Tsjerkwerter Leen Huisman ,,eksperimintearret mei hout”

0
1742
Huisman Leen.

As ik op de ôfsprutsen tijd by Leen Huisman ût Tsjerkwert yn ‘e skuorre stean is hy krekt dwaende mei it meitsjen fan in krúsbôge. Sa’n krúsbôge brûkten se yn ‘e midsieuwen om inoar kâld to meitsjen.

“IT MOAT NET TE MAKLIK GEAN”

Uit Kontakt van 5-2-1977

Soks soe mei dy fan Leen ek noch wol kinne. ,,Fan tsien meter ôfstân giet sa’n pylkje nei alle gedachten dwers troch in earm hinne”. In prachtich moardwapen dus. Mar sa bisjocht Leen Huisman synskepping net. Oars wie er der grif koarter mei dwaende west as trije jier.

Leen 2
Leen mei syn krûsbôge.

Dizze 30-jierrige learar hannenarbeid giet it net sa sear om syn einprodukt, mat mear om it meitsjen sels”. De tii spilet foar my gjin rol. Sa is hy bygelyks oan it slot fan syn krûsbôge wol oardel jier dwaande west. Net allinnich it slot is dêrby ûnderdieltsjes foar ûnderdieltsje sels makke. Né, ek it ark dat men dêrby nedich hat, is foar in grut part eigen fabrikaat. It materiaal dat er brûkt is net ôfkomstich fan ien of oare hobbysaak. It is fakentiden materiaal dat alris earder brûkt is. Yn de krûsbôge bygelyks binne tafelblêdden fan it Kimswerter kafé en ûnderdielen fan in âlde bakfyts ferwurke. ,,Ik fyn in prachtich om te wurkjen mei ark, dat yn it produksjeproses ôftanke is”.

Konsintraesje
Mar werom sa’n omslachtige wurkmetoade? ,,As ik dingen meitsje, dan is foar my it wichtichste, dat ik dwaande bin mei natuerlik materiaal, dat ik mei dat materiaal dingen doch dy ‘t binnen myn mooglikheden lizze en dat ik my der folslein op konsintrearje kin”. Huisman hâldt him foaral dwaende mei it meitsjen fan krúsbôgen en angels, ,,want”, sa seit er, ,,in angel en krûsbôge steane my foar konsintraasje”. Ek tekent hy wol gauris. ,,Eins bin ik konstant dwaande mei lytse karweike yn en om it hûs. Ik fyn it wichtich, dat minsken dat kinne, it opknappen fan dy lytse kerweikes. Ik besykje ek tidens myn lessen de minsken de praktyske tapassing fan it materiaal by te bringen. Troch it praktysk wurkjen mei materiaal wurde je je nammentlik ek mear bewust fan jins mooglikheden. As men net wit wat men wol, of kin, dan kin men ek net Witte wat in oar wol of kin. Yn de handenarbeidles besykje ik de bern ek in thema te jaan, dêr ‘t se harren eigen probleem yn kieze kinne, bygelyks it fullen fan in lege romte mei bepaelde materialen”. Huisman sjocht kréativiteit net as eat spesjaals, eat eksklusyfs: ,,lt begjint by hiele simpele dingen, lykas skjinmeitsjen fan dakgoaten”. Hy hat in glûpende hekel oan it wurkjen mei sêft materiaal. Hy hâldt it meast fan hurde materialen. ,,It moat net te maklik gean. Dat leit my net”.

