De troch elkoar lotsjen partij foar senioren

0
596

De earste troch elkoar lotsjen partij foar senioaren fan K.F. De Twa Doarpen op snein 22 maaie is wer ferkeatst ûnder in strieljende sinne. Nei 2 jier koe de keatsferiening in wedstriid organisearje sûnder beheinings. Hearlik sûnder rinrûte’s, ûntsmettinsmiddelen en wat al net mear.

Der stiene 6 partoer op de list en der is keatst yn pûles. Yn de earste pûl wie der ien partoer dat der út rûn en beide wedstriden wist te winnen. It partoer fan Seakle Witteveen en Robin Bijlsma en Femke Boonstra. De earste partij wie tsjin Ype Bote Bonnema, Pytsje de Boer en Willem Schakel dy se mei 5-4(6-2) wûnen. De 2’e party tsjin Auke Walsma, Sjoerd Bouma en Teake Tilstra wûnen se mei 5-4(0-6).

Yn’e twadde pûl wie it tige spannend. Alle 3 partoer wisten elk in partij fan elkoar te winnen. Jan Hessel de Groot, Thomas Huitema en Hinke Bouma wisten nipt de partij te winnen fan Ids Walsma, Hidde Lemstra en Hessel Tiesma, 5-5(6-2). Ids en syn maten wûnen de partij wer nipt fan Bert Jan Ouderkerken, Wiebren de Jong en Jorn Ouderkerken, 5-5 (6-2). En Bert Jan c.s. wûnen de partij fan Jan Hessel c.s. mei 5-4(6-4). Twa partoer hiene no like folle punten, mar Bert Jan en syn maten hiene 1 tsjin earst minder en mochten dus troch nei de finale.

Oer de hiele dei wiene alle partoeren best oan elkoar weage. Sa ek wer in de finale, mar toch wisten Seakle, Robin en Femke de krâns te pakken mei 5-4(6-4). Oan’t ein fan de keatsdei waarden de prizen en krânsen útrikt. De sponsor Haarsma wolle we tankje foar it beskikber stellen fan de prizen en ek alle frijwilligers dy’t ús holpen ha. Tige tank.

De folgjende keatspartij stiet op sneon 18 juni op de aginda. In mei-elkoar keatspartij
mei Gaast, Ferwâlde en Eksmoarre yn Tsjerkwert. Oan’t dan.

In sportive groet,
K.F. De Twa Doarpen

LAAT EEN REACTIE ACHTER