Nacht van de Nacht Wandeltocht 24-10-2015

0
505
pkwn3.jpg

We kinne werom sjen op in tige slagge tocht. By alle minsken/bedriuwen op de route wienen de 114(!) rinners fan herte wolkom, tank dêrfoar! Fanút it Waltahûs fia it tunneltsje rjochting kanaal, oer it hiem fan fam. Hiemstra nei fam Witteveen, wêr’t tusken de hynders koek-en-zopie wie. Fuort dêrnei by fam Zijsling tusken de kij alwer wat lekkers, no û.o. sûkelarje en tsiis. Fierder oer Beabuorren en molepaed. Dêr wie in mole iepen, en ek dêr wat lekkers, in stikje fruit dizze kear. Fia de Eksmoarsterdyk, stopljochten fan Boalsert en Hollandiabuert bedarren de rinners by Learloaierij van Buren. Eltsenien fûn it prachtich om dêr nei binnen ta. Om it bedriuw te besjen, om in broadsje te nimmen, en oars wol om it húske.

Oer it fytspaedsje werom nei Tsjerkwert, mar nee, by fam. Huitema mei it pontsje oer de Trekfeart. Op nei fam. Speerstra, yn ‘e stâl fjouwer jongfammen yn overall dy’t de rinners wat te drinken en in stikje tsiis oanbeaden. Ek de melkrobot wie te sjen. Fierder troch de stâl, oer it betonpaad op nei Tsjerkwert. Oer it hiem fan fam. De Wit einige de tocht wer yn it Waltahûs. Dêr wie it noch in skoft gesellich.

De ynlis en jeften ha € 565,00 opbrocht, oanfold troch de diakonij, kinne Voedselbank Bolsward en Needhelp Flechtlingen beide € 300,00 temjitte sjen. Mei tank oan St. WK10 foar it sponsorjen en elkenien dy’t frijwillich mei holpen hat, dat wie geweldich! En fansels tank oan de rinners, sûnder rinners gjin tocht!

Diakonij PKN Tjserkwert/Dedzjum

 

De PKN van Tjerkwerd organiseerde tijdens de nacht van de nacht een wandeltocht door de omgeving van het dorp. Er was veel belangstelling voor de wandeling want het tijdstip was zodanig dat ook kinderen mee konden wandelen. De route liep niet over de bekende paden maar leidde de deelnemers langs smalle paadjes door ligboxstallen en een windmolen. Hier stonden versnaperingen klaar voor de deelnemers. Ook kwam de route langs leerlooierij Van Buren in Bolsward. Het bedrijf had speciaal de deuren opengezet voor een rondleiding. Hier werd ook dankbaar gebruik van gemaakt. Vervolgens liepen de deelnemers door om vervolgens met een pontje overgezet te worden naar de andere kant van de Workummer Trekvaart. Ook hier kwamen de deelnemers nog door een ligboxstal. De route eindigde in het dorpshuis van Tjerkwerd voor een gezellige nazit. Daar werd vol lof gesproken over deze geslaagde en verrassende wandeltocht. Een woord van dank aan de sponsor, St. WK10 en aan iedereen die vrijwillig hulp heeft geboden, super! Zonder wandelaars geen tocht, dus ook alle deelnemers, bedankt! Inclusief een aantal giften heeft de tocht € 565,00 opgebracht. De diaconie vult dit aan tot € 600,00, zodat Voedselbank Bolsward en de Noodhulp voor vluchtelingen beide € 300,00 tegemoet kunnen zien.

LAAT EEN REACTIE ACHTER