Jan en Jantsje Taaigat 50 jier troud

0
1159

Wy, de bern fan Jan en Jantsje, wolle jim fan herte wolkom
hjitte op dizze feestjûn ta eare fan harren

50 JIERRIGE TROUDEI….

Dit is it jubileumkrantsje dat wy foar harren makke ha.
Ja, it is alwer 50 jier lyn dat Jan en Jantsje, ús heit en mem,
troud binne. Tiid foar in feestje! Alteast dat woe mem Jantsje
graach…. Heit fûn it skande fan it jild, mar om’t Jantsje hast
in moanne yn staking gong en Jan hast omkaam fan de
honger, joech Jan belies!! En hjoed is it dan safier. Wy binne
bliid dat jimme hjir allegearre binne om harren gouden
houliksfeest mei ús te fieren. Us heit hie it leaver wat lytser
holden:” Wy hâlde fan lyts en leafst mei eigen folk, wól sa
gesellich!(en net sa djoer…) Wy sette it net yn “It
Skieppesturtsje”, want dan komme der fiersten tefolle
minsken op ôf. En der hoecht ek gjin iterij by, in stikje droege
woarst en wat tsiis is mear as genôch!

En muzyk? Soan Kees kin wol wat plaatsjes draaie en oars
mar gewoan de radio op de eftergrûn. Wy fiere it wol yn ‘e
garaazje, docht de famylje mar in dikke trui oan as it kâld is.
En gjin stikjes, wat in ûnsin al dy abc-stikjes en falske
ferskes. Aanst fertelle se ek noch rare dingen oer my. NEE,
FOARAL GJIN OPSKUOR!!!!!”

Sa like it in lyts ûnbenullich feestje te wurden. Mar heit Jan
hat de organisaasje alhiel út hannen jûn oan ús mem en ús.
En wy ha in oare gedachte oer feestfieren!!!!
En wy hoopje dat it in hiele gesellige jûn wurdt!
Lekker ite foar aanst en in protte wille!

It jubileumkrantsje fine jo hjirûnder:

LAAT EEN REACTIE ACHTER