Homminga/Buwalda

0
1307

Ien fan de stiennen dy’t by de restauraasje fan de Herf. tsjerke fan Tsjerkwert yn maart ferline jier ûnder de houten flier wei foar it ljocht kamen, wie in stien fan de famylje Homminga. Alhiel foaroan by it koar, op itselde plak as foar de restauraasje, leit er no wer.

Neffens it grêfskrift yn de râne is Sjoertie van Buwalda, frou fan Aucke van Homminga, hjir yn 1634 as earste beïerdige en har man dy’t neffens dat grêfskrift yn 1651 ferstoarn wie, sil dus wol by harren yn kommen wêze. Dizze Aucke wie de jongste soan fan Syoucke Wijtzes Homminga en Doedt Oeges Algera. Syn heit wie al foar 1570 wei, mar syn mem wie oant har ferstjerren yn 1603 boerinne op Hommingasate te Iemswâlde.

Dy pleats hat Aucke letter alhiel fam de famylje oernommen. Frjemd is wol dat Aucke it grêf yn 1634 noch net sines neame koe, Earst likernôch fjirdel jier foar syn eigen ferstjerren hie er it ta syn beskikking krigen, sa’t bliken docht út in rekkenboek fan de tsjerkfâdij. By akte fan 17 oktober ferklearje de tsjerkfâden Fedde Joostes en Johan Sijmens yn bywêzen fan harren dûmny Abrahamus Walsweer nammentlik dat sy oan Sake Ulbes Buwalda,
‘eygenerffde’ te Tsjerkwert, ferkocht hawwe ‘sekere legerstede in de kercke tot begraefenisse der doden fan sijn swager Aucke Siuckes, daerin dat de eerwaerdige, welgeleerde heer Reijner Ockes, gewesene priester ofte pastoor in Tiercqvart, is begraven geweest, daerop dat welgemelte Buvalda wegens bloetverwantschap die sijn swager met den voorgemelten pastoor hadde, actie van eygendom pretendeerde, ende also verkocht ende gegeven voor de somma van vijffentwintich Caroliguldens’.

Yn in twadde akte d.d. 16 jannewaris 1648 befêstiget Johan Sijmens dat Sake Buwalda him de keapsom fan 25 Cg. betelle hat en wurdt him (Sake) ‘nomine quo de eygendom fan het legersteed toegestaan’, lykwols ûnder betingst ‘dat so de andere niet voor het openen der graven quamen te betalen, dat gemelte Buvalda in qualiteit alsvoren daermede ook niet beswaert soude worden’.

Sake Buwalda hat it dus opnommen foar syn sweager Aucke Siuckes en dat die er yn syn kwaliteit fan eigenierde boer, d.w.s. as grûneigner. Mei it argumint dat Aucke famylje wie fan de âld-pastoar Reijner Ockes, dy’t dêr earder begroeven west hie, is it him slagge dat grêf foar syn sweager op syn namme te krijen. Hoefolle fragen der by dizze wat frjemde transaksje ek opkomme meie, safolle is wol dúdlik, dat Aucke Siuckes as besibbe al rjochten jilde litte koe foardat de keap sletten waard, wylst syn sweager, mei ‘t er as eigenierde boer hannele, dat dûbelsterk ek koe. It sil dus wol sa west hawwe, dat it Aucke wol tastien wie fan dat grêf gebrûk te meitsjen, foardat de keap fêstlein wie, mar oft der doe ek al in stien op kommen is…

