Divelbanders

0
842

Divelbanders Dat de divelbanders wol ris misbrûk makken fan harren oansjen by it sljochtwei folk, kin men by R.S. Roarda lêze yn syn boekje Üt de âlde doaze”.Hy beskriuwt dêr de rjochtsaak yn tsjin de Boalserter Liuwe Christoffels alias Divelbander”, ook “Malburg  de wandeling genaamd” Hy wenne yn it Lyts Kleaster en wie sa’n 48 jier âld, doe’t er yn 1785 foar de knobus moast. Liuwe hie ek yn Wûnseradiel klanten, wat bliken docht út ferklearingen fan Tryntsje Ruerds, de widdo fan Klaes Durks te Beabuorren ûnder Tsjerkwert, in minske fan 55 jier. Hja hie yn 1782 net inkeld in pear sike kij, mar rekke sels en frijwa út stel de doe’t de medisinen fan dr Belkmeer fan Boalsert neat holpen, stjoerde hja har soan nei de bander. Dy gyng daalk mei en stelde fêst: “Minske, minske; dit stiet der net bêst ta. Gjin dokter of master kin jo helpe en ik hie gjin fjouwer dagen letter komme moatten, oars hie ik jo ek net mear helpe kinnen, want jo binne betsjoend, alhiel betsjoend.”Doe’t Tryntsje rôp: “O Heere, bin ik betsjoend,mar fan wa dan dôchs?”, andere Liuwe:”Fan Klaes Martens, dy’t hjir ek yn’e buorren wennet. Dy hat it jo oandien. Dan sjocht de bander har tige sterk yn de eagen, betaast har boast (dêr’t har sear die) en makket in drank klear. En it wie nuver, mar sadree’t hja dat guod brûkte, saksearre de pine en knapte hja op. Trije jier letter ferklearre hja foar it rjocht hielendal wer klear to wêzen en nearne mear lêst fan han te hawwen. Oangeande de praktyk fan Liuwe ferhellet hja noch, dat er sa faak as er mei syn drank te harres komt, alline yn har sliepkeamer wêze moat. Hy giet der mei in têst mei fjoer en as er wer fuort is, stiet de heile keamer folm reek en sit fol mei in skerpe walm( Divelbanders “baarnden en rikken”). Net fanwege dit masterjen moast de widdo fan Beabuorren by einsluten boarch wurden wie foar Liuwe Christoffels en dat de divelbander de lêste jierren gjin sint hier betelle hie, dat hja siet tige yn noed…

LAAT EEN REACTIE ACHTER