Keimpe Feenstra

0
803

Een reactie van Keimpe Feenstra op het verhaal van A. Heldoorn-Huisman.

Op myn ynstjûrd stik krige ik ín brief fan Keimpe Feenstra tastjûrd, in âld learling fan my. Ik sels fyn it fantastysk, dat hy op it stikje ‘Ut de âlde doaze’ réaksje jowt, en dat hy de Boalserter krante ek lêst.

Spitigernôch binne der in soad Boalserters, dyt him net lêze! No, ik woe him net graach misse, want Boalsert leit my och sa nei!

Dy nammen, dy’t Keimpe neamt, binne dy fan in neef en nicht fan my .De lêste is ek al ferstoarn. Wat sels ris mei him skriuwe wol, K. Feenstra wennet no te Rotterdam oan de Rozenlaan 5 a. Hy skriuwt:

Achte mefrou Heldoorn-Huisman Of as ik oan mear as sechstich jier (!) werom tink – soe ik sizze moatte: bêste juffer Anny. Want jou ferhaal ,,út de àlde doaze’’ bringt jin tige maklik san lang ein werom, dat bepaalde dingen nochris wer boppe komme.

Jo kinne it leauwe of net mar ik hâld noch fan dropkes! Jierren oanien haw ik san lyts doaske mei swarte ,,piltsjes’’ yn’e búse yn haadsaak as ôfwikseling fan , it smoken, dus om wer in frisse smaak yn e mûle te krijen. Mar dat ik doe yn e earste klasse om in ,piltsje’ frege ha, dat wist ik wierliken net mear. Wat is it al in set ferlyn, hè. Ik hoopje yn juny 69 te wurden, dus san 64 jier tebek siet ik, neist Sjoerd fan Aede Bijlsma (fan e mole) yn de earste klasse. En, wier, ik wìt noch dat jo doe ús juffer west hawwe. Dat dat net sa lang duorre hat, docht ek wol bliken út it skoalle portret dêr’t ik as ien fan de jongsten it laai fêsthâlde mocht. Koart lyn ha ik dat nochris yn e hannen han en âlde bekende gesichten ris wer bisjoen.

Mar dêr steane jo net by. Haad wie doe master Banga en fierder wie mr. Huttinga ús lieder yn de ,lytse skoalle’ (le, 2e en 3e k1asse). Lykwols, master Oebele de Boer haw ik ek noch wol kend. In, yn ús jonge eagen, foarse knappe man mei donker hier. Ik mien dat myn (twadde) mem – Sytske Donia, hantwurkûnderwizeres letter wol mei him toanielspile hat yn Tsjerkwert. Ja, ja, wer bliuwt de tiid! Ferskate âlde nammen ha jo wer neì boppen helle. Pier (en Tsjalke) fan Gosliga; jo foarrider, dat moat Rients Posthumus west hawwe. Wy seine fan Rienk-baas, boarten faak op syn houtbulten by it âld~Hiem, of sieten soms yn syn appelbeammen neist de skoalle tún.

Mar, wa wie dy lytse Pier? Ik ha oas gjin brégewachter kinnen as Tsjalling Nauta (Tsjallings-Brechtsjc.), ús buorlju. En wat in leuk foarfal wie dat, it skûljen by ús heit. Soe ik it komeedzje-spyljen (hwat ik jierren lang dien ha) mûlk fan him leard ha? Sa skriuwende wei geane jins tinzên nei gâns mear nammen en dingen, en sa soe men faaks noch lang trochgean kinne. Dat jo noch sa goed allerhande saken ûnthâlden ha en op papier sette kinne, hat myn biwundering!!

Ut dizze brief, bêste juffer Anny blykt wol dat it my gâns nocht jout en dêrom woe ik jo dat graach efkes witte litte. Mochten wy fan’ t simmer ris yn ‘e buert wêze (mei Pinkster geane wy twa wiken nei Aldemardum) wa wit oft wy net ris oer it Hearrenfean ride.

Myn frou, jo kinne har mûlk wol, Geartsje Althoff, hat ek fan jou stik genietsje kinnen. Sy kin as âld Boalserter ommers ek gâns minsken. Bygelyks Annemie Huisman wie yndertiid ien fan ús freondinnen. En Jan Huisman wie in freon fan myn frous broer K1aas dy’t stoarn is doet hy 22 Wie….) Jitris tank foar alles en folle groetnisse fan e frou, mar benammen fan Keimpe Feenstra, Oant safier dit skriuwen, dat my gâns deugd die.

A. J. Heldoorn-Huisman

LAAT EEN REACTIE ACHTER