Jubilaris W. de Jong 40 jier by de post

0
1040
w de jong 1

Sneon de 20ste april 1963 sil in besûndere dei wêze foar de doarpen Dedzjum en Tsjerkwert! Benammen foar ien fan ‘e bewenners derfan, te witten de hear Wieger de Jong, poststasjonhâlder-besteller 1e klas te Tsjerkwert. It sil dan krekt 40 jier lyn wêze, dat de hear De Jong by de posterijen yn it wurk kommen is. De Tsjerkwerter postman fiert dus sneon syn achtste lustrum.

Op 20 april 1923 kaem de jubilaris as helpbesteller yn it plak fan’e hear H.Zwaagstra te tsjerkwert. Hy wie doe 18 jier en yn it skuonmakkersfak by syn heit, dy’t ek 13 jier postkantoarhâlder west hat. Nei de dea fan syn heit, de hear M. De Jong hat syn mem frou A de Jong-Andringa, 26 jier lang poststasjonhâldster west te tjerkwert. De jubilaris hie dus syn nocht oan it postfak net fan frjemd. Né, men soe suver fan in “famyljekwael”prate kinne, want syn pake, dêr’t er nei neamd is, hat 40 jier besteller west yn Warkum, syn oare pake de hear S.Andringa, 40 jier besteller yn Wurdum. Sym Omke T.Koopman 40 jier besteller yn Warkum en syn neef S. Grouwstra 43 jier besteller yn Mantgum.

Jong 1958 tsjerkwer (1)
Wieger en Anna de Jong-Poelstra in 1958.
w de jong 1
W. de Jong yn syn kantoar.

Hy hat yn it bestelwurk no al wit hoe lang help hân fan syn eigen broer de hear Rinse M. De Jong, oanstutsen fan’e selde “kwaal” Op 30 augustus 194 waard de jubilaris beneamd as stasjonhâlder-besteller en op 3 jannewaris 1955 as stasjonhâlder-besteller 1e klas. De jubilaris hat ek wol kâns hawn foar in oerpleatsing nei in oar, in gruter plak, mar hy fielde him tefolle oan syn berteplak boun mei teare bannen, dat er mar leaver syn work yn Tsjerkwert fuortsette. Dêrtroch is de hear De Jong altyd yn Tsjerkwert hingjen bleaun. Hy is dêr ek noch koster fan´e Ned. Herf. Tsjerke. Al neamd de PTT-tjinst it geboutsje oan ‘e waltawei 7: Poststasjon, de Tsjerkwerters sels prate datoangeande altyd fan “it Postkantoar”. Fjirtich jier lang hat de hear De Jong dêr de lju bystien mei rie en die as earste skeakel yn alle postferbiningen mei de hiele wrâld. As de Dedzjumers en Tsjerkwerters in brivekaert nei Greonterp stûre wolle of in kaertsje, brief of pakje nei Kalifornie, Súd Afrika of Nij-Sélân, dan is de jubilaris de earste man dy’t dêr oer kedize moat.

Hy hat sa al hiel wat poststikken te plak brocht of te plak bringe litten, formulieren ynfolle, jild fiortstûrd, ynlein of útbetelle. En al binne party “muoikesizzers”fan “Muoike Post” wolris sa ûndogensk om bûten kantoartiid te kommen, as it driuwend wie, binne hja altyd tige réwillich holpen. De doarpsgenoaten stelle dat tige op priis en sille sneon grif net fersomje gebrûk te meitsjen fan ´e gelegenheid te lokwinskjen yn ´e Harmonie te Tsjerkwert fan healwei achten oant healwei tsienen.

Dêr sille dan wol ris ferhalen loskomme oer de reizen, dy´t de jubilaris by waar en gjin waar makke hat. Ien reis nei Dedzjum heucht him noch tige skoan± hy soe doe mei de fyts yn´e hân en ´e brievetas oer it skouder om in hikpeal, mar kaam mei alles yn´e  sleat te lânne, om ´t de hikpeal it bejoech. Sneon te joen  sille de ferrassingen wol fan nofliker aard wêze.

w de jong 2

Jong 1958 tsjerkwer (2)

 

 

 

 

 

 

Bolswards Nieuwsblad 19-4-1963

LAAT EEN REACTIE ACHTER