Troch elkoar lotsjen partij

0
403

K.F. De Twa Doarpen organisearret in ‘Troch elkoar lotsjen partij’ foar de senioaren en de jeugd. Snein 22 maaie, start senioaren 11.00 oere, start jeugd 13.00 oere. Foar senioaren en jeugd fanôf de kategory welpen (bern dy’t op 1 jannewaris 8 jier en âlder binne). De ynlis is foar senioaren €3,50 en jeugd €2,00.

De partij wurdt stipe troch HAARSMA GROEP, GROND I WEG I WATER I BETON.

Opjaan kin oan’t freedtejûn 20 maaie oan’t 20.00 oere by ien fan’t bestjoer as fia de app! Wy hoopje op in soad dielname en in gesellige dei!! Oan’t snein! Mei sportieve groetnis, bestjoer K.F. De Twa Doarpen. P.s. Meidwaan is op eigen risiko!

LAAT EEN REACTIE ACHTER