Iepenloftspul – Ja, no Hyke?

0
1627

Jierren lyn hiene wy it der al ris oer. Wat soe it dochs moai wêze ris wat fan teater út te fieren by de Beabuorster mole yn Tsjerkwert. Wy ha der aardich tsjin oan skytskoarre mar no is it der dan dochs fan kommen.

Wy hawwe in stik skreaun en hawwe in soad gebrûk makke fan besteand wurk. Besteand wurk fan en oer bygelyks âld-mealders Pier Zijsling en Wyberen Koopmans. Wurk fan Gerben D. Wijnja en Jouke Hylkema. In soad fan dit wurk is te finen op de webside www.tsjerkwert.nl. Derneist hawwe wy ynspiraasje opdien út besiten oan de mole en it gebiet derom hinne.

Wêr giet it oer?
It stik ‘Ja, no Hyke?’ fertelt in ferhaal oer ‘De Beabuorster mole en de striid tsjin it wetter…’. It ferhaal spilet him ôf yn de tiid fan mûnders-pear Wyberen en Hyke Koopmans. Jouke Hylkema sei eartiids -De Beabuorster mole-  it plak dêr’t alles him ôfspilet, wie in plak dêr’t de wetten fan ienfâld en ôfsûndering hearsken. Teminsten, sa fielde dat oan. De bewenners kamen net folle fan it hiem en Wyberen hie altyd safolle te fertellen, dat Hyke oan teater neat te koart kaam.

Wyberen it orakeljende haadpersoan en Hyke sis mar it publyk. Hyke moast altyd de ferhalen fan Wyberen befêstigje. Al wiene dy ferhalen somtiden ek noch sa sterk. Wyberen hie in goed ferstân. Troch de ferhalen fan Wyberen hinne hearre jo ek wat fan ‘e wredens en tagelyk skientme fan ‘e natuer en it minsklike aard. Ferwûndering, lilkens, berêsting, blydskip, it sit der allegearre yn.

Helpsto of helpe jo mei?
Dit spektakel wolle wy graach op en om de molepôle fan de Beabuorstermole organisearje. En wol yn it wykein fan 20 juny 2020 (de langste dei). Wy sykje Tsjerkwerters dy’t ree binne hjir mei-inoar in grut sukses fan te meitsjen. Sa sykje wy in oantal akteurs mar ek figuranten. Handige mannen en froulju dy’t de hannen sa no en dan út de bûse stekke wolle. En oare doarpsbewenners dy’t op hokker wize dan ek hjir wat foar betsjutte wolle.

Liket it dy of jo wat om mei te helpen? Jou it troch fia de folgjende link Ik help mei!. Op foarhân mear witte? Kom lâns tidens ús oerlis  freedtejûn 20 desimber om 20.30 oere yn ‘t Waltahûs. Wy fertelle graach mear oer de plannen.

LAAT EEN REACTIE ACHTER