Tsjerkwert

0
174

Geschreven door Grietje Groot-Walstra.

Oeral sjocht men lytse húskes
op ús leave Fryske groun.
Mar net ien hat greater wearde,
as hwer’t ik myn libben foun.

`t Wie in Tsjerkwert, in lyts doarpke,
– mar in stipke op e’ kaert -`
mei it steile tsjerketuorke,
troch griene beammen heal yn `t skaed.

Wer de fûgels yn `e moarntiid
songen, fol fan libbensnocht,
hwer’t ik boarte mei de famkes,
blomkes yn `e greide socht.

0! ik kin dy net ferjitte,
troch de bylden foar myn geast;
want troch dy giet `t herte iepen,
en fiel ik noch memmetreast.

Leaflik doarp, ik wol dy groetsje,
want ik gong  fier by dy wei;
mar dou bliuwst my as de sinne,
dy’t glânzget yn `e simmerdei.

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelTsjoenderij
Volgend artikelNeusje van de zalm