Piet Euzie

0
2426
1278b.Piet Eusie

Wa kin him noch? Piet Euzie die mei syn hânkarre fan of Makkum nei Tsjerkwert roun, om hjir wat âlde rommel op te skarreljen?

Troch waar en wyn
Stevich de pas der yn
Troch stoarm en hite sinne
Hiele einen rinne

Altyd ier op paad
by alle doarren lâns
Der`t hy fodden ynlaadt
Fielt der him wat mânsk

Ivich op`e strún
De karre fierder triuwe
Jûns let wer thús
mar kin net lang bliuwe

Euzie is wat rûngear
Syn goare jas sleept troch de drek
Dy wie eartiids fan in hear
Mar by Euzie stekt dat net krekt

Oh hy skarrelt foar in moai wiif
Oergleon foar in lekker liif
Alle famkes knypeaget hy ta
Mar sels in útskot wol him net ha

Sels mei syn alderlêste rit
Waard hy troch gjin inkel frommes oanskôge
Wyt weilutsen gie hy troch it swiere grit
En waart hy oardel kear om`e tsjerke hinne tôge

Euzie troch: Geartsje Bouma

Piet Euzie by Hylkema Lolle helpt him
Piet Euzie by Hylkema, Jouke helpt him.
Piet Euzie skildere troch Jopie Huisman
Piet Euzie skildere troch Jopie Huisman.

Op in kear stie hy samar by ús yn it hok, drok dwaande om wat fan syn gading te finen. Hy socht nei fodden en izer. Mar jo moasten oppasse dat hy net stikem it wollen guod by it katoen yn die. (Wol wie 5 ct de kilo, katoen 2 ct de kilo) Hjir en der krige er een bakje kofje of wat te iten. Piet Eusie wenne yn Makkum, hy roun eltse dei sa’n 30 / 40 kilometer!

Piet Euzie skildere troch Jopie Huisman
Piet Euzie skildere troch Jopie Huisman.

It docht bliken dat Piet Euzie ek yn Tsjerkwert wenne hat! Euzie syn echte namme wie Pieter Reitsma, en waard berne yn Burchwert op 25-4-1906 as soan fan Douwe Reitsma en Eelkje de Vries. Hy hat nea trout west, en hie as berop keapman en ‘galanterieen venter’ en letter sûnder berop.

  • Foar 1939 a/boord yn Hârns en letter yn Arum.
  • Yn 1939 yn Tsjerkwert (heechst werskynlik yn it achterste gedielte fan it huske fan âlde Tjitte).
  • 1940 Midlum.
  • 1941 Almenum.
  • 1942 Witmarsum.
  • 1947 Makkum.

Hy stoar op 9-10-1971 te Hârns.

Mei tank oan G.Ringnalda

LAAT EEN REACTIE ACHTER
DELEN
Vorig artikelRehoboth 60 jaar
Volgend artikel11 steden oldtimers