Hylke Speerstra yn Tsjerkwert

0
1295

Doarp bleau yn skriuwer hingjen: Hylke Speerstra werom yn syn doarp Tsjerkwert

Hy ferliet wol syn doarp, mar syn doarp soe him noait ferlitte. Hylke Speerstra (1936) komt werom yn syn bertedoarp Tsjerkwert. Op sneintemiddei 3 maart sil er as skriuwer-sjoernalist yn de herfoarme tsjerke oer syn wurk en libben fertelle. Yn wurd en byld.

‘Sjoch ik werom op alles wat út myn pinne kommen is, dan sil ik it net ûntkenne: ‘It bern fan boerehiem en doarpke oan de feart hat my noait ferlitten, it sit hjir en dêr yn myn proaza ferweve.’

Hylke Speerstra begûn as learling-sjoernalist by it Frysk Lânboublêd, waard ferslachjouwer bij de Friese Koerier ûnder Fedde Schurer en waard frege haadredakteur te wurden fan it yn Rotterdam ferskinende Weekblad Schuttevaer. Dêr naam er yn1985 by Uitgeverij Kluwer it inysjatyf ta oprjochting fan it Agrarisch Dagblad. Doe’t dat blêd ûnder syn haadredakeurskip yn de merk stie, waard er troch de Friese Pers ‘werom roppen’. Dêr’t er in koart ieu earder as learling begûn, waard er no haadredakteur fan de Ljouwerter krante.

De sirkel wie rûn. Doe’t er nei sân jier sechtich jier waard, fûn er it tiid him folslein oan it skriuwen fan literêre non-fiskje te wijen. Hy reizge dêrfoar er nei alle kontininten om ferhalen op te tekenjen. Wie er wilens de bêst ferkochte Fryske skriuwer, dêrmei soe er er lânlik trochbrekke. Syn Fryske oeuvre omfiemet 15 titels. Yn it Nederlânsk binne it der nochris 16; foar in part oersettingen. Resint is der in tredde titel yn it Ingelsk yn tarieding. Op dit stuit wurket er oan in non-fiksje roman. Dêr sil er in koart fragmint út foarlêze. It giet oer… in doarp.

De Tsjerkwerter wurkgroep kultuer organisearret de sneintemiddei op 3 maart. Ynrin mei kofje/thee fanôf 15.30 oere. De lêzing begjint om 16.00 oan’t 16.45 oere. Dêrnei is der noch tiid foar fragen en ynformele petearen. Tagong fergees.

LAAT EEN REACTIE ACHTER