Open Monumentendag en Nationale orgeldag

0
112
Orgel

Jawis, op de iepen monumintedei fan 9 septimber spilen neist Fryske mûnen ek oargels foar master op. It ferneamde Van Dam-oargel yn de tsjerke fan Tsjerkwert wie troch de Stichting Organum Friscum útsocht om it oargelbarren op te fleurjen.

Dit oargel mei har folslein klassike opbou is boud yn 1851 en yn 1961 waard it restaurearre ûnder tafersjoch fan de bekende Feike Atsma. Der waard in frij pedaal by boud en de wynkeamer hoegde net langertroch pûstertraper Rinze Meindert de Jong betsjinne te wurden want der waard in motor oanbrocht.

Yn gearwurking mei de Fryske oargeistichting krigen ferskate oargelisten de unike kâns om it oargel hjir te bespyljen. Hja kamen sels út Amersfoart, Montfoort, Almelo en Rijssen. In teken dat dit oargel de kenners oansprekt. De hiele dei troch wie der dan ek oanrin en dat die koster De Jong wakker goed. lt oargelspul waard faak oanfolle mei muzyk fan meireizge muzikanten. Sa koe it barre dat sels Kabouter Plop út de oargelpipen klonk.

Hiel bysûnder en sfearfol
Entûsjast folk kaam der ek oer de flier: minsken dyt bysûnder ynteressearre wienen yn it restaurearre grêfmonumint. Ek kamen der minsken dyt yn de tsjerke famylje lizzen hienen. De grêfstiennen sprekke boekdielen, mar der kaam noch folle mear histoarysk niis achter wei.

Briefwiksel tusken de koster en de famylje giet mar leafst werom oan it jier 1598. Dêryn wurdt sels in ferbining lein tusken de acht godstsjinstoarloggen yn Frankryk en ús doarp. Faaks dat soks noch wol ris yn t Skieppesturtsje oan de oarder komme kin. It binne dy ferhalen dyt ek glâns oan de dei jouwe, neffens De Jong. San hûndert belangstellenden ha dizze dei de tsjerke besocht en geniete fan prachtich oargelspul en moaie ferhalen fan de koster. As gjin oar wit hy niinsken te boeien mei fragminten út de rike skiednis fan tsjerke, oargel en grêfmonumint.

Gerben D. Wijnja

LAAT EEN REACTIE ACHTER