Op Aaksens lôge in geastlik fjoer

0
1792
Himdyk (5)

Ik woe it hjoed ris oer Aaksens hawwe, net sa sear oer dy pleatsen, noch oer it lytse terpke, dêr’t eartiids dy twa pleatsen op stienen. Ek net oer de nijsgjirrige namme, einigjend op “-ens”. Dêr binne yn Fryslân mannichten fan, benammen noard-east fan Boalsert (tink oan: Bittens, lens, Grûns, Itens, Keppens, Knossens, Ljuens, Littens, Oarns, Rispens, Skettens, Sippens, Tellens, Turns, Waaksens). Dat allegearre gean ik foarhy, mar yn it sintrum fan myn ferhaal stiet ien fan ‘e boeren, dy ‘t op Aaksens op ‘e pleats, dêr ‘t no De Wolff wennet, yn ‘e jierren 1900-19030, buorke hat: Bate  Klazes Aukema. Bate wie in bysûnder man. Yn him baarnde in geastlik fjoer, sa’t men dat komselden tsjinkomt. Bate wie in baptist, in man mei in djip leauwe, dat er net foar himsels hold. Mar foar ‘t ik oer Bate begjin, moat ik it earst ha oer syn heit Klaas Bates Aukema.

Hoe’t in Wolsumer baptiste boer sneinsshoalle hâlde
KB. AUKEMA (1840-1892) Dy wie yn 1840 yn Wikel berne, as boeresoan. Yn 1862 fûn er yn Maaike Oppedvk syn libbensfreondinne en hja buorken yn Aldegea (W.). Klaas hie -behalven oan fee – niget oan oare dingen. Al syn frije tijd joech er oan it lêzen en djip trochtinken fan ‘e bibel en fan godstsjinstige boeken. Yn dy tiid, en jierren foartiid, sloech yn’e Fryske herfoarme tsjerken de Grinzer Rjochting fan Prof. Hofstede de Groot fear master op.    It heft wie yn hannen fan’e dûmny’s fan ‘e Ferljochting, dy’t ferkundigen dat de minske yn wêzen goed wie. ,,Ferlost en werberne” hoegden se net. Dat koe de mins sels wol dwaan. Hy moast allinnich opfied, ferbettere wurde. It tsjerklik libben koe gjin sprekken lije. It grutste part die der amper oan mei. Mannichien sil allinnich op âldjiersdei yn tsjerke komd wêze. Dat kaam ek, om’t de gewoane leden fan ‘e tsjerke gjin stim hiene by it kiezen fan in nije dûmny. Wa’t de doarpsmienskip as dûmny krige, waard útmakke troch dyjingen dy’t lân yn besit hienen. En dan waard de nije dûmy eins altiten en fan ‘e Grinzer Rjochting, faak learde, deftige lju, dy’t soarch joegen oan har preken, mar fier fan it folk ôf stiene en neffens dizzen te licht” wiene. Dat joech by de lju, dy’t fan ‘e tsjerke wat oars ferwachten, In wjerstân. Dy longeren dêrnei yn ‘e tsjerke fan ‘e ferlossing te hearren.

It Reveil
Yn Hollân hie dat al foarm krigen yn it  “Réveil” (Bilderdijk, Da Costa eo.). Yn 1834 skiedet ds. De Cock him fan ‘e Herfoarme Tsjerke ôf: de ôfskieding. Yn guon plakken fan Fryslân (byg. yn ‘e Wâlden en it noard-easten fan ‘e provinsje) slacht dat oan. Yn de krite dêr’t it hjir oer giet, wie de oanhing lytser. Mar yn ‘e súdwesthoeke broeide ek wol wat! Dr. G.A. Wumkes hat dat yn syn “It Frysk Réveil yn portretten” tige.libben  en moai beskreaun. Hy neamt byg. ds. Theunis van Berkum, dûmny fan Easthim (1835-1858). Hy wie ien fan it o sa lytse tal dûmny’s dy’t preken nei it hert fan ‘e ,,freonen fan ‘e Wierheid”. Ut Kûbaard, Burchwert, Tsjom wei setten de lju sneins nei Easthim te om him te earren. Ds. J.W. Felix fan Longerhou en letter fan Heech (1848-1853) moat ek neamd wurde: Op snein like it yn Heech lykas yn Longerhou wol in geastlike merkedei. Al ier yn ‘e moarn kamen de lju út alle oarden fan Fryslân geandefoet of mei it reau opdaagjen, dat de doarpsstrjitte stie fol mei rydtugen, fan’e iene kant oan’e oare ein. Seit Wumkes. In grutte rop ging ek út fan ds. Guldenarm dy’t ds van Berkum ter Easthim opfolge(1859-1877) Alhiel út Arum wei gyng it bygelyks sniens op Easthim ta.

