme út de bern en bernsbern fan nûmer 6 dêr’t ek de bibelske namme Sara, dy’t der noch fuortlibbe wei stamt, lyk as de namme Obe en Ruurd.
E.S. de Jong.

Jammer genôch binne dizze stienen der net mear allegearre. It wiene 4 hoekstienen ferbûn mei yn ketting. Wa hat noch in foto fan dizze stienen?

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelToltarieven
Volgend artikelIepening reunyfeesten