Smaekmaker
Berne as soan fan in timmerman (,,ik bin opgroeid yn de sfear fan houtkrullen; altyd ha ik witten wat filen, skrobseagen en settangeii wiene”), folge Huisman earst de Mulo en dernei de kweek. De kweek lei him net en doe is hy nei trije jier oerstapt op de akademy foar yndustriële foarmjouwing yn Eindhoven. Dy oplieding duorre fiif jier en dy fiif jier hat er wol folmakke, mar it gie op it lêst wol swier. ,,De studzje op sich fûn ik net sa swier, mar it joech  my net in soad befrediging. Op dy skoalle leart men it ûntwerpen fan massaprodukten: fan in stofsûger oant doarknoppen ta. Dit alles mei it doel om by de studint in mentaliteit to kweken, wêrmei en alle problemen op it mêd fan produktenmeitsjen op syn eigen wize benaderje kin, de saneamde ûntwenpmentaliteit. It wie my allegear to saeklik. To bekakt ek. Dou moast moaije dingen rneitsje. Dingen dy ‘t elk moai fynt. In moadejonge in smaakmaker moast wurde. Ik wie dat net. Moaije dingen en ûtkuerde foarmen sizze my net in soad. Ik mocht wol graech dingen meitsje, mar ik ynteressearre my benammen foar it materiaal, fral foar hout. Hout is foar my in symboal fan kwaliteit en natuerlikheid. Nou nôch besykje ik safolle mooglik houtsoarten byinoar te krijen, al wurkje ik ek in soad mei metaal”.

Net op drift
Nei syn Eindhovense tiid gie Huisman nei Grins ta, nei de akademy foar byldzjende kunst ,,Minerva”. Dêr helle er syn m.o.-A en m.o.-B Handenarbeid en doe waerd er learaar hannenarbeid. Optheden jowt er les oan de Oranje-Nassauskoalle, in opliedingsskoalle foar binnen~, Rijn- en kustfeart. yn Harns. Ek jowt er les oan ‘e Havo/Atheneum yn Boalsert, it Jan Brugmankolleezje. Togearre mei syn frou Ella wennet en yn it hûske yn ‘e bûtenwiken fan Tsjerkwert, deun by de feart. In moai plakje, binammen ek om ‘t er wol graach fiskje mei. Net frjemd dus, dat er him neist krûsbôgen benammen op angels spesjaliseare hat. Spesjaliseare is eins it wurd net, hy neamt it sels kanalisearjen. ,,Ik woe net dat ik op drift rakke mei aktiviteiten”. Literatuer oer it meitsjen fan angels is neffens him slim te finen. Wol is der in soad skreaun oer it sportfiskjen sels. De literatuer dy ‘t den te finen is, is benammen Ingelsktalige literatuer. Lyksa is de literatuer oer krûsbôgen foar it grutste part Ingelsk. Neffens de boeken waerden yn de 19e ieu de angels fral fan hout makke. Sels makket er se ek fan hout, ,,Myn wurk yn de skuorre is ien grut eksperimint mei hout, man  wat de angels oanbelanget leau ik, dat ik no wol sa’n bytsje efter de uterste mooglikheden fan it materiaal bin. Myn angels dêr kin net elk mei fiskje. It binne echt angels foar de leafhawwer, mar dat makket se deste weardefoller foan my”.

Yn jierren rekkenje
Ek yn syn krûsbôgen ferwurket Huisman in soad natuer – materiaal, lykas hout, metaal, ivoar, flaeksjern, waaks en fûgelfearren. Dochs is der in ferskil mei it meitsjen fan angels. ,,Ik ha it gefoel, dat je mei krûsbôgen je hiele libben dwaande wêze kinne. Sa’n krússbôge is bewurkliker en ek is der minder literatuer oer te krijen. As men in goeie bôge meitsje wol, dan moat men neffens my yn jierren rekkenje”. En yn jierren rekkent men tsjintwurdich net sa gau mear, bynammen yn de yndustry net. ,,Dizze maatskippij sjoch ik as ien grute ferspillende, fersiikte tastân, wat it ferbrûk fan grounstoffen oanbiianget”. Ferspieling dêr docht Huisman net oan mei. Yn ‘e skuorre stiet bygelyks in âld buro út 1920. Dat knapt er no hielendal op. ,,As ik sokke dingen stean sjoch, kin ik dat net litte”. ,,Ferspillen en fersiikjen die efkes letter ek de Fram. Minstens fjouwer minuten foar de tijd y ‘t yn it busboekje stiet, dindere de bus de halte Tsjerkwert foarby, krekt doe ‘t  ik ek oandinderjen kaam om dy bus to heljen. Grrr.