Dit Reveil slacht ek oan by Klaas Aukema. Mei guon oaren kriget er godstsjinstles by ds Guldenarm fan Easthim. Hy wol him jaan oan’e ferkundiging fan it Evangeelje. Hy ferkeapet syn fee, wurdt boer ôf se set him del in Drylst. Yn 1875 freget de Feriening “Freonen fan’e wierheid”yn Amsterdam om te evengelisearjen yn Fryslân. Yn 1877 wurdt er beroppen ta foargonger fan’e Evangelisaasjeferiening yn Starum. Hy docht syn wurk mei grutte leafde en tawijing Mar it stiet hi min oan, dat er as evengelist de sakraminten (doop en nachtmiel) net bestjinje mei. Benammen de doop hat foar him in grutte betsjutting. Dat sil twa jier letter ek bliken dwaan, as er déroer yn in grutte twastriid komt. Dan rekket er oan
praat mei in baptist, Hendrik de Vries fanWarkum.

BAPTISME
Dizze godstsjinstige streaming is likernôch yn 1650 ûntstien yn Ingelân (Spurgeon). De oanhingers ferwurpen de bernedoop en woenen de doop allinnich jaan oan folwoeksenen, dy’t mei hert en siele ,bekeard’ wienen. De doop moast barre troch ,,ûnderdompeling”. Yn 1834 hie It baptisme ek féste foet krigen yn Harnburg en dêrer, wei wreide it him ek út nei East-Fryslân (Dûtsklân) nei it plakje lhren en nei Drinte, Gasselternijeveen (1845). Yn ús Fryslân waard it baptisrne bekend troch De Neui fan Weener (East-Fryslân), dy’t yn 1850 as jongfeint fan 22 jier doopt wie yn it Weener Syldjip. Dizze De Neui krige kontakten yn Frjentsjer. Yn 1865 gyn g er dêr Hinne te wenjen en stifte in baptistengemeente, dy’t yn 1866 al 40 leden hie. De Nei syn iver hie gjin grinzen. Sneins preke er twa -trije kear en dat die er ek hast elke jûn. Ûndertusken wie der yn Makkuin, Warkum en Starum ek wat geande. Yn 1864 gier de bline Evert Teves yn Makkuni fan ‘e ,,Freonen Lan ‘e Wierheid” oer nei it baptisme. Yn 1866 komt De Neui yn Warkum op útnoeging fan ‘e kowedokter” Bouke Haagsma. It komt dêr al gau ta in gemeente (in saneamd station fan Frjentsjer) ûnder foarsitterskip fan ‘e niis neamde Hendrik de Vries: Yn 1893 lêze wy fan Hendrik Leenstra (1861-1938), preeklêzer, ponghâlder fan ‘e sinding ensfh., dy’t mei it pak troch de sudwesthoeke reizge en net swije koe oer syn  leauwe. Guon âldere lêzers sille him noch wol kenne as de ,,lapkesdûmny”

KLAAS BATES
It is al sein, dat dy yn 1877 foargonger wurden wie fan ‘e Feriening foar Evangelisaasje yn Starum en dat hy tige wraksele mei de doop. No woe it gefal, dat de baptist Hendrik de Vries út Warkum mei it pak dè omkriten ôfreizge en ek yn Starum klandyzje hie. Sa kaam De Vries ek ris by Jan Yges Visser, dy’t bestjoerslid fan ‘e Evangelisaasje te Starum wie. Fansels koe De Vries it net litte en praat oer de doop. Dat wie Jan Yges allegearre wat te dreech en te mânsk. Mar Hendrik de Vries hold der net oer op …,, De Vries,” sei Jan Yges, ,,dit giet my boppe de holle. Praat der .rnar ris mei ús foargonger Klaas Bates oer, Dy kin je grif better beskied jaan!” Sadwaande rekken De Vries en Aukema yn petear en hoe!

