Skieppesturt 1982: Jelte Speerstra

0
1218
skiepesturt 82

De rige fan Skiepesturten fan it jier bestiet oant no ta alinne ut manlju. De man fan it jeir 1982 waard Jelte Speerstra fan Iemswalde. De underskieding kin behelle wurden as men mear as sljuchtwei tjinstber is oan doarp en mienskip. De Priis bestiet ut in “echte” Skieppesturt oan in lint (in soarte fan ambtsketen), en in prachtich utfierde oarkonde. Jelte docht gans wat foar it doarp. Hy is bestjjoerslid fan it wetterskip (Jelte soarget der foar dat men net fersupt), bestjoerslid fan it molkfabriek, foarsitter fa it korps Eensgezindheid”en Ald-foarsitter fan ‘e Oranje ferieniging “Meinoar ien”.Foaral deleste twa funksjes hawwe Jelte in hud fol wurk besoarge yn 1982, mar fansels mei help fan oare bestjoersleden slagge hy der yn om op treflike wize de aktiviteiten ta in goed ein te bringen. De ynwenners fan Tsjerkwert binne al wer begun mei in goai te dwaan nei de Skieppesturt 1983. Miskien is´t dan wol in frou dy´t foar dy priis yn oanmerking komt.

LAAT EEN REACTIE ACHTER