Jan Stelwagen

Vliegvissen en het nieuwe remmen

L.c. 25-10-1989

Vereenvoudiging en perfectionering. Deze twee kwalificaties zijn volgens Leen Huisman (42) uit Tjerkwerd en de in Leeuwarden woonachtige Sikke Postma (46) van toepassing op het door hen zo genoemde syntex Leen Huisman (42) uit Tjerkwerd en Sikke Postma (46) vrijloop-remsysteem, dat zij samen hebben uitgevonden. Het tweetal lijkt hiermee een klapper te hebben geslagen getuige de belangstelling die bedrijven al voor hun vondst hebben getoond.

Leen 3
Leen Huisman en Sikke Postma.

Leen Huisman is al jaren gepassioneerd door vliegvissen, een techniek waarbij de visser het water in loopt om zo dicht mogelijk bij de vis te komen. Met een dynamische werptechniek wordt een speciale, drijvende lijn waar een kunstvlieg aan hangt op hapafstand van de vis geworpen. De visser trekt de vangst langzaam naar zich toe, waarbij de lijn soms remmend wordt afgerold.

Octrooi
Naar eigen zeggen zette de Leeuwarder begin dit jaar in relatief korte tijd ruim dertig ontwerpen op papier. Toen hij zijn systeem voltooide, besefte hij niet dat hij iets volledig nieuws had uitgevonden. Dat begreep Postma eerst toen hij en Huisman de vinding bij de Rijksnijverheidsdienst aanmeldden, die het tweetal adviseerde octrooi aan te vragen. Het Specialistisch Centrum voor Innovaties en Uitvindingen (SCIU) in Rotterdam keurde het ontwerp eveneens. Ook deze instantie concludeerde dat de beide Friezen een primeur hadden. Postma vond een compact systeem uit, waarbij de remdruk op de vliegenreelspoel door een draai aan een knop geheel traploos kan worden verzwaard, terwijl de molen anderzijds ook een vrijloop houdt. Dit betekent een beveiliging van lijnen en hengels, waarop de druk nu geleidelijk groter wordt, terwijl de visser een minder zware inspanning hoeft te leveren. Het duo heeft eerst zeven verschillende vliegenreelmodellen gemaakt, maar de vinding kan op tal van manieren worden toegepast. Postma noemt twee voorbeelden: een hometrainer en het landingsgestel van een modelvliegtuig.

Leen 1
Op 16 september vangt de 31-jarige leraar Leen Huisman uit Tjerkwerd een snoekbaars van 89 cm. Deze vangst zou hem later de eerste prijs opleveren tijdens de door het sporthuis A. P. van der Feer uitgeschreven wedstrijd. Afgelopen vrijdag kreeg de man uit Tjerkwerd uit handen van de heer Anne-Piet van der Feer een waardebon ‘t.w,v. f 50,- en de snoekbaarsbokaal ’78. De tweede prijs was voor Henk Schukken uit Bolsward, Hij ving op 7 oktober een snoekbaars van 84 cm. De derde prijs ging naar Ids Schukken uit Tjerkwerd. Zijn vangst bleek 81½ cm lang te zijn. Op de foto ziet u de prijswinnaar (links) die uit handen van de heer Van der Feer de prijs in ontvangst neemt.

Het SCIU onderhandelt inmiddels namens de twee Friezen met een groot Engels bedrijf. ,,Het feit dat het centrum in Rotterdam de vinding serieus neemt, houdt in dat de kans op succes Vrij groot is”, doet Huisman bescheiden over de ontwikkeligen, die beide mannen mogelijk te wachten staan. Mocht het SCIU niet tot overeenstemming komen met het Engelse bedrijf, dan overwegen Huisman en Postma het remsysteem zelf in produktie te brengen. Volgende week zaterdag presenteren zij hun ‘werpmolens in De Nieuwe Nationale Ideeënbus, een televsieprogramma van Veronica.

LAAT EEN REACTIE ACHTER