‘Ja, no Hyke?’ fynt plak yn 2021

0
1136

De ôfrûne dagen hawwe wy troch it koronafirus spitigernôch beslute moatten it iepenloftspul ‘Ja, no Hyke? – De Beabuorstermole en de striid tsjin it wetter…’ mei in jier út te stellen.

It sil no plakhawwe op 19 en 20 juny 2021.

De opset en ynhâld bliuwe gelyk. De tariedingen sille wy koart nei de simmer wer oppakke. Sadat it spektakel yn juny 2021 as noch plakhawwe kin. Wy hawwe der nocht oan!

Ynformaasje fine jo op www.tsjerkwert.nl/hyke

Groetnis de organisaasje fan Ja, no Hyke?,

Jan Witteveen, Jan Nota, Epie Wijngaarden, Wieko Hekkema, Anita Hekkema en Agatha Witteveen

Mail: janohyke@gmail.com

LAAT EEN REACTIE ACHTER