Nei twa jier; bodzjen  mei teksten út ‘e bibel jout Klaas Bates nei grutte, djippe striid yn ‘e geats him wûn. No sjocht er it klear! De bibel jout jo gelyk De Vries. Net de doop fan ûnmûnige bern, mar fan ‘e folwoeksene, dy’t yn hert en siele de Hear fûn hat, is it Wiere en de doop troch ûnderdompeling  is dêre it sichtbere teken fan.” Klaas Bates kin net mear oars: Sneins 23 jannewaris 1881 rint er nei Frjentjer. dêr’t in doopfûnt foar ûnderdompeljen wie. Dêre wurdt er echt doopt, sa’t er it mei hiel syn wêzen fielt.

Mar Klaas Bates is in oprjochte minske, Hy wol itjinge daer bard net ferswije foar syn Evangelisatie gemeente yn Starum Tige, oerstjoer jout er útlis. Starum is tige wijs mei him. Hy hat har mienskip sa ta bloei brocht!  Se wolle him hâlde as foargonger. Mar Klaas bliuwt yn grutte twivel. Foargonger bliuwe fan in gemeente, dy’t de echte doop net ûndergien hat? Dat kin min neffens him. Boppedat, guon leden fan ‘e Evangelisaasje litte har baptistysk oerdope, byg syn frou Maaike Oppedyk en Marij Bruinsma. It koe net oars: de spjalt moast komme. Op 5 oktober 1884 wurdt Aukema befêstige as foargonger fan in nije baptiste gerneente yn Starum. Hy doopt dêre 50 lju. Hy preket ien kear en ‘e wike in Warkum. Syn wurdt rekket ek dêre it hert fan mannichien. De genmeente bloeit! Klaas Bates wurdt yn syn wurk dreaun troch, in hast boppe minsklike iver en hy wol oeral wêze, dêr’t syn boadskip bringe kin, Yn 1891 naem er in berop aon nei Vriescheloo (10 km súd east fan Wynskoat), mar al it oare jier. Wurdt er troch syn Opdrachtjouwer roppen… De fyfstjinde maaie 1892 stjert er noch naar 52 jier âld. Syn widdo Maaike Oppedyk, giet mei acht bern nei Amerika, dêr’t al safolle baptisten út Fryslân telâne komd wienen. Mem en bern hawwe it heitelân nea neer sjoen. Allinnich de soan Bate giet net Mei.

Himdyk (5)
Bate Aukema en Boukje Sybrens Venema

BATE KLAZES AUKEMA (1862-1936)
Bate wie noch berne te Wikel. Syn frou waard Boukje Sybrens Venema (1864-1931). Boukje wie in dochter fan Sybren Fokkes Venema, earst boer te Nijega, en Marij Gerrit´s Bruinsma, dy’t niiskrekt al neamd is (hja  wie ien fan ‘e earste leden fan’e baptiste gemeente yn Starum)  Bate en Boukje krigen twa bern Klaas(1887), berne yn Wikel en Marij (1892) op Aaksens. Mar hoe komt Bate Klazes Aukerna no op Aaksens? Yn 1890 wennet Marij Bruinsma op´e eigen pleats op Aaksens. Bate en Boukje wenje earst by har yn Fan 1895 oant 1908 fyn ik harren yn Wolsum, yn 1908 wer by har skoan mem in op Aaksens.  Likernôch 1914 wurdt Bate boer op himsels. Yn 1931 ferstjer’t Boukje en dan hâldt Bate op mei buorkjen. Syn soan Klaas buorket oan 1933 op ‘e pleats, dan Piter Oppedyk. Yn 1934 wurdt it spul ferkocht oan De Wolf, Boukje wurdt beïerdige op it tsjerkhôf fan Wolsum. Bate ferhuzet nei Wikel, mar yn 1935 wennet er by ien fan syn bern yn, Eise en Marij Feenstra-Aukenna, timmerman yn Parregea. Dêre is er 13 okt, 1936 stoarn (74 jier âld). Hy is begroeven te Wolsurn, nêst Boukje. Dit is yn ‘t koart it ferin fan it libben fan Bate Klazes Aukema, in libben as boer op in pleats op Aaksens, alhiel op ‘e romte tusken Wolsum en Tsjerkwert. Aaksens is simmerdeis in moai oarde, dêr’t men in wiid eachweid hat oer Fryske greiden. Wy wienen  dêre in jier lyn op in kostlike simmerjûn. Wat leit it doarpke Wolsum dêre klear en wûnder skerp ôftekene ûnder de strielen fan ‘e ûndergeande sinne! Bate as boer ûnderskate him ek net folle fan oaren , – -‘ mar Bate hie dochs hiel wat aparts! – . –

