Iepeningswurd Kunstrijk Tjerkwerd Hylke Speerstra

0
1474
Tjalling de Boer web

Hjirûnder de tekst dy’t Hylke Speerstra útsprutsen hat by de iepening fan de expositie Kunstrijk Tjerkwerd.

Acht bestjoer, Organisaasjekomité, Keunstners/eksposanten, Bêste doarpsgenoaten!

As âld-Tsjerkwerter is it my in ear dit ynisjatyf mei in ferhaaltsje oan te rikkemondearjen. Want der giet neat boppe de keunst, of it moat al de tsjerke wêze. Yn dit gefal in doarpstsjerke, dy’t op himsels al sa’n nijsgjirrich produkt is fan byldzjende en arsjitektoanyske keunst. In bouwurk, dat it om mear as ien reden fertsjinnet yn goede steat bewarre te bliuwen.

Ik ha wilens sjoen wat der oan keunst útstald is. Lit ús hoopje dat wy net nochris in byldestoarm kribje… Mei wat der fan ’e wike gearbrocht is, wurdt it bewiis levere dat der yn sa’n lytse mienskip mear talint tahâldt as wat men yn jins stoutste dreamen dreame kind hie. Sa giet it my alteast.

It is it hân- en gefoelswurk fan stille, faak ferburgen artistyk bejêftige doarpsgenoaten. Wurk, ûntsprute oan dy wûnderlike driuw om je ‘oars’ te uterjen, je oer te jaan oan de ferbylding, of om jins útsûnderlike ambachtlikheid ta keunst te ferheffen

Hat it der mei de ‘getalenteerdheid’ yn de rin fan de jierren dan minder florisant yn Tsjerkwert foarstien? Bestiene eartiids, op dizze taaie grûn en yn de libbenssfear fan it faaks wat swiermoedige geloofslibben, ditsoarte artistieke en heech-ambachtlike uteringen dan net?

Ik gean noch efkes troch en freegje my ôf: Krige earder de ferbylding dan gjin kâns tsjin de nochal keale, sober behongen muorren fan it Calvinisme? Hold it op by in swiere preek, dy’t ornaris it folk yn it moed taaste moast, en it stadich spyljen en sjongen fan psalm en gesang?

Wie it foaral in spultsje fan: In het zweet Uws aanschijns moat ik mar myn brea sjen te fertsjinjen, en fierder gjin tierlatijnen? Nee, sa wie it net. En dochs: troch de swiere libbensomstannichheden fan eartiids wie der wol folle minder gelegenheid om je mei jinst talinten yn it algemien, en de artistike yn it bysûnder, út te wierjen. Lykwols, wat yn de minske siet, kaam der dochs op ien of oare wize út.

Tjitte wijngaarden web

 

 

 

 

 

Wie it net âlde Tjitte Wyngaarden  – de pake fan jim troch my heech wurdearre byldzjend keunstner Gerrit Doedes Wyngaarden – dy’t it bestie om mei allinne de bile in mole stâl te maan? En wie der ea net in âld-skipper op ’e Syl, dy’t yn in jeneverflesse in 3-mêster ûnder fol túch ynelkoar gûgelje koe?

Tsjerkwerter keunstners en bejêftige ambachtslju fan hjoed! Jim hawwe it wier net fan in frjemd. Om op de Syl te bliuwen: Timmerbaas Paulus Zijlstra sitearre út de holle in fers fan Piter Jelles Troelstra wylst er tagelyk in fersliten houtene wetterpomp foar in boer op Beabuorren yn in folsleine nije pomp om tsjoende.

P. Zijstra en Djieuw Stoffelsma web

 

 

 

 

 

 

 

It wie ta keunst ferheven fakmanskip sa’t er de útein fan de pomp úthelle en de pompsturt behelle. It wiene it krekte setten fan it ammerke mei fet, it op syn plak bringen fan de sûger. En dan, dan it koperen kraachje opklinke en de swellesturt as ferbining foltôgje. Ho, net ferjitte, noch eefkes mei in hammerke de flapkes omhelje, sadat se oer in ieu noch krekt sa sitte soene. En dat alles barde yn in tiidrek fan pompe of fersûpe.

Welbedacht B.1 web

 

 

 

 

 

It wie it bodzjen op swiere grûn, it wie it útkroadzjen fan dong en jarre troch komelker Bauke Welbedacht – dy’t sûnder ien stikje seadde op syn kampke oer te slaan – yn de neisimmer noch wer bûterblommen op syn lân tsjoende. O striid om it bestean; der wie sa’n bytsje romte om fan jins talinten te tsjûgjen.

It wie Lytse Tsjalling de Boer, dy’t mei de flymskerpe file de snijseine skerpe. En der dan kearsrjochte greppels mei yn de dreech knippige grûn fan de Sytse-Dykstra-pleats figurearre. Skerpe linen. Sa ûntstiene rjochte fakken. Mondriaan!

Tjalling de Boer web

 

 

 

 

 

Earst eage Tjsalling it hear oer, dan spande er de kreppelline. Mar as it lân der ûnsljocht hinne lei, die Lytse Tsjalling it poer en allinne op it each, dan folge er mei de enoarme snijseine de âlde bochtige slinkjes dy’t eartiids it wikende wetter neilitten hie op it oan de see ûntwraksele lân. Bochtsjend nei de kime gie it dan, en waard it in skilderij fan de Fryske Klaas Koopmans –silliger. Of sels fan dy syn lotgenoat Corneille.

