In fjoerbal

0
873

In fjoerbal Jit yn it jier 1827 seach de kastelein Liuwe Klaessens fan Tsjerkwert mei de dûmny (ds. Winsemius) fan it doarp in fjoerbal op in stik lân delkommen. No komt soks tsjintwurdich ek wolris foar, mar it ferslach dat M.D.Teenstra ús yn syn boek “Verschijndheden betrekkelijk booze kunsten en wetenschappen”(1840) docht, hat it karakter fan in sêge mei ‘t it seit: de kûgel naam it stal fan in minske oan en dy kuiere nei in lytse terp. Dêr rolle de fjoerman him as in stikelbaarch yninoar en gyng de loftreis wer oan.

LAAT EEN REACTIE ACHTER