IN GEASTLIK FJOER
Bate wie opwoechsen yn ‘e húhâlding fan Klaas en Maaike, dêr’t it tinken oer de grûn fan it libben it hiele libben behearske, Heit Klaas hat altiten wraksele mei de “Wierheid”, Hy hie syn buorkerij ferlitten en syn hiele libben striden om syn leauwe. Mei syn Maaike hie er it fûn yn ‘e baptiste -gemeente: in mienskip fan minsken, dy’t foar  harren  sels it suvere  leauwen krigen hienen en dat ta útdrukking brochten troch de doop troch ûnderdompeling. In tige hechte mienskip, dèr’t lykwols hieltiten strideraasje bleau, as der soms ôfwikings by guon leden foarkamen, mar tagelyk eltse dei bliidskip wie oer it Lok, dat hja fûn hienen. Ek Bate hie dat mei krigen en dat bleau him by, ek doe’t er op Aaksens buoirke … en Boukje net minder! Dêre fan tsjûgje … dat wie syn libben!

DS. JOH. HENGST (1895-1943)
Yn dy tiid stie yn Wolsum ds. Job. Hengst (1895-1943). Dêr oer kleie, dat ds. Hengst de orthodokse lear net ferkundige, koe men net, Hy wie – nei in fûleindige striid yn’e tsjerklike gemeente – de earste othodokse dûmny ynWolsum. Hy libbe  by Calvijn, mar de baptistyke lear fan’e doop wie him in gouwel. De doop fan’e bern fersmite! Poer koe er wurde oer dy dwaling! Ds. Hengst wie in leard man, frijgesel, dy’t syn bêst die op syn preken. Mar blinder, dyjinge, dy’t oars tocht as hy, dêr bleau neat fan oer! En no wie der op Aaksens in boer komd, in baptist, in Bate Aukema, dy’t sneins begûn te preekjen! Mei fan syn trouste tsjerkeleden kamen dêre, út en troch! Jongelju, dy’t geastlik yn ‘e lytse loege sieten en wrakselen mei de frage: Wat is de Wierheid? kamen by Bate telâne, somtiids nei’t hja troch ds. Hengst ôfstjitten wienen. Lju, dy’t de drank net stean litte koenen en húshâldings fan sokken, dy’t gjin ljocht mear seagen, fûnen de wei nei Bate. En it wie hast in wûnder: dy ienfâldige boer wist guon fan harren mear hâldfêst en treast te jaan as dy learde ds. Hengst.
Mannich Wolsumer, dy’t waarmte socht yn it kâlde, hurde libben fan aldendei, fûn dat by Bate en Boukje op Aaksens.

SNEINSSKOALLE
Bate begun ek in sneinsskoalle foar bern. Ds. Hengst fielde foar sa’n sneinsskoalle neat: men rnoast de bern mar meinimme nei tsjerke, dan koenen se it dêre wol hearre!

Himdyk (3)
Op Aeksens bij Bate Aukema yn it jister.

Mei grime seach er, dat it tal bern- ek út Wolsum, – dat sneintemiddeis it paad tnoch de toalve fan Kramer ynsloech, it ekerlân oerstuts en dan it plankje oer de sleat gyng, troch de tsiene, op Bate oan, hoe langer hoe grutten waard. Fansels wol ik hjirmei gjin klâde smite op ds. Hengst, dy’t oprjocht miende, mar it wie no ienkear sa! Guon bern, dêr’t ik op Fiifhûs by Wolsum troch de dei mei boarte, gyngen ek nei Bate syn sneinsskoalle en mei nocht! Bate koe sa moai fertelle. Op in snein gyng ik ek mei. Myn heit – ek in man fan ‘e Grinzer Rjochting – noaske dat net sa, mar myn mem hie der alhiel gjin beswier tsjin. It foldie my skoan.
San twa ier ha ik sneintemiddeis  de reis nei Aaksens makke. Ik hoegde  gjin oantrún want Bate joech wat. As hy in ferhaal fertelde, stie it libben four jin. Op hichtepunten keo it ferhaal sa mar ûnderbrutsen wurde, Dan sette Bate of Boukje of ien  fan ‘e gasten  dy’t somtiden fier út ‘e reek wei kamen, in liet yn oer de bliidskip, de hope en ferwachtinge, dy ‘t yn harren libbe:

