Nacht van de Nacht Wandeltocht 26-10-2019

0
990

We kinne werom sjen op in tige slagge tocht. By ferskate bedriuwen op de route en yn de tsjerke fan Dedzjum wienen de hast 100 rinners fan herte wolkom, tank dêrfoar!

Fanút it Waltahûs fia de Waltawei troach de loads en prachtige stallen fan Haarsma, oer de âld dyk en fia Fiskersbuorren op nei de tsjerke fan Dedzjum. In protte bewûndering foar it moaie resultaat fan de restauraasje en ferbouwing. In lyts stikje fierder, op Arkum wiene de rinners wolkom by de famylje Postma, mei in stikje tsiis yn ‘e hân de stâl en kij besjen. Fierder foar de wyn op nei Gietema Fourage, koene de reinkeepkes foar it ljocht helle wurde… By Gietema alle tiid op te skûljen, yn de “klompenwinkel” sa’t in rinner sei, yn de loads mei de graanpletters (tige ynteressant) of mei in broadsje knak yn de oare loads. Dêr wie ek de EHBO-post, op ien blier nei, ha dy in rêstige jûn hân.

Mar doe…… kaam it dreechste stik, mei rein en hurde wyn, troch glysteriche stikken lân mei hjir en dêr in betonpaad en oer it hiem fan fam. Gaastra, bedarren we op Ymswâlde. Fia fam. Speerstra nei fam. Postma, midden yn de stâl stiene de borreltsjes (lekker waarm) of oar drinken klear. De melkrobots wiene te sjen, mar de kei stienen net yn ‘e rij om harren melke te litten, lokkich woene in pear kei wol pottekikers…..

Troch it lân werom nei Tsjerkwert gong frij flot, mar mei noch hieltiten rein en hurde wyn, kaam der in protte wetter mei it Waltahûs yn. Dochs bleau it dêr noch in skoft gesellich.

De ynlis, jeften en kollekte yn de tsjerketsjinst op seintemoarn ha € 644,70 opbrocht, oanfold troch de diakonij, kinne hospice de Kime en Needhelp Flechtlingen beide € 375,00 temjitte sjen.

Mei tank oan St. WK10 foar it sponsorjen fan de ûnkosten en elkenien dy’t frijwillich mei holpen hat, dat wie geweldich! En fansels tank oan de rinners, sûnder rinners gjin tocht!

Diakonij PKN Tsjerkwert/Dedzjum

LAAT EEN REACTIE ACHTER