In ferhaal oer de Cahais in Wolsum en Tsjerkwert

0
1420
NR002bboot

Hoe’t dat ferbân is, moat wol efkes ‘útlein wurde. Yn ‘e tiid fen ‘e Republyk fan ‘e sân Feriêne Nederlannen (1579-1795) waarden ek yn Fryslân, in part fan de belêstingen op in nuvere wize oplein en ynfoardere. De Steaten droegen aan ‘e meast biedende de ynfoardering ban dy belêstingen op. De ,,pachter” moast dan sels mar sjen dat er foar himsels dy peinjes fan ‘e lju Ioskrige. Fakentiids tocht er goed om himsels. It sprekt dat is gjin man, dêr’t de minsken folle mei op hienen. Hy like in soad op ‘e tolgearder út ‘e bibel. It wienen yn haadsaak belêstingen op it ferbrûk (bygelyks op bôle, koffy, sâlt, tabak). P. Nieuwland bringt ús yn 1980 mei de útjefte:,,De Quotisatiekahieren” (Fryske Akademy nr. 581) wiidweidich op ‘e hichte.

Dêrneist hie men de oare belêstingen, de floreenrinte en de – reële guodskatting, dy’t ynfoardere waarden troch fan steatswege oanstelde ûntfanger. Yn Wolsum wie dat yn dy tiid (likernôch 1750) Eelke Okkes, boer op Rjemswert. Tsjin dy hierders kaam grutte wjerstân en dat joech, ek yn Fryslânyn 1748 in grutte reboelje (,,pachtersoproeren”). Der moest wat feroare wurde. Dat barde yn 1749, doe’t de hierders steatsamtners waarden, mei in fêst salaris. Doe is ek besocht wurden de belêstingen skapliker te meitsjen, meer nei draachkrêft en nei bernetal. Der waarden yn ‘e doarpen kommisjes ynsteld, dy’t de oanslaggen fêstleine; nei’t men earet alle ynwenners apart ûnderfrege hie. Dêr is yn ‘e praktyk neat fan telâne komd, mar it doe opstel­de register fan de, quotisatie jout (is no in kromke ynsjoch, wa’t yn 1749 yn ‘e doarpen wennen en hoe’t harren wolstân wie.

Yn Wolsum waarden it baron Ringers (grytman), guon foaroansteande boeren en ds. Cahais, dy’t op 30 jannewaris 1749 it register gearstalden. Hja komme na­tuerlik sels op dy list foar. Ik neam harren (tusken heakjes resp. namme, bern âlder as 12 jier, bern jonger as 12 jier en oanslach yn caroligûnen): Wiebren Sierks, een redeljk welgestelde boer: 3-3-51; Reinder Hiddes, ook een redelijk welgestelde boer: 4-3-37; Johan­nes Eelkes, dorpsrechter (op Laard): 3-2-53; Eelke Okkes, een welgestelde boer, ontvanger: 3-6-1; Isaac Cahai, de praedi­kant~ 3-2-31 . Fansels woe ik út it listke jerne meer nammen jaan, mar dât moat ik dis kear oan foarbygean. Guon neam ik: Harmen Jacobs, master-timmerman op Fiifbûs: 5-1-37; Durk Alberts, een arme coterboer, zeer arm: 3-1-19; Jan Ages, een arm schuitevaerder: 3- – 17; Cornelis Jarings, een suitelder, een arm coopman: 2-3-18; ,Meester Thys Halstra, grif de skoalmaster: 2-1-11; 5 wurde ûnderhâlden: 0. Sa te sjen, wie it yn ‘e pastorij gjin fetpot, mar ek gjin honger lijen. Benammen letter net, doe’t hja frijwat fan ‘e famylje urven. Brûke koenê hja ek wol, doe’t béide soannen op studlzje gyngen foar doomny. Ds. Cahai (sa skriuwt er him­tols, net Cahais) stiet yn Wolsum en Westhim en bliuwt dêre syn hbben lang. Krijt er gjin beroppen? Of foldocht it him sa skoan en het er it dêre sa goed, dat er nei feroaring net ûtsjocht? Ik ha dat net krekt útpluze. Noasket it him, dat er dêre mei syn grutte kunde fan Latyn en Gryksk net folie kin? Ik wit it net, wol begryp ik, dat Isaac en Lipkjen mei grute foldwaning op ‘e ûntjouwing fan harrén fjouwer bern werom sjen kinne. Ja, yn 1784 krije hja wol in reis, as de skoandochter yn Tsjerkwert sa hommels en sa jong weirekket. Op 13 augustus 1785 wurdt ds. Isaac Cahai, door een overval (waarschijnlijk door ‘t water in de borst) in minder dan een oogenblik, in volle gezondheid anderszins weggerukt, terwijl hij met de zijnen in eene stigtende samenspraak met veel opgewektheid be­zig was”, Hy wurdt begroeven yn ‘e tsjerke yn Wolsum. Syn grêfstïen leit no yn it foarportaal fan ‘e tsjerke. Men lêst dôrop: Anno 1785 den 13 Augustus stierf de Wel Eerw. Isaac Cahai in den ou­derdom van ruim 64 ,Jaaren, nadat zijn Eerw. den tijd van ruim 40 Jaaren dese gemeente in leere en wandel getrouw hadde voorgedigt, zijn stoflijk deel ligt hier begraven, wagtende eene zalige opstandige”. Wêrom steane der yn ‘e tekst ,,stipjes?’, sil men freegje. Op ‘e grêfstien is noch ûndudlik te sjen, dat der ,,Heer” stien hat en dat is weikapt! Ja, sa woenen de Frânske besetters en de patriotten dat. Yn 1796 wurdt ferordonearre, dat ,,alle adellijke en familiewapens aan en in publieke gebouwen, particuliere huizen, wagens, voertuigen, grafzerken enz. bin­nen zes weken moeten worden verwij­derd.” Alle ,,trotse titels” moatte fuort.

