Yn Memoriam Gerrit Mulder

0
1139
foto heit l

Wa hie tinke kinnen dat Gerrit Mulder ús sa gau ûntfalle soe. Begien mei it nijs fan Tsjerkwert hiene wy begjin 2010 noch kontakt oer de Skieppesturt. Sels hie er dizze earfolle ûnderskieding trije jier ferlyn noch krigen. Wat wie er dêr grutsk op. Moai wie it dat syn frou dat ek noch meimeitsje mocht.

Wy binne trije jier fierder en allebeide binne se der no net mear. Echte doarpsminsken dy’t harren hert yn Tsjerkwert lizzen hiene. Net opfallend fanwege harren beskieden hâlding, mar wol dúdlik oanwêzich mei saken dy’t net elkenien kin. Gerrit Mulder syn frou Klaske sei ris tsjin my: “Ik pruts mar wat” en as jo dan each yn each stiene mei de risseltaten fan dat krewearjen, dan spruts dêrút ien grutte passy foar nifeljen mei in krektens dy’t djip respekt fertsjinnet. Doe’t it allegearre net mear sa goed woe, wie har man Gerrit har grutte stipe. Pronkstikken fan it boppeste buordsje binne ek no noch de tsjûgen fan har artistike talint.

Mei Gerrit Mulder lizze de kwaliteiten op in oar mêd. Hoewol hy ek kreatyf syn spoaren neilitten hat, lizze syn fertsjinsten dochs foaral op dokumintair terrein. As doarpsskilder moast er, alhiel tsjin syn sin yn, beliis jaan doe’t er foar syn wurk ôfkard waard. Oare saken krigen yn de jierren dy’t folgen folop omtinken. De tún mei al dy beltsjeblommen. Wat har er my wol grutsk rûnlieden by al dy ferskillende soarten lâns. De hiele buorren koe der fan meigenietsje, want de achtertún hong fol! Gerrit wie in man dy’t him sels ferdjippe yn de libbene natoer. In autodidakt soe men him neame kinne. In spesjaliteit waarden de flinters. Nachts wie er op paad mei lekken en lampe om oeral nije oanwinsten op te dwaan. Syn samling wie sa nijsgjirrich dat dy fan hegerhân omtinken krige. No hat it in fêst plak yn it Frysk Natoerhistoarysk Museum yn Ljouwert. Fotografy hearde der ek by. Alle molen fan Nederlân woe er sels op ‘e foto sette. En dêr is er hiel fier mei kommen! Op it lêst sakke dat wat ôf, foaral doe’t it reizgjen beswierlik waard. Kapper Wijma fan Boalsert hie him dêrfoar trouwens al op it paad fan de reprofotografy brocht. Alde foto’s fan Tsjerkwert en omkriten hiene syn belangstelling ek folop en no koe er dy âlde bylden sels kopiearje en yn de doka sels ôfdrukke. De samling waard grut en stadichoan rekke dy kompleet. Fan alles út it ferline hie er altyd goed bewarre, oan rekkeninkjes ta en dy jouwe no in seldsum byld fan ús doarpsferline. De winkeltjes en bedriuwkes fan eartiids komme suver wer ta libben by it sjen fan al dat moais. Gerrit hat dêrmei baanbrekkend wurk dien foar it fêstlizzen fan ús doarpsskiednis. Koartlyn skille er my noch optein dat er de lêste aansichtkaart dy’t noch ûntbruts yn de smaling op ‘e kop tikke hie. Hy wist dat er noch ien wêze moast en ynternet brocht lang om let útkomst. Doe’t er dy dêr tsjinkaam wie in goed bod op in feiling heech genôch om dizze kaart ek foar de doarpsskiednis binnen te heljen.

No’t wy it dochs oer ynternet ha, doe’t Gerrit 70 waard krige er in kompjoeter. Hy wie der al gau paadwiis op makke en sa gie der in nije wrâld foar him iepen, dy fan it sneupen yn de digitale wrâld. “Ik hâld fan rariteiten”, sei er ris doe’t ik by him thús de safolste map mei nijsgjirrich materiaal ûnder eagen krige. Kasten fol mappen, albums en alles kreas ynplakt mei gefoel foar krektens. It moast sa en net oars. Mei de pc wie it al krekt sa. Systematysk waard ynternet ôfstreupt nei nijs oer Tsjerkwert. Doe’t de Ljouwerter krante alles op it web setten hie, koe Gerrit syn gelok net op. Alles wie thús fanút de noflike stoel binnen te heljen. Meiwurkje oan boeken wie him ek net frjemd. It Tsjerkwerter boek, dat al wer jierren útferkocht is, waard mei syn ûnmisbere help gearstâld. Stambeamûndersyk levere kostbere ynformaasje op en krektlyn kaam der, mei syn help, noch in boek út oer de famylje De Boer. Mar hy woe noch safolle mear. Sa wie er noch dwaande mei in boek oer de grêfstiennen fan Tsjerkwert en de website hie ek syn grutte omtinken.

Tsjerkwert mei Gerrit Mulder tige tankber wêze foar alles wat er fêstlein hat, mei grutte leafde foar it doarp. Hy hat ús dêrmei in monumintaal argyf neilitten dat oer de hiele wrâld yn te sjen is troch it warbere wurk fan syn soan Feike dy’t as webmaster fungearret fan in site dy’t drok besocht wurdt. Wa hie dat 80 jier lyn tinke kinnen doe’t de dokter it lytse baaske fan strjitte fiske en thús ôflevere mei it boadskip dat er behurdzje moast. Mei de bêste bedoelings wie er troch syn mem goed ynpakt tsjin de kjeld. Dat de dokter der in Spartaanske wurkwize op neihold hearden wy yn ‘e grôtfolle tsjerke by it oersjoch fan syn rike libben. Wylst lytse Gerrit yn it trepsgat hong, hold de dokter him in mes ûnder ’t gat. Hy moast him omraak fêsthâlde, want oars… De aksje hie risseltaat: Gerrit hat nea wer in sjaal om hân en behurde omraak. Hy is der goed 90 jier mei wurden.

Tsjerkwert is har libbene kollektive ûnthâld kwyt. Wat wist dy man in protte! Foar al dy ynformaasje moatte wy no op de webside terjochte. Sa libbet syn krewearjen ivich oer de hiele wrâld fierder. Lit dat ek de famylje ta stipe wêze by it dragen fan dit grutte ferlies.

Gerrit Mulder
16-10-1919 – 6-1-2010

Gerben D. Wijnja út namme fan de redaksje ’t Skieppesturtsje

LAAT EEN REACTIE ACHTER