Harm de Boer en Tjamme Draaijer

0
540
60 jaar lid

Bolswarderkrant 6-3-1976
Hast 60 jier lid fan feestjende ijsklup.

Ien fan de âldste leden fan de Tsjerkwerter iisklup is de 75-jierrige Harm de Boer. Hy is al 59 jier lid kin de feriening. De hear de Boer hat it goede altyd mei de iisklup foar han. Hy wie tige  aktyf en is noch altyd ré om de hannen út de mouwen to stekken. Al yn 1933 wie hy karmaster. Foar it protte wurk dat de Boer foar de iisklup  ut ‘e wei set hat, waert  hy op 13 desimber 1967 ta earelid bineamd. Him waerd doe de medalje foar de goede tsjinsten opspjelde.

Harm de Boer kin de eardere tiden noch hiel goed far de geast krije. ,,It wie de tiid, dat der noch baanfeiers op de tichtferzen fearten en kanalen wiene. Wy hiene hjir wol in stik of seis. It wie sels sa, dat der om de banen lotte wurde moast, want de iene baen wie nou ienkear gâns drokker as de oare. Dêr ‘t it measte folk ried, barde men ek it measte jild fansels.

Wy hiene hjir eartiids in baanfeier Anne Bloemsma. Dêr wurdt fan foarteld, dat er, doe ‘t er in kear in healtsje lan in rider krige, dy efternei rôp:., Moest ek wat werom hawwe?” In oare rider joech niks, marrôp: ,,Ik kom aanst wol werom Bloemsma”. werop dy andere: Dat is foar dy al te hoopjen”.

Tjamme Draaijer
Ek de hear Tjamme Draaijer is al hast 60 jier lid fan de iisklup. De hear Draaijer dy’t syn hiele libben fytsmakker West hat to Tsjerkwert Wit to fertellen dat it eartiids de gewoante wie, om by sterk iis de feart út to riden. ik helle dan myn faem út Skearnegoutum wei. En dan de hele middei ride. Wy hawwe hiel wat kilometers ôflein sa.

Alvestêdetocht
De hear Draaier hat ienris ek de alvestêdetocht meidien. Dat wie yn 1940. Ik wie doe fanwege de mobilisaasje yn tsjinst. Ik die doe lykwols mei yn ‘t plak foar Fokke de Boer; dy wie der foar om lizzen gien. Moarns om fjouwer oere gongen wy mei syn fiven nei Ljouwert. It wie dy deis 17 graden ûnder nul. Yn Hylpen koe ‘k al mear prate fanwege de kjeld. It wie in swiere tocht. By Bartlehiem bin ik doe en mei in hiele bulte oaren fan it iis ôfstapt. Wy krigen lykwols al in krúske. De nachts om ien oere wie ‘k wer yn Tsjerkwert.

Beide mannen prate, as wy it oer de iisklup hawwe, bynammen oer de greate frouljus riderij yn 1929, doe ‘t der mear as tûzen kaartsjes forkocht wearden. Der stiene doe ek noch ris tûzenen op ‘e dyk to sjen. It wie in ûnferjitlike dei foar de- Tsjerkwerter ijsklup. – J.W.

LAAT EEN REACTIE ACHTER