Dat ek ,,Heer” op ‘e grêfstien fan ds. Isaac Cahai! Miende men dêrmei de wrâid te ferbetterjen? Nei it ferstjerren fan har man ferfart Lipkjen Buma nei Frjentsjer, dêr’t hja wol kunde hân hawwe sil. Op 20 maart 1795 bliest hja dêre de lêste siken út. Dêrmei einget de bûn fan ‘e namme Cahai mei Wolsum.

Mar -no moat ik it noch hawwe oer de âldste soan Samuei (berne te Wolsum yn 1746), alwer ien dêr’t wat yn sit. Hy leart yn Frjentsjer en wurdt doomny. Hy wurdt beroppen yn Skuzum en Piaam (yn 1770), mar is yn 1771 al yn Tsjerkwert. Syn opfolger yn Skuzum-Piaam ds. Har­ke Obes Posthumus, hâldt it dêre langer fol (oant 1812 ta!). –

Samuel Cahais, doomny yn Tsjerk­wert en Dedzjum fan 1771-1785
Hy is frijfeint, as er yn 1771 yn Tsjerk­wert komt. Mar al ridlik gau fynt er in libbenspartner. Yn maaie 1772 wurdt yn ‘e Tsjerkwerter tsjerke it houlik mei Froukjen van der Meer ynsegene. Ds. Samuel skriuwt it sels yn yn it trouboek fan Tsjerkwert, mei in tige dúdiike hân fan skriuwen. Froukjen is noch gjin 19 jier. Har heit wie Sjoerd Lieuwes fan Ljouwert, beurtskipper op Wommels, har mem Frietzen Alles. Hja setten har ta wenjen yn ‘e noch mar 25 jier âlde pastorij (boud yn 1748). Men seit, dat er boud is yn Saanske styl, mei in moaie gevel. Lêzer, as je it net witte en as jo es yn Tsjerkwert komme, lit jo each der dan ris oer gean. It is noch in opfallende, deftige huzinge. Yn dy romme pastorij sjogge fiif bern it libbensljocht. 1. Isaac (1773), dy’t letter doomny wurdt û.o. yn Arum; 2. Fritia (1774), fansels neamd nei beppe Friet­zen, mar by in doomny’s dochter moat dy ynfryske namme plak meitsje foar in moaieren-ien. Fritia trout letter yn Lytse­wierrum mei Wibrandus Odolphi, ûnt­fanger fan ‘e belestingen yn Hinnaard. Wat sykje hja ynmoaie, plakjes út!). Wibrandus is in soan fan ds. Pibo Odolphi fan Warkum en Theodora Jo­hanna Eiisabeth Brouwer. Wibrandus en Fritia krije 4 bern, dy’t hast allegearre telâne komme op pleatsen yn ‘e omkriten fan Waaksens, Burchwert en Easterein (Odolphi, Schuuritians). Fan dêrút wreidzje de nammen Fritia en Theodora Johanna Elisabeth ût oermannich Frysk boereslachte. 3. Philippus (1776) wurdt mar 21 jier âld en stjert oan ,,bloed­spuwing”. 4. Marie Magdalena (1778) trout mei in doomny; 5. Sjoerd (1780) wurdt mar in moanne âld.

