€1.155,- foar jeugd K.F. de Twa Doarpen

0
584

Tongersdeitemoarn 28 april binne wy mei in oantal jeugdleden nei de Poiesz ta setten om ús sjek yn ûntfangst te nimmen. Wy wiene ferrast troch it geweldige bedrach fan €1.155,-! In part fan it bedrach sille wy brûke as kompensaasje foar de jeugdleden die oan de trening fan Simon Minnesma op moandeis meidogge. Fan it bedrach wat oerbliuwt keapje wy by Scheepvaart nije keatswantsjes foar de jeugd! Op dit stuit binne der fan de feriening 30 keatswantsje yn de omloop, prachtich dat wy dit sa dwaan kinne! Wy wolle eltsenien dy’t mei ús Poieszmunten sparre hat, tige tanksizze!

LAAT EEN REACTIE ACHTER