Binnen de râne falt alderearst in alliânsjewapen mei in grut helmteken op. Dêrboppe en njonken steane grêfteksten, dy’t op Ulbe Homminga, ferstoarn 1689, en syn frou Bottie Bottes Saarda, ferstoarn 1692 slaan, dat dy alliânsje sil de alliânsje Homminga-Saarda wêze. De boppehelte fan de (trochsniene ?) lofterhelte fan it wapen sitte noch resten fan twa klavers yn, yn sa’n opstelling dat der trije klavers yn de opstelling 1-2 yn sitten hawwe sille. De alliânsje wurdt dutsen troch in helm mei wrong en in helmteken dat bestiet út de sierlik bewurke kop en lange hals fan in fûgel tusken in flecht fansiden sjoen. Dat helmteken is fan earder wol bekend fan de grêfstien fan Ulbe Tjaards Buwalda, de heit fan Sake, en fan it alliânsjewapen yn ‘e gevel fan harren pleats te Jonkershuzen, mar net fan Homminga.
Nei alle gedachten hat Ulbe Homminga dat teken dus fan syn famylje fan memmekant oernommen. Soks is net sa frjemd as it liket mei de wittenskip dat Ulbe Buwalda state fan syn omke yn gebrûk hie en dat lêstneamde syn state en hast syn hiele fierdere neilittenskop yn 1664 oan de fiff bern fan syn sweager Aucke Siuckes of dy har erfgenamten by testamint taparte hie. Dêrtroch wie Ulbe sels ek foar fiifde part eigner wurden. Boppedat wie er al eigner fan it hús, de skuorre en de wettermole, mar dy hier er op ôfkeap, dat dy moasten him, sa’t syn omke woe, by syn stjerren werombetelle wurde. Letter (1698) sil bliken dwaan dat Buwaldastate foar fjouwer fiifde part oan de twa dochters fan Ulbe, mei namme Sjouckie en Sjoerdtie, tadield wie, en noch letter (1728) wie Sjouckie allinne eigneresse alhiel yn oerienstimming mei de bepaling yn it testamint dat der gjin lannen of stikken fan Buwaldastate ôfskuord wurde mochten, salang as der in bernsbern fan Aucke Siuckes yn libben wie.

De bân Buwalda-Homminga hat dus troch de tiid hinne wol in hiele hechtenien west. Wannear’t de hear U.W. Bakker, in âld-ynwenner fan Tsjerkwert, yn it artikel ‘Tjerkwerd in het verleden’ yn it Bolsward Nieuwsblad fan 19 augustus 1949 dan ek skriuwt oer it ‘Buwalda Slot’ en syn bewenners te Jonkershuzen, dan sil syn ferhaal weromgean op de skiednis fan de niisneamde Buwaldastate. Dat artikel waard yn 1957 yn ferkoarte foarm oernommen troch A. Algra yn ‘De historie gaat door het eigen dorp’, dl. VI, s. 156, en is noch fierder ferkoarte ek nochris telâne kommen yn Geakunde Wûnseradiel s. 467. Mei de skiedkundige werklikheid hat dy foarstelling fan saken lykwols net in soad te krijen. Sa hâldt de skriuwer it ‘Buwalda Slot’ foar de letter Hoytema neamde state, wylst it wol út te finen wie, dat dat ‘slot’ dochs wat oars wie as de state fan Sake Buwalda dy’t er op it each hie.

Ek hat de skriuwer net foar it ferstân hân hoe’t de relaasje Buwalda-Homminga yn ‘e werklikheid west hat. It ferhaal fan in skieding yn ‘e famylje trochdat ien fan de twa soannen fan ien fan de bewenners mei de herfoarming katolyk bleau en de oare mei de herfoarming meigie kin yn haadsaak wier wêze. Ien fan dy bewenners wie nammentlik de al neamde Ulbe Tjaards Buwalda, dy’t bern hie twa houliken. Dêrfan wiene de bern fan syn soan Tjaard út it earste houlik herfoarme, wylst fan de ek al neamde frijfeint bleaune soan Sake út it twadde houlik fêst stiet dat er katolyk wie. Mar mei de nammen en de tiid strykt it wer net. It soe te fier gean hjier mei noch mear krityk te kommen. Lit my dêrom folstean mei op te merken dat de skriuwer troch ûnkrektens mei it ûndersyk slim holpen hdat in leginde oer Buwaldastate te foarmjen of yn stân te hâlden.

Behalven Ulbe en syn frou binne hjir in 1667 noch Doetie, in âldere suster, en yn 1678 Sieucke, in jongere broer fan Ulbe, yn it grêf kommen. Doetie hie troud west mei Hessel Obbes Intema fan Babuorren, mar is net by him begroeven. Hessel krige syn eigen no ek yn ‘e tsjerke oanwêzige stien. Sieucke wie troud west mei Lolck Wopckes Buma, (âldste) dochter fan de fearskipper, yn ‘t lêst winkelman, Wopcke Ates en Rinck Hommes út de Dykstrjitte, letter fan it Fliet te Frjentsjer. Har heit kaam oarspronklik út Tsjerkwert, mar hie him yn Frjentsjer nei wenjen set en wie yn 1645 boarger wurden fan dy stêd. Har broer Ate, de heit fan de lettere notaris Wopcke Ates Bouma of Buma, wenne dêr ek, yn de Schoolsteeg. Lolck kaam út in herfoarme húshâlding en nei Sieucke’s ferstjerren troude sy wer mei it lid fan de herfoarme tsjerkerie Douwe Douwes Hoijtinga.

