Lústerkonsert fan trûbadoer Jan Nota

0
821
Blinder!.jpg

Op snein 22 novimber sil der yn it Waltahûs fan Tsjerkwert in lústerkonsert plakfine fan de Fryske sjonger en lietskriuwer Jan Nota. Op 23 augustus fan dit jier fûn de presintaasje fan Nota syn debuutalbum Blinder! plak. Dizze winter sil hy op ferskate plakken syn lietsjes en de ferhalen dy der efter sitte heare litte. Jan Nota hat de neiging om hjoeddeistige saken fanôf de humoristyske kant te belochtsjen en jout dit in plak yn syn ferskes. Dochs jild dat net foar alles, der bin guon saken  yn it libben wêr’t de emoasje de oerhân hat. Dit wurdt dan ek prachtig yn de lietsjes omskreaun. Al mei al sil it in moaie middei wurde mei in ferskaat oan ferskes, muzyk en ferhalen.

De ynrin is fanôf 15:00 oere, nei ôfrin, rûn de klok fan 17:00, is der noch de gelegenheid foar in hapke en in drankje. Yntree fan dizze middei is 5 euro.
Foar mear ynfo sjoch ek op www.jannota.nl.

De cd ‘Blinder!’ fan Jan Nota kostet 15 euro en is ek te bestellen fia info@jannota.nl

LAAT EEN REACTIE ACHTER