Pjuttehonk behellet sertifikaat twatalich wurkjen

0
1090

Pjutte-opfang It Pjuttehonk yn Tsjerkwert behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

Op woansdei 6 maart wie it feest op pjutte-opfang It Pjuttehonk yn Tsjerkwert. De lokaasje fan Kids First wurket sûnt begjin 2017 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en hawwe dat mei elkoar fierd. De bern hawwe lekkere taartsjes makke en der wie in foarstelling fan poppeteater Inkipinki. Foar dy aktiviteit wienen ek de beukers fan basisskoalle De Reinbôge útnûge.

Wethâlder Stella van Gent fan Súdwest Fryslân hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ oan de pedagogysk meiwurksters oerlange. De wethâlder sei yn har taspraak: “Dizze lytse bern binne de takomst. It is júst foar harren belangryk dat sy mei it Frysk yn oanrekking komme. Prachtich om te sjen dat pjutte-opfang It Pjuttehonk dat sa serieus oppakt en himsels no offisjeel twatalich neame mei.”

It Pjuttehonk en twatalichheid
Pjutte-opfang It Pjuttehonk falt ûnder Kids First. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. In grut oantal fan har lokaasjes wurket mei in twatalich belied.

It Pjuttehonk hat in lokaal yn basisskoalle De Reinbôge. It twatalich belied wurdt as folget foarmjûn: Anke praat Frysk mei elkenien en frijwillichsters Fenneke en Pietsje dogge dat ek. Foar de beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen, it foarlêzen en it wurkjen mei praatpoppen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op It Pjuttehonk west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing wurdt skreaun: ‘Mar ek Anke hat in tas ûnder de stoel en de bern meie der om beurten wat út helje en sizze wat it is: in burd (alle bern meie efkes fiele hoe sêft as dit is), in miter, in boek mei in krús derop, in cape, in stêf en in hynderke. Anke klaait har oan en freget ûnderwilens wat it ek al wer is. En sa komme alle dingen in pear kear werom. It is in aardichheid om te sjen hoe belutsen as de bern binne. Anke Dijkstra is in kanjer yn it kreëarjen fan moaie aktive taalmominten.’

Yn har einkonklúzje skriuwt de kommisje: ‘It is wol dúdlik dat hjir in moai en ôfwikseljend taaloanbod is. Anke en Pietsje fiele it nivo fan de bern goed oan en kinne dêr goed op ynspylje mei de taal. Der wurdt ek in soad songen mei de bern.’

By it sertifisearringstrajekt krijt It Pjuttehonk begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

LAAT EEN REACTIE ACHTER