Jubileum R.M. De Jong

0
1005
R.M. de Jong in Bolsward

Tsjerkwert – Freed 28 septimber (1973 fm) wie de dei, dat Rinze de Jong 40 jier yn tsjinst wêst hie by it steatsbidriuw PTT. De doarpsflagge wie út, lykas in oantal oare flaggen.

Doarpsbilang hie de rook fan it jubileum krige en makke de bal oan ‘t roljen. It feest krige syn hichtepunt de joun yn ‘e boppeseal fan it nije doarpshûs. Mear as hûndert gasten en “posten”wiene oanwezig en dat wiene grif mear as de hear en mefrou de Jong ferwachte hiene, hwant se hiene it earst oan hûs halde wollen…

Broer S. De Jong fan Bolsert hie de leiding oer de joun en fornijde de oanwezigen, dat it post-wêzen de  de Jong en winliken yn it bloed sit. Datselde foun ek de hear Hoekstra fan ‘e PTT, dy’t neist goede wurden en kado’s meinommen hie yn’e foarm fan in oarkonde, in gouden insigne en in slûf mei ynhald. It personiel kaem ek mei goede jeften, doarpsbelang hie Warkumer ierdewurk, de biwenners fan Tsjerkwert, Makkumer en twa reaukes. Eensgezindheid hie earst it jubilearjende pear in serenade brocht, wylst mefrou Allema de resepsje op’e akkordeon opfleure.Populaire fryske lieten waerden út folle boast meisongen. It wie in tige gesellige joun hwert faek en folle sein waerd: femylje de Jong. fleurig en soun op nei de pensjonearing en ek dernei.

B.N. 18.9.73
Onze gelukwensen ditmaal aan de heer R.M. de Jong te Tjerkwerd besteller der PTT te Bolsward, die op 28-9-1973 40 jaar in dienst van het Staatsbedrijf der PTT is. Het aantal kilometers gelopen, gefietst en gebromd is ontelbaar.

Bolswards Nieuwsblad van 09-01-1973

LAAT EEN REACTIE ACHTER