O, wanneer, o, wanneer
Zal ik zijn bij mijnen Heer?
Vrij gekocht door Zijn erbarmen,
Wens ik eeuwig Hem te omarmen,
En te zingen tot Zijn eer.

Eise Feenstra, Boukje, Klaas, Johannes, Bate en mem Marije Bate’s Aukema. Eise Feenstra wie timmerman yn Parregea.

Bate makke him net allinnich drok oer it heil fan’e siele, mar hy seach de wrâld yn’t rûn. Hy fielde djip de ellinde fan de drank, wist wat deleisskip en hate yn húshâldings of tusken buorlju meibringe koenen en stie klear om te helpen. Hy wie fûleindich drankbestrider. Ek op’e sneinsskoalle tsjge er dêrfan. Hy liet ús sjonge: “jaag de drank de wereld uit ‘t Zou een  blijde wereld wezen!”

Foar us bern wie it hichtepunt it marsliet: “Sluit Schiedam, sluit Schiedam! “Wy moasten dan op’e maat yn’e hannen klappe en mochten mei de fuotten op’e estrikken flier stampe. It Krystfeest yn Bate’s pleats wie alhiel in hichtepunt. Dan kamen folle mear Wolsummer der ta setten. Eltsenien krige in krystplaatsje mar de bern, dy’t trou de sneinsskoalle besocht hiene, krigen in boek. Ik bewarje’ noch mei noed it boek: “Door Hollands Watertuin en heuvelland” dat  ik op ‘t krystfeest fan 1920 fan him  krigen ha.. Mei in sierlike, fêste hân, hat er dêr ynskreaun:  Bewijs van vlijt, goed gedrag en getrouw Zondagsschoolbezoek Uitgereikt door B. Aukema,.” In moaie hân fan skriuwen hie er en wêr hat er net allegearre oer skreaun? Preken, brieven,  nei minsken dy’t yn ‘e geast tichteby him stiernen Syn pakesizzer, Johannes Feenstra, muzyklearaar Yn Harderwyk hat noch in noch in soard bewarre, byg. korrespondinsje mei ds. Buskes, oer oarloch en frede, want it brûken fan wapens koe er ek min yn’t lyk bringe mei syn djip leauwe.

By djippere stúdzje fan Bate syn oantekens soe grif noch mear nijsgjirrigens foar ‘t ljocht bringe, mar ha ik tefolle sein, dat er  op dy pleats op’e romte, 60-70 jier lyn – in geastlik fjoer baarnd  hat? Yn dizze tiid fan geastlike ferflakking hie ik der ferlet fan en bring de lêzer it libben fan dy ienfâldige boer op Aaksens wer yn’t sin. It libben fan Bate Klazes Aukema en syn frou Boukje.

Gerben Posthumus

Wa wit wêr’t Aaksens leit?
Der binne yn Fryslân in soad gehuchtsjes, útbuorrens, besteande út inkelde pleatsen, eartiids op in terp, dêr’t de nammen grif net algemien bekend fan binne. Ik neam byg. yn ‘e omkriten fan Parregea-Tsjerkwert: Jousterp, Rytseterp, Beabuorren en Aaksens. Aaksens – de twa pleatsen oan ‘e leane, dy’t fan ,Jouswert ôfrekkene -rjochts op ‘e dyk fan Jouswert nei it hege brechje (foar Blauhûs) útkomt – leit wol tichteby Wolsum, mar heart by Tsjerkwert yn de gemeente Wûnseradiel, en dus net by Wolsum. En dat hat altiten sa west. Dy’t de twa boeren, dy’t dêr no wenje, skilje wol, moat dus it kennûmer fan Tsjerkwert draaie (M.J. de Wotff en M. Flapper, Himdyk, Tsjerkwert).

DE FLEANENDE KRIE  MAAIE 198?
Troch Gerben Posthumus

LAAT EEN REACTIE ACHTER