De Homminga’s wiene lykwols roomsk en sa koe it barre dat de twa bern út har earste houlik roomsk bleaun binne en de soan Douwe út har twadde houlik herfoarme wurden is. Doe’t Lolck yn 1687 sels ferstoar, krige sy har eigen, no net mear oanwêzige haadstien mei in opskrift fan 260 letters, dêr de stienhouwer Arent Clasen te Snits 9 Cg. foar ynbarde. Har twadde man is yn 1710 yn it famyljegrêf fan de Hoitinga’s te Skettens begroeven.
Meidat Ulbe sels allinne twa dochters hie, wie dy syn staach, yn ‘e manlike line alteast, útstoarn. As lêste is hjir de jong ferstoarne Eelingh Sjoukes Homminga, in omkesizzer, dy’t syn heit Sieucke Auckes as eigner/brûker fan Hommingasate te Iemswâlde opfolge wie, in 1706 noch begroeven. De ûnderste helte fan de stien is dêrnei net wer brûkt. De wapenskylden op ‘e fjouwer hoeken binnen de kertierwapens t.w. Homminga, Algera, Buwalda en Stapert (sj. it famyljeskema).

It hear nochris oereagjend kin sein wurde dat Aucke Siuckes Homminga de haadfiguer is by de oankeap fan it grêf, en syn soan Ulbe by de foarmjouwing fan de stien. No hat it jier 1664 foar de famylje Homminga hiel wichtig west, sa’s wy al sjoen hawwe. Yn dat jier krigen sy nammers mei û.o. de rjochten op Buwaldastate ek rjocht op it grêf, dat is is wol oan te nimmen dat de stien alteast it diel binnen de râne doe ek de earste kontoeren fan syn no bekende foarm krigen hat. Hie Ulbe’s broer yn datsilde jier ik net it jiertal 1664 op de wapenstien fan syn pleats op Iemswâlde sette litten?
As alline de ôfmjittings fan grêfstiennen beskiedend wêze koene foar de status fan har eigners dan moatte de Homminga’s wol in wichtige famylje west hawwe. Mei syn 2,46×1,60×0,47 m is har stien de grutste yn Tsjerkwert. Oan ‘e dikte fan likernôch in heale meter te sjen kin er sels unyk in Fryslân neamd wurd, want oant no ta wiende der gjin dikkere fûn as fan 28 sm (meidieling fan de hear D.J. van der Meer). Mar nee, it bysûndere fan dit grêf leit net alderearst oan de stien dy’t der op leit, mar oan it grêf sels. It plak yn ‘t tsjerke foaroan yn it middenpaad tsjin it prysterkoar oan wiist der al op. En it twatal akten oer de ferkeap yn 1647 tsjûge mei dêrfan, meidat sy yntegraal yn it tsjerkfâdijboek opnommen binne, sa as yn net ien oare ferkeap fan in grêf earder of letter it gefal wie. It gie dan ek om in grêf fan ien fan de foargongers fan dûmny Abrahamus Walsweer, de âld-pastoar Reijner Ockes. Syn namme is noch bekend fan in list mei belestingplichtige ynwenners fan Tsjerkwert út 1578.

Boppeoan steane de geastliken en as earste fan de trije haadpriesters dy’t Tsjerkwert die noch hie wurdt er neamd: hear Reijner Ockezoen vi L (oanslein foar 6 g.) De fraach hoe’t Aucke Siuckes oan him besibbe wie freget noch om in antwurd. Underwilens hawwe wy mei dizze skiednis as eftergrûn by it ferhaal fan pastoar Andreas Tiara fan Easterein (‘annotationes’) oer de beneaming fan in nije pastoar yn de staasje Sinsmar (Blauhús) yn 1689 al wat in better sicht krigen op syn tiidgenoat Ulbe Auckes Homminga. Mei syn ferset tsjin dy beneaming stie Ulbe yn de lange tradysje fan it kollaasjerjocht. Dat hie er dus mienskiplik mei de herfoarme tsjerke, dêr’t fan datoangeande net folle feroare wie.

Hurdegaryp, jannewaris 1990
H.A. Zeinstra

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikel60 jaar geleden
Volgend artikelVlaggende molen