Tsjerkwert op Ien Ein

0
876

21-10-1949 In Tsjerkwerter fersykskrift oan B en W fan Wûnseradiel om de hân te hâlden oan é âlde nammen fan strjitten en útbuorrens is net yn it Witmarsumer  papierkoer telâne kommen. De hear A. Oosterhoff, gemeentesiktaris fan Wûnseradiel, hie him ré ferklearre nei Tsjerkwert te kommen om dy saak ris te bepraten mei de Tsjerkwerters.

Justerjoen hat dêr gelegenheid ta west op é kritegearkomste fan é krite “De Findels Foar”fan it boun fan é Fr. N. Jongerein, dy’t in bysûnder, doarpsjounachtig karakter krige, troch de útiensetting fan é hear Oosterhoff en it bywenjen fan safolle doarpsgenoaten, dy’t net mear ta de jongerein beheare en dus ek gjin lid fan é krite binne. De hear Oosterhoff murk koartswilich op dat it him ten parten tafoel , dat de Tsjerkwerters him net opwachten mei seinen en heafoarken. Hy lei do ‘t, dat it fan great administratyf belang is foar gemeentelike, provinsjale en ryksynstânsjes en iepenbiere tsjinsten lyk as wetterlieding en P.T.T. dat elk perseel oantsjut wurde koe mei nûmer en strjittenamme. In strjitgewize nûmering  is folle gaadliker as in doarpsgewinzen ien. De yndieling wie breklik en moast op é helling.

Doarpsgrinzen moasten krekter fêststeld wurde. Der is in wiidweidich ûndersiik ynsteld nei lizzing en nammen fan strjitten, wegen, diken, en útbuorrens. It gemeente bestjoer is er wol foar dat âlde nammen bewarre bliuwe. Sprekke rêde boeren oan om de âlde namme fan harren pleats op’e homeie of  listgoate te setten of mei dakpannen oan te tsjutten. Mar neffens spr. Is it gaadliker om de útbuorrens yn greater ferbân te nûmerjen. De krityk út Tsjerkwert is it gemeente bestjoer net ûnwolkom, it is bliid mei sa’n bewiis fan meilibjen. Feroaring is noch wol mooglik, as der argewaasje út fuortkommen wêze soe. It brûken fan ‘t Frysk op nammebuordsjes moast neffens spr. Net gemeentelik mar provinsjaal útmakke wurde.

De hearen H. de Jong en Dj. Zijsling komme op foar it bihâld fan é  namme “Beabuorren”yn amtlike adressearing. Hja hawwe noed, dat de namme ferlern gean sil. De siktaris is fan etinken dat sokke âlde nammen like goed yn ‘e folksmûle libjen bliuwe. Om’t de namme “Beabuorren” op mear as ien pleats slacht, is er wat foar te sizzen, dat sa’n útbuorren in aparte beneaming en nûmering kriget. Der sil noch ris oer preat wurde kinne. It beswier foar Tsjerkwert hie west, dat der net in feriening “Pleatsilik Bilang” bestie, dêr’t foarôf mei praat wurde koe. De hearen B.Gietema en J. Galama kamen op foar de namme “Rytsebuorren”.dy’t fan tige âlde datum is en no gefaar rint te ferdwinen, as it officium de buorren beflapt ûnder de namme “Van Panhuysweg” en dus de âlde namme net in amtlike sanksje jowt. 

De hear B.Feenstra fan Jousterp achtet it miskien tefolle easke dat foar twa pleatsen in aparte beneaming, dy’t op’e hikke stiet, en in nûmering dêrneffens komme. As de namme Jousterp dan  net amtlik fêststeld wurde kin, soe hy mear foar de âlde namme Rytseterperwei of Jousterperwei as foar de nije namme “Van Panhuysweg”
De siktaris andert, dat de útbuorrens begrinzge wurde moatte, as de nammen dêrfan apart brûkt wurde sille. Ien namme foar twa buorrens soe dan ek like ferkeard wêze.

De smid Schukken seit as techniker technyske beswieren to hawwn: as ien opé Singel wennet, is er bêst te finen, as er de Singel as adres opjaan kin en net Kerkbuurt, dêr’t ek oare doarpsdielen by in begrepen binne. In technyske flater is, tinkt him ek, dat de apart steande smidte net apart nûmere is. Ek is by’t begjin fan’e Himdyk net in nammebuordsje op in pealtsje of sa oanbrocht. “In technyske flater”. De siktaris joech as “technysk antwurd”dat der gjin peallen set binne om de kosten sa leech mogelik te hâlden en dat by gebouwen (wurkpleatsen, weinhokken en bargehokken) ûnder it nûmer fan it haadgebou falle moatte.

Ferskate spekkers komme noch op foar de  namme de Syl dy’t al lang yn gebrûk is en it folk eigen is. De siktaris seit dat de Syl slacht op de einichste hûzen en net op’e hiele rige, dy’t tige geskikt is om de namme Walta yn eare te hâlden. Feike de Jong en KL. Van der Wal riede dan oan om dy namme libje te litten yn ‘e beneaming “Walta-singel”, dêr’t gjin ien beswier tsjin ha soe. It riedslid E. Reidsma pleitet noch foar de namme “Waltaweg”, dy’t er trochrinne litte wol oan ‘e singel ta. Hy stelt ek foar om in feriening fan doarpsbelang op te rjochtsjen. It twadde foarstel fynt mear byfal as it earste. Der al in aparte gearkomste belein wurse om te kommen ta it oprjochtsjen fan in feriening fan doarpsbelang.

De kritefoarsitter komt as sadanich noch ris op foar it oantsjutten fan Fryske nammen yn it Frysk. Wûnseradiel mei dêr wol yn foargean en hoeft net op in provinsjale regeling fan dy kwestje te wachtsjen. Bûtendat hat Akkrum al syn Sinnebuorren en Ljouwert hat al ieuwenlang syn Weaze, dêr’t gjin inkelde Haachske amtner biswier tsjin makke hat. Fan in foarstap kin dus al gjin sprake wêze. Mar as de nammebuordsjes doch noch ris op’e helling moatte dan soe der alles foar te sizzen wêze om de Fryske nammen in offisjeel kasjet te jaan troch se ek op’ e namme buordsjes te setten. De foarsitter bringt noch in wurd fan tank oan’e gemeente siktaris foar it ûnderhâldend besprek en foar syn tiid om dêr in joen belangeleas foar te kommen. Ta beslút wurdt “It Heitelân”mei-inoar sjongen.

LAAT EEN REACTIE ACHTER