Tjalling de Boer 2 web

 

 

 

 

 

 

En as Lytse Tsjalling dan syn driuw nei artistisiteit nóch net befredige hie, gie er noch deselde jûns nei in residearwedstryd te Boalsert of Blauhûs en droech er foar, it magistrale epos fan de earste fleanmasine dy’t fan Wynbritseradielster kriten ris lyk oer Sylsroede en Trekfeart saaid wie. Neffens Tsjalling dan. John Steinbeck, de ferteller, yn de persoan fan in ferburgen talint, lyts fan stâl.

Ja, sels de boere-arbeiders, dy’t sechtich oeren wyks by de boer wurken, jûns dan ek noch foar harren iene stiene te bermmeanen, mar keunstners wiene as se de harhammer sa op it harpaad falle lieten, sadat se mei de seine in healmêd gers omlizze koene sûnder te strikeljen. Meinze Poelstra cum suis… Oant de dea der op folge. Wa wit trouwens noch wat strikeljen is.

En wa hjir op dit doarp hat de toverlantearneplaatsjes by Sjouke Zwaagstra yn it achterhoes sjoen? Wa hjirre is dêrmei as bern net mei yn de wûnderlike wrâld fan de ferbylding belâne?

Hendrik Schukken web

 

 

 

 

 

Oer ferbylding sprutsen: Wa hat waarnommen hoe’t Hindrik Schukken, ek op de Syl – ek noch nei de oarloch- út in ikebeam in boerehaaiwein tovere, mei fersiering op tiksel, foar- en achterslachter, boekberje en sydberjes? De priis fan syn keunstwurk? Twahûndert sulveren gûnen. Anno 1946.

Wêrom, hearen Picasso en Dali, moast dizze Keunst-mei-in-haadletter in spultsje bliuwe fan bloed, swit en triennen? Wêrom moasten njonken dizze bodders ek nochris froulju, memmen, stean dy’t de keunst ferstiene om mei sa’n sobere beleanning in hiele húshâlding skjin en heel troch de tiid te helpen? Minne tiden ja; der waarden doe noch gjin fiskangels foar tsientûzen dollar it stik oantúgd…

Smederij K schukken web

 

 

 

 

 

En wa wit hjir noch dat dy Hindrik syn broer, de smid en doarpsman Klaas Schukken, hjoed grif direkteur fan it Nationaal Innovatie Instituut wurden wie mei syn útfining fan allinne al dat jirpelskilersmeske, makke fan in gewoan stikje buis. Eenvoud, as kenmerk van het ware. Mar ek: keunst ferheven kreativiteit.

Moat ik de bakkers dan net name dy’t harren eigen kreaasjes kwastekoeke en oranjekoeken útsutelen? Moat ik Jopie net neame dy’t mei syn lippen op twa stimmen fluitsje koe?

Deelstra Joop en Hinke. web

 

 

 

 

 

 

Doe’t syn heit him as winkelman te Tsjerkwert ta wenjen sette, moast de piano fuort op straffe fan gjin klandyzje fan rjochtsinnicjh Tsjerkwert. Dan mar fluitsje. De kreativiteit liet him net smoare.

Moat ik ek de ûngetider neame dy’t in weide hea sa loegje koe dat de fracht waggeljend oer de ûnsljochte knippige lânpaden dochs noch kant en wol yn de skuorre belâne? Hearde dat ek net ta de hegere keunst?

Ja, dat wie it, want der binne noch noait safolle weiden hea omfallen as krekt yn de rin fan de tritiger jierren, doe’t gâns fallite boeren ta arbeider degradearre wiene. Dy boeren wie de keunst fan it loegjen blykber net bybrocht.

Oostenveld en Bak web

 

 

 

 

 

 

 

En sa kin ik de hiele buorren wol del gean. Ik soe de ferwers neame kinne dy’t sûnder tefolle helpmiddels boppehans de sjablonen tsjin in balkwurk tsjoenden; ik soe Jan Oasterveld ek neame, de timmerman dy’t yn syn jonge jierren op de kop oer de naald fan de Pasmapleats rûn hie. Alteast, sa wol it ferhaal.

Ferhalefertelle is op it lêst ek keunst. ‘Jan de Timmerman, fluitsjend, en mei wynkrêft acht, op ’e kop oer de naalt op Jonkershuzen.’ O ja, Rintsje Visser, yn syn frije tiid postboade, dy’t sûnder konservatoarium de KleineNachtmusik fan Mozart op de harmoanika spylje koe.

Visser Rintje en Jelle Koopmans web

 

 

 

 

 

 

 

 

Slút dat net oan by wat de kurieuze, ûnferskrokken oarlochsheld Bauke Buwalda achter op Iemswâlde koe? Hy bestie it de komposysje ‘De Slach by Waterloo’ poer en allinne op de swarte toetsen te spyljen.

NR210. web

 

 

 

 

 

Lit ik ta beslút Sibe Sipkes de Jong neame. Master Sibe. Mochten jimme wer ris op in nije strjitnamme omstinne, tink dan oan Master Sibe Sipkes de Jong, dy’t de libbenskeunst ferstie om sa goed as hielendal ferlamme, helderop te spyljen, te dichtsjen, te libjen, mei te libjen en te oerlibjen.Tanksij dy syn spankreft en kreativiteit hat de man it sa lang fol holden.

Sibe, dy’t my en safolle oare Tsjerkwerters it Ingelsk en Fransk sa byspikere dat wy ús dêrmei letter ek noch rêde koene.

Miskien hie ik álle Tsjerkwerters troch de tiden hinne wol neame moatten. Om se ta libbernskeunsters út te roppen. Keunsters yn opgeande en delgeande tiden fol soarch en striid om it bestean.

Harren keunst leit yn doarp en folk besletten. Der tsjûget alles fan wat yn 2010 oan bjusterbaarliks yn de tsjerke leit, stiet en hinget.

Hylke Speerstra

LAAT EEN REACTIE ACHTER