Kerst 1944

0
941
Waltawei (15)

DE DONKERSTE KERST 1944 FRIESLAND
Leeuwarder Courant 24-12-1994
door Hylke Speerstra haadredacteur fan de Leeuwarder Courant.

Bidde yn ‘t bûthús
Tsjerkwert, desimber 1944. In doarp oan de Warkumer Trekfeart, in rige huzen, in tsjerke, in flapbrêge. En fansels in ‘School met den Bijbel’ De útbuorrens meirekkene hat It doarp 550 ynwenners. Telle wy de ûnderdûkers der by op dan sille It no 650 wêze.

It rint tsjin de koartste dei en de nije skoalmaster Sjoerd Hibma, kin de trije skoallokalen noch amper waarm hâlde. De turf is sa goed as op, der is gjin antrasyt, aaikoal of briket mear te besetten. It kin sa net lang mear duorje, mar de Ingelsen en Amerikanen sille no wol gau komme.

Der sit gjin froast yn ‘e lof; it is oant no ta in iepen winter. De lêste wiken komt der hast g tsjalk mear troch de Trekfeart, mar ik sjoch noch al in byld foar my: dûnker waar, mei op de trekdyk in heft mei twa bern dy’t yn de jaachline hingje om it skip te lûken. It giet. hiel stadich. Alles, it hiele libben, giet hiel stadich. Ik sit op de efterste bank yn ‘e twadde klasse en sa sjoch ik op in moarn it topke fan in mêst foar de hege finsters lâns skowen. In  mêst topke mei in wylderjende wimpel..

Eigen ferset
De grutte minsken dogge geheimsinnich en swijend oer de oarloch, foar de bern meitsje se der in mystearje fan. Soene se der net mear fan begripe as dat in bern der fan begrypt? Sadwaande litte wy ús meidriuwe op eigen fantasije. Wy haw ek ús ferset; in fersetsbeweging tsjin de fijân. Wy flústerje elkoar ta hoe min de Dútsers wol net binne. En de heit dy t de measte ûnderdûkers hat, dat is de grutste held.

,,It moat winterwaar wurde, dan kinne ús ûnderdûkers fuort komme, want de Dútsers kinne net reedride.” ,,Dat is sa, want in Dútser kin net swimme. Moffen binne deabenaud foar wetter, yn Dútslân hat men gjin wetter.” Op in mistige moarn fljocht der in griene motorfyts troch de buorren, de Dútse soldaat hat in wynsel om ‘e holle dêr’t it bloed trochhinne komt. De Ingelsen en Amerikanen kinne no net fier mear ôf wêze!

De krystdagen komme der oan. Earne is der in ûnderdûker, dy hat fan klaai en antrasytstof ‘brânballen’ makke. Se gloeie in kertierke en dan is de skoalkachel wer út. Lykwols heucht it my net dat wy lêst ha fan de kjeld. Ik bin acht jier en draach breiden ûnderguod, breiden hoazen klompen.  Mochten wy kâlde fuotten krije, dan meie de klompen yn’ skoale oan bliuwe.

Wy boartsje allinne noch mei eigenmakke boartersguod: in top út in kloske hout, in hoepel fan in ring fan in tûne, in knikker út klaai, in kleurstift fan in sniper dakpanne. It nijste en altersbegearlikste mica! ’It is it finsterglês út in delfallen Ingelse of Amerikaanske bommewerper. Men kin der in ring fan meitsje. Jelte fan Minse van Dijk hat by Elzinga in aluminiumbuis fûn, ek fan in delfallen fleanmasine. Hy makket der tritich ringen út en fer keapet of ferruilet se Aluminium, dat is wat, dat is noch djoer der en begearliker as goud, it komt fan de Amerikanen!

Hibma
Master Hibma

En dan ha wy de koartste dei en it wurdt skier fan de kjeld. Sjoerd. Hibma kin twa fan de trije lokalen net mear stoke. Op ‘e Syl stiet noch in rige kolossale ikebeammen. De patriarchen fan Tsjerkwert, timmerbaas Paulus Zijlstra en moalkeapman Eeuwke Reitsma — twa mannen mei in grize snor — steane foar in swiere beslissing: beammen omkapje of net omkapje. En hoe sil dan it hout ferparten wurde moatte? Wat is foar de herfoarme tsjerke, wat foart de grifformearde, wat is der foar de skoalle en hokker boargers moatte der mei holpe wurde?

Healneaken
Ynienen, op in moarn, steane de beammen der net mear. Healneaken  moat Tsjerkwert fierder wachtsje op de frede. Lykwols hat master Sjoerd Hibma it mei de skoalkachel net rêden. De doar giet ticht. Gjin skoalle mear; foar my is it al in bytsje Befrijing. As bern wol ik altyd bûten wêze, bûtendoar dêr bart It, foaral yn in oarloch. Trouwens, de potleaden en de inket binne ommers ek al op. Wy skriuwe wer mei laai en griffel.

Mar Hoatse de Jong sit yn ‘t  skoalbestjoer en dy hat mei safolle wurden sein dat de Dútsers ús net dom krije sille. Dat it learen moat trochgean. As it net kin sa’t it moat; moat it mar sa’t it kin: it haad fan de skoalle fytst de útbuorrens del om dêr de bern les te jaan. Ek nel ús Iemswâlde, dêr’t sân pleatsen en in stikmannich arbeidershuzen yn iepen fjild steane. Les yn in bûthús of húskeamer. Wij skriuwe noch ‘visch’, mar op ien fan de lessen seit ‘Lange Sjoerd’ Hibma risselút: ,,lt is vis sûnder ch omt dy ch út it Dúts komme.” Wy krije fan him rekkenjen en taal.

Yn it bûthús

Kij
Bûthús fan Jan Okkes Postma.

Ik sjoch It needlokaal yn ‘t bûthús noch foar my, ik rûk it ik hear de lûden, yn it waarme grut bûthús fan Jan  Okkes Postma. In lange rige tefreden stinnende kij. De bisten steane of lizze mei de kont nei de bûthúsflier. De kowesturten sitte fêst oan in sturtline en hingje frij boppe de groppe. Stront yn ‘e groppe. Tusken ús en de kowekont hinget in âld kowedek om ús mei ús rekken- en taalboekjes tsjin strontspatten te beskermjen.

Master Sjoerd Hibma hat it foar de moade om hiel lang te bidden. Mar de earste kear dat er yn ’t  bûthús stiet te bidden duorret it hiel koart. As der in ko skyt of miicht, hâldt er ynienen op. Wy. moatte ûnder it bidden perfoarst de eagen ticht hâlde, mar hjir weagje ik it en loer om my hinne… En wat docht bliken? De kij hâlde ûnbeskamsum de eagen iepen en dogge mar. Hoe steane de bisten ûnder en boppe de wet,

En sa begjint, deun by en midden yn ‘t gebed, in ko te skiten. Yn de oarloch skite de kij stiif, om’t der gjin krêftfoer fuorre wurdt. Dat de brod falt mei in droege plof yn e groppe Amen

Ik hear it giseljen fan de sturtlinen, it grinen fan in keal, it klinken fan amers fierderop. Wilens dogge wy o sa ús bêst om dochs de sommen en de taal te learen. Ommers, de Dútsers kinne fan alles besykje, mar dom sille se ús net krije.

HYLKE SPEERSTRA

Mei tastimming fan Speerstra oernomen út de Ljouwerter krante fan  24-12-1994.

LAAT EEN REACTIE ACHTER