De twinterbolle!

0
797

By in boer te Tsjerkwert mochten hja jouns graach wat sitte te kaartsjen. Hja rekken sa swietsjeswei sa ûnder de tsjoen fan it spul, dat hja fergeaten de tiid wol ris. OP in joun sieten hja wer om’e tafel en it waard noch letter as oars. Ynienen hearde men leven yn’e gong. Ien fan de húsgenoaten docht de doar op en …… dér stiet oan it fan’e gong de twinterbolle!. Kjel komt de man yn’e keamer It bist moast grif losrekke wêze, miende men. Alleman set de gong yn, mar der neat te sjen. En yn it búthûs stiet de bolle fêst op ‘e stâl, as hie er der nea wei west!

LAAT EEN REACTIE ACHTER