NR 42 cahais
Isaac Cahais en Maria Louise Romar.

De beskriuwing fan ‘e famylje Cahais Jout oan, dat menig Froukjen yn 1786 yn Britswert stjert. Mar dat witte wy sûnt 1964 better, doe’t de houten flier fan ‘e tsjerke yn Tsjerkwert opbrutsen waard. Doe waard de stien fan Froukjen van der Meer fûn. Hja wie 10 maart 1784 ferstoarn ,,in het dertigste jaar haares ouderdoms. Zij was moeder van vier kinderen, terwijl een vijfde naast haar en de zesde in haar begraven ligt”. Yn 1796 wurdt ek har stien skandallisearre, De oantsjutting: ,,Vrouwe” wurdt fuort­kapt! Yn 1785 ferhuzet ds. Samuel Cahai nei Britswert. Yn 1787 boasket er foar de twadde kear, no mei syn nicht Susanna Cabai. Hy stjert yn 1794.

NR002bboot
Tjerkwerd in 1791.

Wy sille it fierdere libbens ferrin fan de Cahai’s net beskriuwe. It wie allinnieh myn bedoeling sjen te litten, hoe’t in Frânske famylje yn 65 omkriten telâne kaam Dêr wenje ferspraat oer Fryslân noch Cahai’s en hiel wat yn Canada en Argentinië, mar yn Wolsum en Tsjerk­wert binne allang gjin Cahai’s mear, allinnich in pear foamammen binne hingjen bleaun, û.o. Theodora Johanna, Eiisabeth en Fritia. Nimmen sil it my kwea ôfnimme dat ik benammen oan dy lêste namme tige niget ha. Want sa hjit myn frou…

Hjirby bin ik oan ‘t ‘ein kommen fan itjinge ik de lêzers fertelle woe oer it opmerklik feit dat yn e‘ twadde helte fan ‘e achttjinde ieu yn ûs krite dûmny foar de trie komme fan Frânske komôf.

By it skriuwen foelen my dochs jit in pear tinzen yn ‘t sin, wêr’t ik jerne in wurdsje oer sizze wol.

Yn ‘e tiid, dêr’t wy it oer hân hawwe (sa likernôch 1780) stienen ek yn Fryslân tsjinoer inoarren, de patriotten en de oanhingers fan Oranje. Eltsenien wie it der wol oer iens, dat der wat feroarje moast. De boppelaach hie alles te sizzen, de lytse man neat. Mar oft dy feroaring no moast op ‘e wize fan ‘e nijljochters yn Frankryk, dat like de Oranje klanten op neat, wylst de patriotten der alle heil fan ferwachtten. Foar 1787 Iiken de patriot­ten de oerhân te krijen, mar doe helle Willem V help út Dútsklân en doe waarden de buordsjes ferhongen.

NR041
De kerk in 1723.

