Doarpekompetysje

0
1020

TSJERKWERT – De fuotbalkompetysje tusken Eksmoarre,   Dedzjum, Parregea en Tsjerkwert is op it fergreate sportterrein fan Tsjerkwert wer utein set om te bisykjen de fa.Wiersma-cup te winnen. Begoun waerd mei Tsjerkwert-Eksmoarr. De jonge Eksmoarsters wiene what flugger ás de hwat aldere Tsjerkwerters, mar se moasten belies jaen met de stân 2-1. Eksmoarre kaem foar troch in doelpunt fan S. Feenstra. mar de utmuntende keeper fan Tsjerkwert, Sjoerd fan ‘t Zet wie net wer to passearjen. De yn in nije pearse trui stutsen keeper kearde yn’e twadde helte in penalty.

Meindert  van der Wal makke  beide, Tsjerkwerter doelpunten. De selde middeis waerd ek Dedzjum- Parregea spile.  Beide ploegen wiene earst tige oan inoar weage. Dedzjum kaem doe mei 1-0 foar. Doe kaem Parregea los. Foaral Eise Feenstra makke foar Parregea in oantal doelpunten. Dedzjum hie de pech ien fan syn béste spilers te forliezen, doe’t Sjoerd Poelstra de foet fordraeide. Betterskip Sjoerd! Parregea woun mei 1-11. Programma 18 en 19 maeije: Tsjerkwert-Dedzjum. Eksrmoarre-Parregea.

Geschreven door Boalserter Krante 16-5-1972 

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelDe Abri
Volgend artikelFeestlied