Iepenloftspul | De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…

0
622

Tsjerkwert, gjin doarp mei in hiel ryk teatraal ferline. Hoewol ‘t der mear as ien kear toaniel opfierd waard. Der falt altyd genôch te belibjen. No stiet der in iepenloftspul op it program. De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…’. Wa syn skiednis net kin, sil ûnder strûpe?

Unyk lokaasje-teater by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert. De poldermole dy’t al jierren ynsetten wurdt yn de striid tsjin it wetter en sûnt 1882 pronket op buorskip Beabuorren.

Jierren lyn hiene wy it der al ris oer. Wat soe it dochs moai wêze lokaasje-teater út te fieren by de Beabuorstermole yn Tsjerkwert. No is it safier en hawwe wy der wurk fan makke en in moai Frysktalich stik skreaun.

De Tsjerkwerters diene it ûndersyk en makken in konsept. Teatermakker Romke Gabe Draaijer waard frege foar de tekst en bewurking. De rezjy is yn kundige hannen fan Hillie Altenburg. Om de organisaasje yn goede banen te lieden is in kommisje gearstald.

It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan mûnders-pear Wyberen en Hyke Koopmans. Buorjonge Jouke Hylkema sei eartiids -De Beabuorster mole- it plak dêr’t alles him ôfspilet, wie in plak dêr’t de wetten fan ienfâld en ôfsûndering hearsken. Teminsten, sa fielde dat oan.

Wybrigje hâld in sprekbeurt. It giet oer: Molens! De hjoeddeistige bern hawwe der net safolle mei. Molens binne bo-o-o-ring. As dochs net? We sjogge Caspar de Robles dy’t de boeren foarhâld, it is dykje of hingje. It Wetterskip wat net sa heech opjout fan dizze poldermole. En…

Wat stiet ús te wachtsjen mei de feroarings fan it klimaat? Is de mole fan weardeleaze mearwearde, of hawwe we him yn de takomst bot nedich? Leare wy fan de skiednis, of tinke wy dat it ús net oerkomt?

Dik tweintich Tsjerkwerters, wêrûnder in oantal basisskoalle bern, hawwe in rol of binne figurant en dogge mei oan it spektakel. Dêrneist spilet de fanfare muzykferiening Eensgezindheid in rol yn de muzikale omlisting. Alle belutsen eigners rûnom de lokaasje binne entûsjast sa ek de eigner fan de mole Stifting De Fryske Mole. Dêrneist is der in soad stipe fanút fûnsen en bedriuwen.

Der binne twa foarstellings. Ien op sneontejûn 17 juny om 20.00 oere en sneins 18 juny om 15.00 oere in matinee foarstelling. Wês derby en keapje jo tagongsbewiis no fia www.tsjerkwert.nl/iepenloftspul.

—————-

Tjerkwerd, geen dorp met een heel rijk theatraal verleden. Hoewel er meer dan eens toneel werd opgevoerd. Er valt altijd genoeg te beleven. Nu staat er een iepenloftspul op het programma. De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…’. Wa syn skiednis net kin, sil ûnder strûpe?

Uniek locatietheater bij de Beabuorstermole in Tjerkwerd. De poldermolen die al jaren wordt ingezet in de strijd tegen het water en sinds 1882 pronkt op het buurtschap Baburen.

Jaren geleden hadden we het er al eens over. Wat zou het toch mooi zijn locatietheater uit te voeren bij de Babuurstermolen in Tjerkwerd. Nu is het zover en hebben we er werk van gemaakt. Er is een mooi Friestalig stuk geschreven.

De Tjerkwerders deden het onderzoek en maakten een concept. Theatermaker Romke Gabe Draaijer werd gevraagd voor de tekst en bewerking. De regie is in deskundige handen van Hillie Altenburg. Om de organisatie in goede banen te leiden is een commissie samengesteld.

Het verhaal speelt zich af in de tijd van molenaars echtpaar Wyberen en Hyke Koopmans. Buurjongen Jouke Hylkema zei eens -De Beabuurstermolen- de plek waar alles zich afspeelt, was een plek waar de wetten van eenvoud en afzondering heersten. Tenminste, zo voelde dat aan.

Wybrigje houdt een spreekbeurt. Het gaat over: Molens! De hedendaagse kinderen hebben er niet zoveel mee. Molens zijn bo-o-o-ring. Of toch niet? We zien Caspar de Robles die de boeren voorhoudt, het is dijken bouwen of aan de galg. Het waterschap dat niet hoog opgeeft van deze poldermolen. En…

Wat staat ons te wachten met de veranderingen van het klimaat? Is de molen van waardeloze meerwaarde, of hebben we hem in de toekomst echt nodig? Leren wij van de geschiedenis, of denken wij dat het ons niet overkomt?

Dik twintig Tjerkwerders, waaronder een aantal basisschoolkinderen, hebben een rol of zijn figurant en doen mee aan het spektakel. Daarnaast speelt de fanfare muziekvereniging Eensgezindheid een rol in de muzikale omlijsting. Alle betrokken eigenaren rondom de locatie zijn enthousiast, zo ook de eigenaar van de molen Stichting De Fryske Mole. Daarnaast is er veel ondersteuning vanuit fondsen en berdrijven.

Er zijn twee voorstellingen. Eén op zaterdagavond 17 juni om 20.00 uur en op zondag 18 juni om 15.00 uur een matinee voorstelling. Wees erbij en koop uw toegangsbewijs nu via www.tsjerkwert.nl/iepenloftspul.

LAAT EEN REACTIE ACHTER