Hoe stienen de Cahais’ der tsjinoer? De measten hienen noch foar de helte Frânsk bloed yn harren. Men kin sizze, net oars as de oare doomny’s en dy wienen foar in grut part patriottysk. It wie de tijd fan de Ferljochting. Wy neamden niis ds. Pibo Odolphi fan Warkum.. Dy hie it goed te pakken. Yn 1787 waard er troch it gewoane folk Warkum ûtreage. Hy mocht bliid wêze, dat er dêrnei yn Lytsewjirrum in plak fine koe. Mar dan komme de Frânsen yn 1795 Nederlân en Fryslân yn. Ds. Odol­phi is drekt wer yn Warkum werom. Oeral wurde frijheidsbeammen opijoch­te. De ferneamde ds. Eelco Alta ût Boazum springt derom hinne. Mar ek ds. Isaac Cahais fan Rinsumageast dûnset mei de jongfammen om ‘e beam Hajo Tuinhout fan Nijlân wurdt feestlik yn­hjlle. De boeren binne wat fersjchtiger. De Ykema’s fan Westhim hawwe der net folle fidûsje yn, dat dat frjemdfolk en de nije leare fan ,,Frijheit, Gelikens en Bruorskip” in safolle bettere mienskip bringe sille. En hja krije gelyk! As yn 1797 de Fryske doarpen foar de safolste kear sutrige Frânske soldaten oanklaaie en ûriderhâlde moatte, sjogge ek de measte doomny’s wol yn dat hja goed mis west hawwe.

Soenen de Cahais’ yn Wolsum en Tsjerkwert ek Frysk sprutsen haw­we?

Hja koenen it fansels goed ferstean. De Wolsumer Isaac Cahai hat 40 jier yn Wolsum wenne, mei de minsken omgien.

In kiear ferstân hie er. Fan út Ljouwert wie it Frysk him net alhiel frjemd. Miskien is er him yn it begin wolris in wurdsje ûntkomd, mar nei inkelde jieren en faaks moannen ferstie er alles, wat de Wolsumers oan him kwyt woenen. Mar sels Frysk prate? It is tige ûnwierskynlik. Dy taal fan bûthús en strontwein! Dat paste dochs net foar in dûmny! Cahais sil him wol dellein hawwe en oansluten hawwe by itjinge doe wenstich wie: Yn in húshâlding fan minsken, dy’t in goede skoalfoarming hân hienen, spruts men net ,,boersk” mar Hollânsk. By de skoalmaster yn ‘e hûs sil by in inkele wol Frysk brûkt wêze, mar oppassen. Jo moat josels net omleech helje: heit en men koenen de master en it masterke net wêze ,,Vader en moeder”, want der moat op ‘t lêst ûnderskied wêze. By Samuel Cahai yn Tsjerkwert sil it net oars west hawwe. Fansels, ,,boersk” prate koe er as de bêste. Oan syn tolfde­trettjinde jier ta hat hy ommers mei de oare Wolsumer bern op it streekje boarte. Mar yn ‘e romme, kreaze pastorij yn Tsjerkwert waard fansèls hollânsk praat. Men kin de Cahais der gjin ferwyt fan meitsje. Hja koenen mei goed fatsoen net oars.

Dat hat ieuwen sa west en dat bliuwt sa, grif oan 1945 ta. Ds. Hengst, in boere­soan fit Skuzum, dûmny yn Wolsum fan 1895-1943, in kenner en leafhawwer fan ‘e memmetaal, giet trou syn gemeente yn, mar praat steefêst hollânsk. Frysk prate foar in dûmny, dat giet sa tsjin ‘e trie yn. Dan hellet men jinsels nei finderen. Nuver, dy Friezen stekke wolris it boarst foarflt, mar dat hja harren taal sa ferhûddûkje litte! Nej 1945 feroaret der wol wat. Ek by dûmny’s yn ‘e hûs mei Frysk sprutsen wurde. Mar nei 1960 boazet de stoarm wer oan, de iene gjalp nei de oare oerstjalpet it Fryske lân en fret it Frysk oan. De Fries moat wol hiel wat sleauwens fan him ôfsmite, wol er dy floed fan him ôfkeare en de taal, dy’t de measten dochs leaf is, net fertuteazje litte. De saak is nuodlik. Mar ja, de Hollânner sei: ,,Waar het hart vol van is, daar loopt de mond van over” of op syn Frysk: ,,Dy’t jerne brij ite, petearje oer grôt.”

Ds. Isaac Cahai en de belêstingen
Troch Gerben Posthumus

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelPredikanten deel 2
Volgend artikelOnbekende boten